Lillehammer (plak)

Lillehammer is in plak yn de lykneamige Noarske gemeente Lillehammer, provinsje Innlandet. Lillehammer telt 28.425 ynwenners (2022) en hat in oerflak fan 11,98 km².

Lillehammer
Lillehammer fanôf de Lysgårdsbakken besjoen
Lillehammer fanôf de Lysgårdsbakken besjoen
Polityk
Lân   Noarwegen
Provinsje Innlandet
Gemeente Lillehammer
Sifers
Oerflak 11,98 km2
Ynwennertal 28.425 (2022)
Befolkingstichtens 59 inw./km
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Kaart
Lillehammer (Noarwegen)
Lillehammer

Lillehammer wie de organisearjende stêd fan de Olympyske Winterspullen fan 1994. It Junior Eurofyzjesongfestival fan 2004 fûn ek yn Lillehammer plak.

Skiednis bewurkje seksje

 
Lillehammer út it westen wei besjoen

It gebiet soe al bewenne west hawwe yn de Noarske izertiid. Om 1150 hinne waard mei de bou fan it houten tsjerke Garmo begûn. Yn de omkriten befûnen har ek guon pleatsen yn in delling dy't Birkebeiner neamd waard. Dêr by lâns waard it tatebern en de takomstige kening Haakon IV fan Noarwegen yn 1204 nei Nidaros ferfierd. It plak waard ek neamd yn 1390 as in plak dêr't gearkomsten hâlden waarden. Yn de 18e iuw wie it in drok hannelsplak, en krige it ek de rjochten fan hannelsstêd. Dêrnei krige it op 7 augustus 1827 dan ek echte stedsrjochten. It stedsje hie yn dy tiid likernôch 50 ynwenners mei behuzing.

It stedsje Lillehammer waard op 1 jannewaris 1838 ynrjochte as gemeenteplak op kapittel (Formannskapsdistrikt) fan it omlizzende gebiet. It plakje Fåberg kaam dêr op 1 jannewaris 1964 by.

In ynwenner fan Lillehammer, Thor Bjørklund, fûn yn 1925 de tsiisskaaf út.

De stêd hie begjin 20e iuw in grutte oanlûkingskrêft foar keunstskilders, troch de spesjale ljochtynfal út de heuvels wei.

Lillehammer kaam yn 1973 yn it nijs doe't Ahmed Boushiki, in ûnskuldige Marokaanske ober, fermoarde waard troch de Mossad. Dy waard by ûngelok oansjoen foar Ali Hassan Salameh. Salameh waard fertocht fan belutsenens by de moardpartij fan München by de Olympyske Spullen fan 1972 dêre.

Lillehammer wie yn 1994 gaststêd foar de Olympyske Winterspullen 1994 en de Paralympyske Winterspullen 1994. Dêr hiene de Noarske sporters in protte súkses en de befolking dreamt der fan om ea nochris sa'n súksesfol evenemint organisearje te meien.

De stêd organisearre op 20 novimber 2004 it Junior Eurofyzjesongfestival 2004.

Attraksjes bewurkje seksje

 
Tsjerke fan Lillehammer

It stedsje is fral noch folle mei attributen dy't oerbleaun binne út de perioade fan de Olympyske Winterspullen fan 1994, lykas de skyhellingarena dêr't de iepening en de sluting plak fûn.

  • Maihaugen, in iepenloft museum (de grutste fan Noarwegen) leit yn it hert fan Lillehammer, befettet 187 huzen út ferskate perioaden.
  • Staaftsjerke fan Garmo (om 1150 hinne), ek te finen yn Maihaugen
  • Ut keunstmuseum Flygelet
  • De Skibladner in fan de âldste Radarstoomboaten fan de wrâld, dy draait yn de simmer syn rûntsjes op de mar fan Mjøsa
  • Lysgårdsbakken, de skyskâns dy't brûkt waard foar de Olympyske Winterspullen fan 1994.
  • Sjusjøen, is in grut skyterrein 20 kilometer fan Lillehammer ôf
  • Kommando sintrum (UKS Hærens Samband), trije kilometer noardlik fan de stêd, frij te besjen foar toerisme
  • Rotsbeskilderings by Drotten, flakby Faberg befine har rotstekenings oan de rivier Lågen
  • Tsjerke (út 1882)
  • Noarsk Olympysk museum
  • Bjerkebæk, wenhûs fan nobelpriiswinnares Sigrid Undset, frij te besjen
  • Hunderfossen famyljepark, in famyljepark, leit inkele kilometers fan de stêd
  • Peer Gyntweg, toeristyske rûte
  • De mar Mjøsa

Sport bewurkje seksje

  • Lillehammer IK, iishokkyklup, spilet yn de heechste leagues
  • Faaberg Fotball Lillehammer (F.F. Lillehammer), spilet yn de twadde difyzje
  • Lillehammer skyklup

Transport bewurkje seksje

By de stêd lâns en de Møjsa-mar rint de E6 autodyk út it suden wei nei it noarden: Trondheim en Narvik.

De Noarske spoarbaan (ek wol de Dovrebanen neamd) rint ek by Lillehammer lâns, dêr't him ek in stasjon befynt, de rûtes rinne súdoan nei Hamar en Oslo. Noardoan kin men rjochting Trondheim en Bodø.

 
Panorama oer Lillehammer, sjoen fan de Olympyske skyskâns ôf

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: