List fan Amerikaanske Yndianestammen mei erkenning op steatsnivo

Yndianestammen mei erkenning op steatsnivo binne lânseigen Yndiaanske stammen en erfskipgroepen yn 'e Feriene Steaten, dy't wetlike erkenning genietsje ûnder it regear fan 'e Amerikaanske steat op it grûngebiet wêrfan't hja fêstige binne. Eins hat de Amerikaanske Grûnwet, sa't dy ynterpretearre wurdt troch it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, de autoriteit om mei Yndianestammen om te gean tawiisd oan it Amerikaanske Kongres. Dat lit it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), dat ressortearret ûnder it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken, bepale hokker stammen oft dêrfoar yn oanmerking komme, op basis fan in sântal strange betingsten. Under dy regels genoaten yn 2013 566 stammen federale erkenning (neitiid binne dêr noch ferskaten bykommen). Lykwols hawwe likernôch tweintich fan 'e ôfsûnderlike Amerikaanske steaten eigen prosedueres yn it libben roppen om Yndianestammen binnen harren grinzen te erkennen, wêrby't minder strange betingsten hantearre wurde. Dêrby giet it fansels útslutend om stammen dy't (noch) gjin federale erkenning genietsje.

It is perfoarst gjin tafal dat de measte steaten dy't op eigen manneboet Yndianestammen erkend hawwe, yn it easten fan 'e Feriene Steaten lizze. Dêr sette nammentlik de kolonisaasje fan Noard-Amearika útein, en binne de stammen fan gefolgen lytser en mear assimilearre, en moatte fierder yn 'e skiednis tebek rikke om oan 'e betingsten fan it BIA te foldwaan, wat harren kânsen op it winnen fan federale erkenning in stik lytser meitsje.

Alabama bewurkje seksje

  1. de Echota Sjeroky Stamme fan Alabama
  2. de Machis Neder-Kriik Yndianestamme
  3. de MOWA Troep fan Tsjoktou Yndianen (de ôfkoarting stiet foar "Mobile-Washington County")
  4. de Piqua Sjâny Stamme
  5. de Sjer-o-Kriik Yntratribale Yndianen (foarhinne de Sjeroky fan Súdeast-Alabama)
  6. de Feriene Sjeroky Ani-Yun-Wiya Naasje
  7. de Sjeroky Stamme fan Noardeast-Alabama
  8. de Stjer Clan Muskogy Kriik Stamme

Delaware bewurkje seksje

  1. de Lenapé Yndianestamme fan Delaware
  2. de Nantikook Naasje (foarhinne de Nantikook Yndianestamme, en noch earder de Nantikook Yndiaanske Feriening)

Fermont bewurkje seksje

Hoewol't sûnt 2006 de wet fan Fermont de Abenaky as folk erkend, ynstee fan 'e ôfsûnderlike Abenaky-stammen en -troepen, skonk de Fermontske gûverneur Peter Shumlin koartby steatserkenning oan 4 ûnderskate Abenaky-groepen.

  1. de El-nu Abenaky Stamme (sûnt 2011)
  2. de Koasek Tradisjonele Troep fan de Soevereine Abenaky Naasje (sûnt 2012)
  3. de Nulhegan Troep fan it Kûsuk-Abenaky Folk (sûnt 2011)
  4. de St. Francis/Sokoky Troep fan Abenaky fan Fermont (sûnt 2012)

Firginia bewurkje seksje

  1. de Appalachyske Sjeroky Naasje (sûnt 2014)
  2. de Cheroenhaka Nottowee Naasje (sûnt 2010; foarhinne de Cheroenhaka (Nottowee) Yndianestamme)
  3. de Mattapony Yndianenaasje
  4. de Monekan Yndianenaasje
  5. de Nansemond Yndianestamme (ek wol bekend as de Nansemond Yndiaanske Stammeferiening)
  6. de Nottowee fan Firginia (sûnt 2010; ek wol bekend as de Nottowee Yndianestamme)
  7. de Opper-Mattaponi Yndianestamme
  8. de Patawomek Yndianen fan Firginia (sûnt 2010)
  9. de Feriene Rappahannok Stamme (ek wol bekend as de Rappahannok Yndianestamme, al is der ek in oare, net-erkende organisaasje mei dyseldichste namme)
  10. de Tsjikkahominy Yndianen, Eastlike Ofdieling
  11. de Tsjikkahominy Stamme
  12. de Wolf Creek Sjeroky Yndianestamme fan Firginia (sûnt 2015)

Georgia bewurkje seksje

  1. de Georgiaanske Stamme fan Eastlike Sjeroky (N.B.: der besteane twa oare stammen sûnder erkenning dy't deselde namme drage)
  2. de Georgiaanske Kokeneshv Natsjês Naasje
  3. de Neder-Muskogy Kriik Stamme fan Georgia
  4. de Stammeried fan de Sjeroky fan Georgia

