Lloyd Bentsen (folút: Lloyd Millard Bentsen jr.; Mission (Teksas), 11 febrewaris 1921Houston (Teksas), 23 maaie 2006), wie in Amerikaansk jurist, sakeman en politikus fan mingd Deensk-Angelsaksysk Amerikaansk etnysk komôf. Under syn politike karriêre siet er û.m. yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen en yn 'e Amerikaanske Senaat, en wied er minister fan Finânsjes. Bûten de Feriene Steaten waard er lykwols it bekendst trochdat er de Demokratyske fise-presidintskandidaat wie by de ferkiezings fan 1988.

Lloyd Bentsen
politikus
echte namme Lloyd Millard Bentsen jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 11 febrewaris 1921
berteplak Mission (Teksas)
stjerdatum 23 maaie 2006
stjerplak Houston (Teksas)
etnisiteit Angelsaksysk-Amerikaansk
  Deensk
partij Demokratyske Partij
prizen Pres. Frijheidsmedalje 1999
Amerikaansk minister fan Finânsjes
amtsperioade 19931994
foargonger Nicholas F. Brady
opfolger Robert Rubin
Amerikaansk senator foar Teksas
amtsperioade 19711993
foargonger Ralph Yarborough
opfolger Bob Krueger
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
(foar it 15de Distrikt fan Teksas)
amtsperioade 19481955
foargonger Milton West
opfolger Joe M. Kilgore

Libben bewurkje seksje

Jonkheid bewurkje seksje

Lloyd Bentsen waard yn 1921 berne yn it plakje Mission, yn it Teksaanske Hidalgo County, as de soan fan Lloyd Millard Bentsen sr., de soan fan Deenske ymmigranten, en dy syn frou Edna Ruth Colbath. Hy genoat syn oplieding ta jurist oan 'e rjochteskoalle fan 'e Universiteit fan Teksas, dêr't er yn 1942 ôfstudearre. Op 27 novimber 1943 troude Bentsen mei Beryl Ann Longino, in fotomodel en mannekên, dy't er al koe fanôf de middelbere skoalle. Hja krigen trije bern (en hiene by syn ferstjerren, yn 2006, sân bernsbern).

 
Bentsen yn syn iere jierren as senator.

Militêre tsjinst bewurkje seksje

Fan 1942 oant 1945 tsjinne Bentsen ûnder de Twadde Wrâldoarloch as piloat by it Loftkorps fan it Amerikaanske Leger en dêrnei by de Amerikaanske Loftmacht. Dêrby fleach er gefjochtsmissys boppe Jeropa, fanôf de Amerikaanske basis yn it Italjaanske Foggia, û.m. tsjin fûleindich ferdigene Dútske doelen yn Roemeenje, Dútslân, Eastenryk, Hongarije en Tsjechoslowakije. Bentsen waard twaris delsketten, mar kaam beide kearen mei de skrik (en de sjitstoel) frij. Hy einige as kolonel mei it befel oer in squadron fan 600 man mei 15 bommesmiters. Foar syn tsjinst waard him it Distinguished Flying Cross en de Air Medal mei trije boskjes ikeblêden takend.

Iere politike karriêre en wurkpaad yn it sakelibben bewurkje seksje

Nei de oarloch sette Bentsen útein mei in politike karriêre. Earst wied er fan 1946 oant 1948 rjochter fan syn bertekrite Hidalgo County (wat dêr mear in bestjoerlike as rjochterlike funksje is), en dêrnei fertsjintwurdige er it fyftjinde distrikt fan Teksas trije terminen efterinoar, fan 1948 oant 1955, yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. By de ferkiezings fan 1954 besleat er lykwols om net wer mei te dwaan, en begûn er ynstee in wurkpaad as sakeman. Hy ferfear mei syn gesin nei Houston, dêr't er de in fersekeringsmaatskippij de Consolidated American Life Insurance Company (Calico), oprjochte. Teffens siet er yn 'e rie fan bestjoer fan fleantúchfabrikant Lockheed en fan ferskate oaljemaatskippijen. Tsjin 1970 wied er direkteur fan Lincoln Consolidated, in finansjele holding.

Lettere politike karriêre bewurkje seksje

 
Offisjeel portret fan Lloyd Bentsen as minister fan Finânsjes.

By de ferkiezings foar de Amerikaanske Senaat fan 1970 fersloech er earst yn 'e foarferkiezings it Demokratyske swiergewicht Ralph Yarborough, en dêrnei by de eigentlike ferkiezings syn Republikeinske tsjinstanner, de lettere presidint George H.W. Bush. Dêrnei wie Bentsen senator fan 1971 oant 1993. Yn dy hoedanichheid kaam er bekend te stean as in tuskenbeiden Demokraat, dy't sawol it rjocht op abortus, frouljusrjochten en boargerrjochten foar Afro-Amerikanen stipe, as it ferplichte gebed op skoallen, de deastraf en belestingferlegings.

Nei't er yn 1976 om 'e nocht besocht hie en behelje de Demokratyske nominaasje foar it presidintskip, waard him yn 1988 troch de Demokratyske presidintskandidaat Michael Dukakis frege om syn running mate (fise-presidintskandidaat) te wurden. Bentsen stimde ta, en hoewol't hy en Dukakis úteinlik de ferkiezings ferlearen oan 'e Republikeinen George H.W. Bush en dy syn running mate Dan Quayle, makke Bentsen himsels ûnstjerlik mei in útspraak dy't er die by in debat mei Quayle. Dyselde ferlike nammentlik ûnder it oangeande debat syn eigen politike karriêre mei dy fan John F. Kennedy. Bentsen reägearre mei de legindaryske wurden: "Senator, jo binne gjin Jack Kennedy."

Under it regear fan Bill Clinton wie Bentsen fan jannewaris 1993 oant desimber 1994 hast twa jier lang de Amerikaanske minister fan Finânsjes. Yn dy posysje wied er belutsen by it weromkringen fan it Amerikaanske begruttingstekoart en teffens by it sluten fan in wichtige frijhannelsoerienkomst, de NAFTA, mei Kanada en Meksiko. Bentsen hie Clinton foarôf dúdlik makke dat er net ree wie en sit de hiele termyn as minister út, en doe't syn sûnens geandewei 1994 efterút gie, stapte er oan 'e ein fan it jier op. Yn 1998 waard er troffen troch twa oerhalen efterinoar, dy't syn mobiliteit beheinden ta tige koarte stikjes en him foar gruttere einen ôfhinklik makken fan in rolstoel. Yn 1999 kende Clinton him de Presidinsjele Frijheidsmedalje ta, de heechste boargerlike Amerikaanske ûnderskieding. Bentsen ferstoar op 23 maaie 2006 thús yn Houston, yn 'e âlderdom fan 85 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.