Lois McMaster Bujold

Lois McMaster Bujold (Columbus (Ohio), 2 novimber 1949) is in Amerikaanske skriuwster fan mear as fjirtich romans, novellen, koarte ferhalen en essays. Har fiksje heart ta de science fiction- en fantasy-sjenres. (Har twadde efternamme wurdt op fonetysk Amerikaansk-Ingelske wize útsprutsen as /buʒo:ld/.) Bujold is skieden en hat twa folwoeksen bern. Se is hikke en tein yn Ohio, mar wennet yn Minnesota. Sûnt de publikaasje fan har earste boek, yn 1986, hat hja har ûntjûn ta ien fan 'e súksesfolste en meast bekroande skriuwers yn har sjenre. Sa hat se fjouwer kear de prestizjeuze Hugo Award foar de bêste roman wûn, wêrmei't se it rekôr fan de ferneamde Robert A. Heinlein silger beliket. Dêrnjonken hat se û.m. in Hugo Award foar de bêste novelle, trije Nebula Awards, trije Locus Awards en in Mythopoeic Award wûn. Boppedat hat se de Skylark Award takend krigen foar har hiele oeuvre. Bujold har wurk is oerset yn teminsten tweintich talen, wêrûnder it Frysk (ien boek) en it Nederlânsk (twa boeken).

Lois McMaster Bujold
skriuwer
Lois McMaster Bujold yn 2009.
Lois McMaster Bujold yn 2009.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lois McMaster
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 2 novimber 1949
berteplak Columbus (Ohio)
etnisiteit Frânsk
Skotsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre SF, fantasy, essay's
bekendste
  wurk(en)
The Vorkosigan Saga
The World of the Five Gods
The Sharing Knife
útjouwer Baen Books
HarperCollins Publishers
prizen 5x Hugo Award
3x Nebula Award
3x Locus Award
2x Analytical Laboratory Award
1x Mythopoeic Award
1x Skylark Award
jierren aktyf 1985 – no
offisjele webside
www.dendarii.com

Fierwei it grutste part fan Bujold har wurk kin opdield wurde yn trije searjes, wêrfan't The Vorkosigan Saga it grutste is mei fyftjin romans en fiif novellen (dy't oars allegearre los faninoar lêzen wurde kinne). It binne science fiction-ferhalen dy't likernôch njoggenhûndert jier yn 'e takomst spylje, mei almeast yn 'e haadrol de lichaamlik beheinde ealman, spion, admiraal en ryksauditeur Miles Vorkosigan. De oare beide rigen fan Bujold hearre beide ta it fantasy-sjenre. Yn The World of the Five Gods binne oant no ta trije romans en in stikmannich novellen ferskynd (ek los faninoar te lêzen), dy't spylje yn in Midsiuwskige wrâld dêr't fiif goaden direkte bemuoienis hawwe mei de libbens fan 'e minsken. Fierders is der dan noch de The Sharing Knife, fjouwer boeken (minder goed los faninoar te lêzen) dy't spylje yn in wrâld dy't wol wat wei hat fan in Amerikaansk pioniersdekôr (sis mar it Wylde Westen sûnder fjoerwapens, mar mei boppenatuerlike wêzens en -ferskynsels).

Biografy bewurkje seksje

Komôf bewurkje seksje

Bujold waard berne op 2 novimber 1949, te Columbus, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Ohio. Hja groeide op as jongste bern yn in gesin mei twa bruorren yn it plakje Delaware, op it plattelân yn 'e omkriten fan Columbus, yn in gebiet dat hjoed de dei heal ferstedske is, mar dêr't men doedestiden noch tolve myl ride moast om boadskippen te dwaan. [1] Har beide âldere bruorren binne L. Roy McMaster, in ynvestearringsadviseur, en James A. "Jim" McMaster, in yngenieur dy't syn wurk hat op it mêd fan ûndersyk en ûntwikkeling fan gemyske produksjemetoaden.[2]

 
Columbus, de haadstêd fan Ohio, dêr't Lois McMaster Bujold berne waard, sutdearre en letter jierrenlang wurke.

