In liemkûle of liemput is in gat, al as net fold mei wetter dy't ûntstie troch it ôfgraven fan liem foar it meitsjen fan bakstiennen.

Ien fan de liemkûlen op de Tafelbergheide yn It Goai

Nei de ôfgraving bleaune liemkûlen faak oer. Op dy plakken koe in bysûndere floara en fauna ûntstean. Liemkûlen komme benammen foar yn Oerisel, Gelderlân, Noard-Brabân en Limburch.