Kalifornje bewurkje seksje

Kalifornje hat gjin formeel belied oangeande de erkenning fan Yndianestammen op steatsnivo. Foar guon stammen hat it Kalifornyske steatskongres resolúsjes oannommen dy't it Amerikaanske regear oproppe om dy stammen federale erkenning te skinken. Hoewol't soks op himsels gjin erkenning troch de steat Kalifornje ynhâldt, noch sokke stammen lykfol hokker rjochten skinkt, eigenje se harsels likegoed gauris de oantsjutting "state recognized" ("erkend troch de steat") ta. Dêrby giet it û.m. om de folgjende stammen:

  • de Hûanenjo Troep fan Missy-Yndianen
  • de Salinan Stamme fan de Monterey en San Luis Obispo Countys
  • de Tongva Naasje (foarhinne de Gabriëlino-Tongva Stamme)

Kentucky bewurkje seksje

  1. de Súdlike Sjeroky Naasje fan Kentucky (sûnt 2006)
  2. de Ridgetop Troep fan Sjâny (sûnt 2009)

Konettikut bewurkje seksje

  1. de Eastlike Pikwot Tribale Naasje (kaam ta wêzen troch de fúzje fan 'e Paukatuk Eastlike Pikwot Yndianen fan Konettikut en de Eastlike Pikwot Yndianen fan Konettikut; genoat federale erkenning 2002-2005)
  2. de Golden Hill Yndianen fan de Paugusset Yndianenaasje (ek wol bekend as de Golden Hill Paugusset Stamme)
  3. de Skatikûk Troepen (sawol de haadstamme as de beide substammen genietsje steatserkenning yn Konettikut)
    1. de Skatikook Stamme
    2. de Skatikook Tribale Naasje

Louisiana bewurkje seksje

  1. de Adai Yndianenaasje (foarhinne de Adai Keddo Stamme)
  2. de Biloksy-Tsjittimatsja-Tsjoktou fan Louisiana (sûnt 2005; foarhinne de Biloksy-Tsjittimatsja Konfederaasje fan Muskogy; sawol de haadstamme as de 3 substammen genietsje steatserkenning yn Louisiana)
    1. de Bayou LaFourche Troep fan de Biloksy-Tsjittimatsja-Tsjoktou fan Louisiana
    2. de Grand Caillou/Dulac Troep fan de Biloksy-Tsjittimatsja-Tsjoktou fan Louisiana
    3. de Isle de Jean Charles Troep fan de Biloksy-Tsjittimatsja-Tsjoktou fan Louisiana
  3. de Clifton Tsjoktou Stamme
  4. de Fjouwer Winen Stamme-Louisiaanske Sjeroky Konfederaasje
  5. de Feriene Hûma Naasje
  6. de Louisiaanske Tsjoktou Stamme
  7. de Pointe-au-Chien Stamme
  8. de Tsjoktou-Apache Stamme fan Ebarb (Louisiana)

Marylân bewurkje seksje

  1. de Piskatawee-Konoi Stamme (sûnt 2012)
  2. de Piskatawee Yndianenaasje (sûnt 2012)

Massachusetts bewurkje seksje

  1. de Chappaquiddick Stamme fan de Wampanoäch Yndianenaasje
  2. de Chaubunagungamaug Troep/Nipmuk Stammeried
  3. de Herring Pond Wampanoäch Stamme
  4. de Nipmuk Naasje
  5. de Pocasset Wampanoäch Yndianestamme
  6. de Seaconke Wampanoäch Stamme

Michigan bewurkje seksje

  1.   de Burt Lake Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen
  2. de Grand River Troepen fan Ottawa Yndianen
  3. de Gun Lake Doarpstroep fan Grand Lake Ottawa Yndianen
  4.   de Mackinac Troepen fan Tsjippewa en Ottawa Yndianen
  5. de Swan Creek en Black River Konfederearre Odjibwe Stammen fan Michigan (genietsje op 't heden inkeld federale erkenning as ûnderdiel fan de Saginaw Tsjippewa Yndianestamme fan Michigan)
  6. de Wiandot fan Anderdon Naasje

Missoery bewurkje seksje

Oangeande it bestean fan Yndianestammen mei erkenning op steatsnivo yn Missoery sprekke de boarnen inoar tsjin. De stammen dy't as sadanich neamd wurde, binne:

  1. de Noardlike Sjeroky Naasje fan it Alde Louisiana-territoarium
  2. de Tsjikkamauga Sjeroky Naasje

Montana bewurkje seksje

  1. de Little Shell Stamme fan Tsjippewa Yndianen fan Montana

New York bewurkje seksje

  1. de Unkechaug Yndianenaasje fan Pûspatuk Yndianen

(Foarhinne fierders de Sjinnekok Yndianenaasje, dy't lykwols yn 2010 federale erkenning wist te bemachtigjen.)

Nij-Jersey bewurkje seksje

  1. de Nantikook-Lenny Lenapé Yndianen fan Nij-Jersey
  2. de Pouhattan-Renapé Naasje fan it Rancocus Yndianereservaat
  3. de Ramapough Lenapé Yndianenaasje (ek wol beken as de Ramapo Berchyndianen)

Dêrnjonken erkent Nij-Jersey ek

  1. de Yntertribale Amerikaanske Yndianen fan Nij-Jersey, in maatskiplike organisaasje dy't om 1980 hinne oprjochte is om Amerikaanske Yndianen út hiele Noard- en Súd-Amearika dy't yn Nij-Jersey libje op alderlei mêd fan tsjinst te wêzen.

