Likenis fan it Ferlerne Skiep

De Likenis fan it Ferlerne Skiep is yn it Nije Testamint ien fan de likernôch fjirtich parabels fan Jezus. De likenis stiet yn de evangeeljes fan Mattéus (18:12-14) en Lukas (15:3-7).

Brooklyn Museum - "The Good Shepherd" (James Tissot)

Oanlieding bewurkje seksje

Yn Mattéus folget de likenis op in fraach fan de learlingen wa't yn it Himelske keninkryk it heechste yn oansjen stiet. De oanlieding fan it fertellen fan de likenis yn Lukas foarmje, nei't earder in soad tolgearders en sûnders op Jezus ôf kamen om nei Him te harkjen, de klachten fan Fariseeërs en skriftgelearden dat Jezus him ynlit mei sûndich folk.

De likenis bewurkje seksje

De likenis is mar in pear rigels lang, mar is tige bekend. It giet oer in hoeder fan skiep. Ien fan de skiep dwaalt fan de keppel ôf. De hoeder lit de oare noggenennjoggentich skiep efter om te sykjen nei dat iene skiep en siket krekt sa lang, oant er it skiep fynt. Hy is sa bliid dat it skiep werom is, dat er thús de freonen en buorlju útnoeget om it mei-inoar te fieren.

Utlis bewurkje seksje

Yn Mattéus stiet it ferhaal yn de kontekst fan de minsten ûnder ús. De lytsten moatte net leechlein wurde, want de Himelske Heit wol net dat der ien fan har ferlern giet.

Yn Lukas is de likenis de earste yn in rige fan trije efter inoar. Yn alle trije likenissen giet der wat ferlern: in skiep fan in keppel fan 100 dwaalt ôf, in frou rekket ien fan har tsien munten kwyt en in heit ferliest ien fan syn beide soannen. De klam fan de likenis yn it Lukas-evangeelje leit op de ynkear fan de sûnder, de blidens yn de himel is grutter oer ien sûnder dy't ta ynkear komt as de njoggenennjoggentich rjochtfeardigen dy't gjin ynkear nedich ha. Neffens Lukas 19:10 is de Minskesoan ommers kommen om te sykjen en te behâlden wat oars ferlern gyng.

Goede Hoeder bewurkje seksje

Yn it evangeelje fan Jehannes (10:11-14) wurdt de likenis fan de Goede Hoeder beskreaun. Dernei seit Jezus dat er de "goede hoeder" is. Neffens de wurden fan Jezus jout in goede hoeder syn libben foar de skiep.

Keppeling om utens bewurkje seksje