Bujold is de dochter fan Laura Elizabeth Gerould McMaster (1912-2003) en Robert Charles "Bob" McMaster (1913-1986), dy't trouden yn 1937. Har heit, waans woartels yn Pittsburgh, yn 'e steat Pennsylvania leine, wie natuerkundige en yngenieur en letter perfester laskboukunde en elektroboukunde oan 'e Steatsuniversiteit fan Ohio (Ohio State University), te Columbus, mei mear as trijehûndert publikaasjes en njoggentjin oktroaien op syn namme. As pionier op it mêd fan net-destruktyf ûndersyk levere er as redakteur (wat fakentiden op it hielendal op 'e nij skriuwen fan 'e oanbeane stikken delkaam) in ûnbidich grutte bydrage oan sawol de earste as de twadde edysje fan it monumintale Nondestructive Testing Handbook (útjûn troch de American Society for Nondestructive Testing), dat yn 'e Amerikaanske wittenskiplike wrâld in begryp is en dat oerset is yn it Frânsk, Spaansk, Russysk en Sineesk. Yn 'e Feriene Steaten is it better bekend ûnder de nei Bujold har heit ferwizende ûnoffisjele titel McMaster on Materials.[3]

Yn it neiwurd fan 'e omnibus Young Miles skriuwt Bujold dat har heit njonken syn ûndersyk en kolleezjes "bybeunde" (har wurd) as de twadde tillefyzjewaarman yn 'e Feriene Steaten, op Channel 10 Columbus (1950-1964). Hja seit dêroer fierders: "Doe't it programma foar it earst op 'e tillefyzje kaam, duorre it waarsegmint in kertier en hy soarge der dan altyd foar dat er dêr behalven de waarsfoarsizzing ek in koarte meteorologyles yn troppe. Hy wie sa goed, dat de piloaten fan it Strategysk Loftkommando op 'e Loftmachtbasis Lockbourne it foar de moade hiene en belje him op foar in waarberjocht foarôfgeande oan harren flechten, mei't se foar waarsfoarsizzings oan him de foarkar joegen boppe harren minder betroubere militêre boarnen, oant harren lieding derefter kaam en der it near op lei."[4]

Jonkheid bewurkje seksje

Al fan jongs ôf oan wie Bujold in letterfretter; se "waard fereale" op it lêzen fan boeken yn 'e trêde klasse fan 'e legere skoalle. Dat barde frij abrupt nei't se op in stuit tafalligerwize ûntdiek dat se har net hoegde te beheinen ta de tinne boekjes mei mear plaatsjes as tekst, dy't by de fêste besiken oan 'e skoalbibleteek foar har klasse klearlein waarden, mar dat se elts boek útsykje mocht dat dêr yn 'e kasten stie. Dat hoegde har net twaris sein te wurden. Yn it begjin hiene benammen hynsteferhalen (bgl. fan Walter Farley) har foarkar, wat fuortkaam út har leafde foar har eigen skimmelponny, dy't se Sunny neamd hie. Mar op har njoggende begûn se science fiction foar folwoeksenen te lêzen, eat dat neffens har te witen is oan har heit. Dy mocht nammentlik graach science fiction-boeken en -tydskriften keapje om ûnderweis yn it fleantúch te lêzen as er earne as adviseur byroppen waard, wat gauris barde. Dy boeken en tydskriften tommelen dan letter thús om oant in lêsgraach jong famke se har taeigene.[5] Letter wreide har smaak kwa lêsfoer him út ta û.m. fantasy, detektiveromans, reisferhalen, românses, skiednis, oarlochsromans en poëzij.[6]

Bujold har earste besykjen ta skriuwen kaam oan it begjin fan 'e middelskoalle (junior high school of middle school), it skoalnivo dat yn 'e Feriene Steaten tusken it leger ûnderwiis (elementary school) en it fuortset ûnderwiis (high school) yn sit. Dêrby gie it yn it begjin noch fral om fragmintaryske imitaasjes fan har favorite auteurs.[7]

Nei de middelskoalle gie Bujold nei de Upper Arlington High School yn Upper Arlington, in noardwestlike foarstêd fan Columbus, en behelle dêr yn 1967 har middelbere-skoaldiploma. De hiele middelbere skoalle troch wurke hja mei har bêste kammeraatske Lillian Stewart gear oan 'e ûntwikkeling alderlei lange ferhaallinen, dêr't se mar lytse stikjes fan útwurken, al monopolisearren se der faak de typmasine en bânrekorder fan har geduldige heit foar.[8]

As hichtepunt fan har middelbere-skoaljierren beskôget Bujold de reis dy't se mei har âldelju en bruorren makke nei Jeropa, yn 1965.[9] Sels seit Bujold dêroer: "Hoe't ik krekt as fyftjinjierrige tastimming losweakke om foarôfgeand [oan dy famyljefakânsje] trije wiken lang mei myn 21-jierrige broer troch Ingelân te liftsjen, dêrby de rûte fan 'e jongereinherbergen folgjend en libjend op fiif dollars deis, heucht my no net mear, hoewol't ik fermoedzje dat ús mem der foargoed troch traumatisearre rekke is." Se besochten û.m. Oxford, dêr't se sa let by de jongereinherberge arrivearren dat se foar de tichte doar kamen en de heale nacht op in bankje yn it park trochbringe moasten, oant in pleatslike bobby harren by de jongereinherberge oer de bûtenmuorre hinne holp omdat er de studint net fine koe dy't de kaai fan 'e bûtendoar hie. De oare deis giene se nei Stratford-upon-Avon, it berte- en stjerplak fan Shakespeare, dêr't se dy syn Leafde's Lêst Net Leanne (Love's Labour's Lost) seagen, opfierd troch de Royal Shakespeare Company, al ferdodze Bujold har broer it grutste part fan dat toanielstik. Bujold: "Letter op 'e reis metten we ús heit en mem yn Parys, en myn broer wie aardich opluchte dat er my by harren dumpe koe. Hy reizge dêrnei noardoan op 'e tomme om efter de Finske fammen oan, wylst wy yn in hierauto nei it suden setten."[10]

 
De Ohio State University, dêr't Lois McMaster Bujold studearre (1968-1972) en letter wurke as aptekersassistinte (1972-1978.

Yn in boekhannel yn Rome kocht hja in twaddehâns boek dat Tolkien syn It Selskip fan de Ring bliek te wêzen. It wie in grutte teloarstelling foar har, want it ferhaal stoar op 'e ein samar wat fuort en nearne yn it boek (útsein ûnderoan fuortstoppe yn it stikje "oer de skriuwer", dat sy fansels net lies) waard fernijd dat it gie om it earste diel fan in trilogy. In healjier letter fûn se tafallich yn in boekhannel yn Columbus de byhearrende oare dielen, in momint dat har noch hierskerp bystiet om 'e oerstjalpjende blydskip dy't se doe fielde. It lêzen fan Master fan Alle Ringen (The Lord of the Rings) sette har der datselde jiers noch ta oan om te besykjen har eigen Tolkieneske epos te skriuwen (noch wol yn fersfoarm), mar it die bliken dat dat net libbensfetber wie.[11]

Folwoeksen Libben Foarôfgeande oan 'e Skriuwkarriêre bewurkje seksje

Fan 1968 oant 1972 folge Bujold kolleezjes oan 'e Steatsuniversiteit fan Ohio, te Columbus. Fanwegen har sigesaagjende stúdzjekoerts, mei ferskate feroarings fan haadfak (Ingelske taal- en letterkunde, biology, ûnderwiiskunde en farmaseutyske genêskunde), ferliet se de universiteit ta ein beslút sûnder ôfstudearre te wêzen.[12] "Myn hert lei yn it kreätive, en net yn it beoardieljende part fan 'e dingen," seit Bujold dêr sels oer.[13] As har eigentlike oplieding beskôget se lykwols it lêzen fan fiif boeken wyks, tsien jier efterinoar, út 'e ûnbidich grutte universiteitsbibleteek, njonken wat se al lêzen hie ear't se op 'e universiteit kaam en wat se troch de jierren hinne fan har heit leard hie.[14] Yn dyselde tiid makke hja fanwegen har belangstelling foar de libbene natoer en close-upfotografy ek in seis wike duorjende biologystúdzjereis nei East-Afrika.[15]

Nei't se har stúdzje deroan jûn hie, wurke Bujold as aptekersassistinte yn it Steatsuniversiteitssikehûs fan Ohio (the Ohio State University Hospitals), wêrmei't se har tagong ta de universiteitsbibleteek behold. Fan skriuwen kaam yn dy jierren net in protte telâne, útsein de Sherlock Holmes-imitaasje The Adventure of the Lady on the Embankment, dy't úteinlik sechstich siden berikte.[16]

Underwilens hie Bujold yn 1969 de subkultuer fan it science fiction-fandom ûntdutsen, dêr't se har daliks yn stoarten hie. Sa kaam hja yn 'e kunde mei in oare science fiction-leafhawwer, John Fredric Bujold, mei wa't se op har twaentweintichste, yn 1971 troude.[17] Yn 1978 naam se ûntslach om mei him in gesin te stiftsjen en befoel in jier letter fan har dochter Anne. Har soan Paul waard yn 1981 berne. Fan 1980 ôf wenne se mei har gesin yn it stedsje Marion, yn Midden-Ohio, 80 km benoarden Columbus.[18]

Iere Skriuwkarriêre bewurkje seksje

Yn dyselde snuorje begûn Bujold har âlde skoalkammeraatske, dy't tsjin dy tiid troch har eigen houlik Lillian Stewart Carl hiet, wer te skriuwen en wist al rillegau har earste boeken útjûn te krijen. Bujold seach dat en betocht dat sy dat sels ek wol oprêde koe. As húsfrou mei twa lytse bern hie se it oan 'e iene kant drokkernôch, mar oan 'e oare kant koe se fierhinne op eigen manneboet har dei yndiele en boppedat wie dit in hobby (sa't se it doe noch seach) dêr't foarôf gjin jild yn ynvestearre hoegde te wurden. Dat wie ek mar goed, want it jild wie har yn dy dagen krappernôch.[19] It wie op Thanksgiving Day 1982, by in besyk oan har âldelju, dat se by wize fan it útprebearjen fan in nij stik boartersguod in pear alineä's typte op har heite nije typmasine. Dat wiene de earste (sij it letter fuortredigearre) wurden fan 'e novelle Dreamweaver's Dilemma, dy't se as oefening skreau ear't se noch datselde jiers serieus fan wâl stiek mei har skriuwkarriêre.[20]

Se ûntdiek al mei gauwens dat it wurk har te dreech wie om der mar wat as hobby by te dwaan en besleat om inkeld mei serieuze professionele erkenning genoegen te nimmen. Sels seit se dêroer op har offisjele webside: "Wat der ek dien wurde moast, op it mêd fan skriuwen, werskriuwen, snijen, redaksjonele analyze en op 'e nij besykjen, ik wie wisberet om it te learen. Dit wie in ûnbidich fruchtbere perioade yn myn groei as skriuwster, en folslein ûnsichtber foar bûtensteanders."[21]

 
Lillian Stewart Carl, Bujold har skoalkamme-raatske dy't krekt as sysels skriuwster waard, en dy't in krúsjale rol spile by Bujold har súkses.

Bujold skreau har earste roman, Shards of Honor, mei help en stipe fan Lillian Stewart Carl en in oare science fiction- en fantasy-skriuwster, Patricia "Pat" Collins Wrede. Stewart Carl hie dyselde kennen leard op 'e Worldcon (wrâldkonvinsje foar science fiction- en fantasy-literatuer) fan 1982, yn Chicago. Fia har kaam Bujold ek mei Pat Wrede yn 'e kunde, dy't ien fan har earste proeflêzers waard.[22]

Shards of Honor kaam ôf yn 1983. Bujold har twadde roman, The Warrior's Apprentice, folge it jiers dêrop, har trêde roman, Ethan of Athos wer in jier letter, en tuskentroch skreau se ek noch in pear koarte ferhalen. Underwilens rekke hja behelle yn it pynlik stadige proses fan it sykjen nei in útjouwer. Ein 1984 slagge it har om Barter, it trêde fan har koarte ferhalen, publisearre te krijen yn The Twilight Zone Magazine, wat de alderearste kear wie dat har skriuwen jild opsmiet.[23]

Ien fan 'e útjouwerijen dêr't Bujold The Warrior's Apprentice hinne stjoerd hie, wie Baen Books, fêstige yn New York. Net dat se wat fan dy útjouwerij ôfwist, mar Lillian Stewart Carl hie de doetiidske haadredaktrise fan Baen, Elizabeth "Betsy" Mitchell, op in konvinsje met, en hie Bujold sadwaande oantrune om it dêr ris te besykjen. Dat resultearre deryn dat James Patrick "Jim" Baen (1943-2006) Bujold yn oktober 1985 ynienen skille mei it berjocht dat er net inkeld The Warrior's Apprentice útjaan woe, mar teffens har beide oare romans, wylst er dy doedestiden noch net iens ûnder eagen hân hie. Yn har in-memoriam foar Jim Baen skreau Bujold: "Troch in opienfolging fan tillefoanpetearen — iksels ferbjustere en yn bytsje paranoïde, Jim tige geduldich — learde ik stadichwei de bysûnderheden en details fan hoe't it besoargjen fan in boek wurket, hoe't royaltyferslaggen wurkje, hoe't boeken oan 'e man brocht wurde, hoe't men oan omslachkeunst komt, en withoefolle oare professionele feardichheden." En sa kaam it dat Bujold har earste trije romans efterinoar útjûn waarden as paperbacks yn juny, augustus en desimber fan 1986 (sadat guon fans earst mar mienden dat hja elts fearnsjier in nij boek skreau).[24]

Lettere jierren bewurkje seksje

It neidiel fan Bujold har súkses yn it publisearre krijen fan har earste trije boeken, wie dat se doe foar de fjirde roman te meitsjen krige mei yntimidearjende ferwachtings fan sawol har útjouwer as har fans, sa't se sels útleit yn it foarwurd fan 'e omnibus Miles, Mutants & Microbes. Likegoed sette se útein mei Falling Free, wêrfan't de haadpersoan, Leo Graf, in laskyngenieur is (om reden dat Bujold dan foar de technyske aspekten fan syn wurk te rie gean koe by har heit en har broer Jim). Se hie likernôch fiif haadstikken skreaun, doe't it needlot tasloech en har heit kaam te ferstjerren oan in hertoanfal. Om't Falling Free nau mei har heit ferbûn wie (Leo Graf is foar in grut part basearre op har heit), rûn hja der doe yn fêst.[25]

Lokkigernôch frege Betsy Mitchell har op dat stuit om in novelle foar de troch har gear te stallen bondel Free Lancers te skriuwen, wêr't Bujold mei gragens op yngie. Sa ûntstie doe The Borders of Infinity, dêr't Bujold in pear moannen mei dwaande wie. Neitiid wie se safierhinne dat se wol wer fierder koe mei Falling Free, dat yn 'e winter fan 1987-1988 as fúljeton yn it tydskrift Analog Magazine ferskynde. Dêrmei wie Bujold fral tige ferguld om't Analog it favorite tydskrift fan har heit west hie.[26] It wie dyseldichste roman dêr't hja har earste priis, in Nebula Award, mei wûn.[27]

 
Bujold har freondinne en kollega-skriuwster Pat Wrede.

The Spirit Ring, in roman dy't yn 1992 ferskynde, waard as earste fan Bujold har boeken útjûn yn in hardcover-edysje. It wie tagelyk ek har earste útstapke nei it fantasy-sjenre, mei't hja foartiid útslutend science fiction skreaun hie.[28]

Datselde jiers rûn har houlik mei John Bujold op 'e klippen.[29] [30] In pear jier nei har skieding ferfear hja, op oantrúnjen fan ferskate freonen, mei har beide bern nei Edina, in súdwestlike foarstêd fan 'e metropoal Minneapolis, yn 'e steat Minnesota, dêr't se oant hjoed de dei ta wennet.[31] [32]

Yn 1995 hie Bujold har earste ûnderfining as blomlêster en redaktrise, doe't se tegearre mei Roland J. Green de koarte-ferhalebondel Women at War gearstalde, dy't letter dat jiers útjûn waard troch Tor Books.[33]

Yn 1996 ferskynde de earste fan har romans as audioboek, te witten Falling Free. Yn it begjin hiene har audioboeken, krekt as alle oaren, te kampen mei in tige behindich distribúsjesysteem en in bombidich en ûnhandich fysyk mediaformat. Minder as tsien jier letter waard der lykwols in frijwol ûnbegrinzge distribúsje oangeande MP3-downloads oer it ynternet mooglik, wêrby't fysike mediaformats alhielendal gjin rol mear spilen. Sûnt 2004 hat Blackstone Audio Books al Bujold har titels yn in audioferzje beskikber makke (en de lêste pear jier foar de skriuwster mear jild yn 't laadsje brocht as papierrene boeken).[34]

Fan likernôch de iuwiksel ôf hat se ek har eigen offisjele, troch tawijde fans runde webside, de saneamde Bujold Nexus (op www.dendarii.com). Yn 2000 ferskynde A Civil Campaign as Bujold har earste e-boek.[35]

Yn it earste desennium fan 'e nije iuw begûn Bujold mear fantasy as science fiction te skriuwen, mei sawol de ferskate kearen bekroande searje The World of the Five Gods as it populêre The Sharing Knife. Nei ferrin fan tiid kearde hja lykwols ek wer werom nei har earste leafde, science fiction, mei CryoBurn en Captain Vorpatril's Alliance.[36] Yn 2010 bewearde Baen Books dat it al mear as twa miljoen eksimplaren fan Bujold har boeken ferkocht hie. Dêrby is de ferkeap fia de útjouwerij Eos/HarperCollins en fan e-boeken, audioboeken en oersettings net meiteld.[37]

Skriuwen bewurkje seksje

Lois McMaster Bujold is ien fan dy auteurs dy't net mei skema's en grutte hoemannichten oantekenings wurkje, mar fierhinne út 'e losse hân skriuwe, in metoade dy't har blykber leit, al is it net sûnder tûkelteammen. Sa jout se oan dat se har skriuwproses ornaris ûnderfynt "as it skreppen fan 'e iene berchtop fan ynspiraasje nei de oare troch dizige dellingen fan ferspijde logika. Ynspiraasje is better — as je deroan komme kinne."[38]

Yn 'e wiken foar't se oan in roman of novelle begjint, makket se mei potlead oantekenings oer personaazjes, plot, eftergrûn, ensfh. op in ferskaat oan papierkes dy't allegear mei-inoar yn willekeurige folchoarder yn in ordner opslein wurde, benammentlik as stipe foar har ûnthâld. Foar de rest fynt de tarieding folslein yn har holle plak. In stikmannich ideeën dy't faaks wol oantreklik, mar net tapasber binne, wurde yn dit stadium oerboard kipere. It eigentlike skriuwen, dat op dizze faze folget, is in folle yntinsiver proses, wêrby't, as de kladferzje ienris yn 'e kompjûter stiet, mar komselden grutte lapen tekst fuortredigearre hoege te wurden. "Dat komt net inkeld om't myn proaza stjurret as beton en ik ferlet haw fan in pneumatyske boar om ferbetterings troch te fieren, en ik it haatsjest, Skatsje, hoewol't dêr ek in elemint fan bestiet." De haadreden is lykwols neffens Bujold dat fierwei de measte ûngerjochtichheden der al yn 'e tariedingsfaze útsuvere binne.[39]

Bujold is tige ynnommen mei har berop, û.m. om't, sa't se yn 'e akseptaasjetaspraak fan 'e Ohioana Library Career Award yn 2007 sei, "skriuwen in tige befrijende profesje [is] — sels jins falen kin men gewoan fan sizze dat it noch ûnbewurke materiaal is." By deselde gelegenheid joech hja trouwens wol oan dat net alles oan it auteursfak har oanstiet: it promoatsjen fan boeken, de konvinsjes en konferinsjes, de reizen en synjearsesjes, de fraachpetearen ensfh., koartom, alles dat tiid ôfgnabbelet fan it eigentlike skriuwwurk, soe sy wol sûnder kinne.[40]

 
In loftfoto fan Minneapolis, Lois McMaster Bujold har wenplak.

As immen dy't foarhinne lêzeresse fan in ferskaat oan searjes wie, is Bujold har tige by tige bewust fan 'e konsekwinsjes fan har kar om in searje te skriuwen. Sels omskriuwt hja it sa: "Dêrby komt noch dat men derfan útgean moat dat lêzers, sa't dat mei mysels ek it gefal wie by it lêzen fan myn eigen favorite searjes, de boeken yn in folslein willekeurige folchoarder tsjinkomme sille. Sadwaande moat eltse roman dy't ûnderdiel útmakket fan in searje sawol in kompleet ferhaal op himsels wêze, as syn unike plak yn 'e groeiende struktuer hanthavenje; it moat twa boeken tagelyk wêze."[41] Der wie ek noch in oar omtinken. Bujold: "Hoewol't ik hope in searje te ûntwikkeljen, doarst ik dêr net op te rekkenjen; boeken út in searje soene mei-inoar driuwen bliuwe kinne, mar se koene ek mei-inoar kopke-ûnder gean, en ik woe my derfan bewissigje dat eltse roman oer in eigen rêdingsboat beskikte."[42] Dêrfandinne dat hast al Bujold har romans en novelles, ek al meitsje se op ien nei allegear diel út fan searjes, goed los faninoar te lêzen binne (mei as mooglike útsûndering de beide earste dielen fan The Sharing Knife (Beguilement en Legacy), mar dy wiene oarspronklik ek as ien trochrinnend ferhaal skreaun en binne inkeld om útjoutechnyske redens faninoar skaat).

Motiven bewurkje seksje

Ien fan Bujold har almar wer weromkearende motiven is it jin ûntwrakseljen oan jins stigmatisearjende lichaamlike of geastlike beheinings. Hiel dúdlik komt dat nei foarren yn it gefal fan Miles Vorkosigan, de haadpersoan yn it grutste part fan The Vorkosigan Saga, dy't slim yn syn ûntwikkeling behindere is, iroanyskernôch troch it tsjingif dat nedich wie nei in gifgasoanfal op syn âldelju, doe't hy noch mar in foetus yn syn memme limoer wie. Hy waard berne mei tige by tige fragile bonken en hat as folwoeksene in lingte fan likernôch 1.45 m. Dêrby libbet er ek noch op 'e militaristyske planeet Barrayar, dêr't foaroardielen en sels haat tsjin lju mei oanberne krupsjes skearing en ynslach binne. Mar hy is heechbejeftige en wit troch syn besieling en klearebare stiifsinnigens alle obstakels op syn paad te oerwinnen.

Inselde sitewaasje docht him foar mei de ienhannige wachtrinder Dag, yn The Sharing Knife. Dy hat net mei foaroardielen tsjin syn hendikep te krijen (al binne dy der wol tsjin syn komôf), mar hy hat al in funksje dêr't syn brekme him parten by spilet. Op in stuit rekket er boppedat ek noch it gebrûk fan syn goede earm kwyt, mar mei heak en brutsen earm is er dochs noch de groep jongemannen te slim ôf dy't him mei geweld fan syn houlik mei Fawn ôfbringe wolle. Letter moat Fawn middenmank Dag syn folk op har beurt tsjin foaroardielen opbokse en leare om te gean mei it feit dat sy dêr de iennichste is dy't oer gjin swymke magy beskikt. Ferlykbere senario's kinne fûn wurde yn The Curse of Chalion, dêr't de ferearmoede ealman Cazaril, foar it libben tekene troch syn tiid op 'e galeien, de trie wer oppakke moat, en yn The Hallowed Hunt, dêr't de mei in wolvesiel oanhelle swurdfjochter Ingrey mei himsels yn it reine sjen moat te kommen.

 
Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

In oar mannichfâld motyf fan Bujold is it omgean mei it hawwen fan in "grutte", d.w.s. in romrofte, heit. Dêrby spylje foar har sûnder mis persoanlike omtinkens in rol, mei't har eigen heit, alteast yn wittenskiplike fermiddens yn 'e Feriene Steaten, wiidferneamd wie. Yn 'e psychology bestiet hjir in namme foar: great man's son syndrome; Bujold, dy't seit dat hja dit ferskynsel sawol yn manlju as froulju waarnommen hat, freget har ôf wêrom't it nea great man's daughter syndrome neamd wurdt.[43]

Yn Miles Vorkosigan, soan fan 'e man dy't efterinoar de feroverder (of slachter) fan Komarr, regint fan Barrayar, minister-presidint fan Barrayar en ûnderkening fan Sergyar is, en pakesizzer fan 'e man dy't suver eigenhandich in ein makke hat oan 'e Cêtagandyske besetting fan Barrayar, is dit syndroom ûnmiskenber. Ek yn Ingrey is dit aspekt, sij it yn lichtere mjitte, werom te finen.

Bibliografy bewurkje seksje

Ingelsktalige bibliografy bewurkje seksje

Bujold har folsleine Ingelsktalige bibliografy, oardere op jier fan (earste) útjefte.[44]

Romans bewurkje seksje

Los (bgl. yn tydskriften) ferskynde passaazjes út romans bewurkje seksje

  • 1986 – Aftermaths (epilooch fan Shards of Honor)
  • 1990 – The Weatherman (ek wol Weatherman, sûnder lidwurd; earste 6 haadstikken fan The Vor Game)

Novellen bewurkje seksje

Koarte ferhalen bewurkje seksje

Ferhalebondels bewurkje seksje

Omnibusedysjes bewurkje seksje

  • 1987 – Test of Honor (omfettet de romans Shards of Honor en The Warrior's Apprentice)
  • 1990 – Vorkosigan's Game (omfettet de roman The Vor Game en de novellebondel Borders of Infinity)
  • 1996 – Cordelia's Honor (oarspronklik Cordelia's Rose neamd; omfettet de romans Shards of Honor en Barrayar)
  • 1997 – Young Miles (omfettet de romans The Warrior's Apprentice en The Vor Game en de novelle The Mountains of Mourning)
  • 2001 – Miles, Mystery & Mayhem (omfettet de romans Cetaganda en Ethan of Athos en de novelle Labyrinth)
  • 2002 – Miles Errant (omfettet de romans Brothers in Arms en Mirror Dance en de novelle The Borders of Infinity)
  • 2007 – Miles, Mutants & Microbes (omfettet de romans Falling Free en Diplomatic Immunity en de novelle Labyrinth)
  • 2007 – The Sharing Knife (omfettet de romans Beguilement en Legacy)
  • 2008 – Miles in Love (omfettet de romans Komarr en A Civil Campaign en de novelle Winterfair Gifts)
  • 2020 – Penric's Progress (omfettet de novelles Penric's Demon, Penric and the Shaman en Penric's Fox)
  • 2020 – Penric's Travels (omfettet de novelles Penric's Mission, Mira's Last Dance en The Prisoner of Limnos)
  • 2022 – Penric's Labors (omfettet de novelles The Orphans of Raspay, The Physicians of Vilnoc en Masquerade in Lodi)