Nij-Meksiko bewurkje seksje

  • de Genízaro waarden yn 2007 troch it Nijmeksikaanske steatskongres erkend as in lânseigen groep, wat de wei frijmeitsje moat foar de úteinlike erkenning fan in Genízaro-stamme op steats- of mooglik sels federaal nivo.

Noard-Karolina bewurkje seksje

  1. de Haliwa-Sapony Stamme
  2. de Kohary Yntratribale Ried
  3. de Lumby Stamme fan Noard-Karolina
  4. de Meherrin Yndianestamme
  5. de Occaneechi Troep fan de Sapony Naasje
  6. de Sappony Stamme
  7. de Wakkamou-Sûaanske Stamme

Ohio bewurkje seksje

Oangeande it bestean fan Yndianestammen mei erkenning op steatsnivo yn Ohio sprekke de boarnen inoar tsjin. De stamme dy't as sadanich neamd wurdt, is:

  1. de Troep fan de Feriene Restanten fan de Sjâny Naasje (sûnt 1979)

Súd-Karolina bewurkje seksje

Súd-Karolina is de iennichste steat dy't ûnderskate gradaasjes taheakket oan 'e erkenning dy't op steatsnivo oan Yndianestammen en oare Yndiaanske organisaasjes skonken wurdt. Der binne 3 fan sokke gradaasjes, hjir werjûn yn folchoarder fan ôfrinnende wichtigens.
A. Stammen mei erkenning op steatsnivo:

  1. de Beaver Creek Troep fan Py Dy Yndianen (sûnt 2006)
  2. de Edisto Yndiaanske Stammeried (sûnt 2010; ek wol bekend as de Natsjês-Kussû Stamme fan Súd-Karolina)
  3. de Py Dy Yndianestamme fan Súd-Karolina (sûnt 2006)
  4. de Py Dy Naasje fan Opper-Súd-Karolina (sûnt 2005)
  5.   de Santy Yndiaanske Organisaasje (sûnt 2006; foarhinne de White Oak Yndianemienskip)
  6. de Sumter Stamme fan Sjerou Yndianen (sûnt 2013)
  7. it Wakkamou Yndianefolk (sûnt 2005)
  8. de Wassamasou Stamme fan Varnertown Yndianen (sûnt 2010)

B. Tribale groepen mei erkenning op steatsnivo:

  1. it Chaloklowa Tsjikkesou Yndianefolk (sûnt 2005)
  2. de Eastlike Sjeroky, Súdlike Irokezen en Feriene Stammen fan Súd-Karolina (sûnt 2005; ek wol bekend as de Sjeroky Yndianestamme fan Súd-Karolina)
  3. de Heechlânske Amerikaanske Yndiaanske Feriening-Eastlike Neder-Sjeroky Naasje fan Súd-Karolina (sûnt 2006)
  4. de Natsjês Yndianestamme fan Súd-Karolina (sûnt 2007)
  5. de Py Dy Yndianenaasje fan Beaver Creek (sûnt 2007)

C. Tribale belange-organisaasjes mei erkenning op steatsnivo:

  1. de Amerikaanske Yndiaanske Keamer fan Keaphannel fan Súd-Karolina (sûnt 2006)
  2. it Little Horse Creek Amerikaansk Yndiaansk Kultureel Sintrum (sûnt 2010)

Tennessee bewurkje seksje

De Etowah Sjeroky Naasje waard yn 1978 erkend troch de Tennesseeske gûverneur Ray Blanton, mar dy erkenning waard yn 1991 ynlutsen doe't fêststeld waard dat de gûverneurs fan Tennessee it rjocht net hawwe en ferlien op eigen manneboet erkenning oan Yndianestammen. De Etowah Sjeroky Naasje hold yn 1993 op te bestean. Fan 1983 oant 2000 en jitris fan 2003 oant 2010 hat it regear fan Tennessee in kommisje ynsteld om in gaadlike proseduere op te stellen dy't it erkennen fan Yndianestammen op steatsnivo mooglik meitsje moat, mar yn juny 2010 einige it spul mei rûzje tusken de kommisje en it steatsregear, wêrby't de kommisje op eigen manneboet oergie ta it erkennen fan 6 Yndianestammen, wat neitiid daliks ûnjildich ferklearre waard troch de minister fan Binnenlânske Saken fan Tennessee. De kommisje waard alve dagen letter opheft en sûnt is der op dit mêd gjin foarútgong mear boekt.

Teksas bewurkje seksje

  1. de Lipan Apache Stamme fan Teksas (sûnt 2009)
  2. de Teksaanske Troep fan Jaky Yndianen (sûnt 2015)

Washington bewurkje seksje

  1. de Sjinnûk Naasje (dizze stamme is fêstige yn 'e steaten Washington en Oregon, mar genietet inkeld yn Washington erkenning)

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.