Oare fiksje bewurkje seksje

  • 1995 – Women at War (ferhalebondel ûnder redaksje fan Lois McMaster Bujold en Roland J. Green)
  • 2002 – Prologue to "Diplomatic Immunity" (de prolooch fan Diplomatic Immunity, dy't de skriuwster neitiid út it manuskript snien hat om ferskate opboutechnyske redens, en dy't sadwaande nea publisearre is; fergees te lêzen op www.dendarii.com)
  • 2010 – Love and Rockets (ferhalebondel yn 'e foarm fan in e-boek ûnder redaksje fan Martin H. Greenberg en Kerrie L. Hughes, mei in wurd foarôf troch Lois McMaster Bujold)

Essays bewurkje seksje

  • 1989 – Allegories of Change
  • 1989 – The Unsung Collaborator
  • 1990 – My First Novel
  • 1990 – Free Associating about Falling Free
  • 1992 – Getting Started
  • 1992 – Beyond Genre Barriers
  • 1997 – Mind Food: Writing Science Fiction
  • 1999 – Letterspace (mei Sylvia Kelso)
  • 2013 – Sidelines (in bondel essays, taspraken en oare non-fiksje)

Oar bewurkje seksje

  • 2008 – The Vorkosigan Companion (ûnder redaksje fan Lillian Stewart Carl en John Helfers; in dokumintêre help om 'e lêzer paadwiis te meitsjen yn 'e wrâld fan Miles Vorkosigan; omfettet net earder publisearre artikels, fraachpetearen, foarútblikken op oansteande werprintingen en in ûnbidige alfabetyske ferklearjende yndeks mei de ambysje om alles te beslaan dat ea yn The Vorkosigan Saga neamd is)

Oflaat Wurk bewurkje seksje

  • 2010 – La Saga Vorkosigan volume 1: L'Apprentissage du Guerrier (Bujold har roman The Warrior's Apprentice omwurke ta in (Frânsktalich) stripboek troch tekstskriuwer Dominique Latil en striptekener José Maria Beroy)

Oersettings bewurkje seksje

It wurk fan Lois McMaster Bujold is oerset yn teminsten tweintich talen.[45] Op dit stuit (1 juny 2014) binne boeken fan har oerset yn it:

 
De Fryske oersetting fan The Hallowed Hunt.

Op har offisjele webside hâldt Bujold út, dat se ek yn it Gryksk oerset is, mar dêr is fierders gjin ynformaasje oer foar hannen. Fierders moat noch oantekene wurde dat, fanwegen fertragings fan 'e Ingelsktalige útjefte, de earste publikaasje fan 'e novelle Winterfair Gifts yn it Kroätysk (2002) wie, folge troch de Russyske oersetting (2003) en dêrnei earst de Ingelske ferzje (2004).[46]

Wurk bewurkje seksje

The Vorkosigan Saga bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The Vorkosigan Saga.

The Vorkosigan Saga foarmet Bujold har âldste en omfangrykste searje, dêr't op it stuit (1 juny 2014) fyftjin romans en fiif novellen ta hearre. It is in science fiction-epos, dat likernôch njoggenhûndert jier yn 'e takomst spilet, mei as haadpersoan almeast de heechbejeftige mar lichaamlik hendikepte Miles Naismith Vorkosigan, in ealman fan 'e maatskiplik benefterbleaune planeet Barrayar, wêr't lichaamlike hendikeps krekt grutte foaroardielen oproppe. Syn karriêre makket in grut ferskaat oan fazes troch, wêrby't er û.m. operearret as hierling, militêr, spion, diplomaat, admiraal, ryksauditeur, politikus en keizerlik riedshear.

Yn sân fan 'e tweintich romans en novellen spilet Miles Vorkosigan net de haadrol. Yn twa romans (Shards of Honor en Barrayar) is dy nammentlik weilein foar syn mem, Cordelia Naismith. Captain Vorpatril's Alliance giet oer Miles syn neef, Ivan Xav Vorpatril. Yn Ethan of Athos wurdt Miles inkeld neamd, mar is de haadpersoan syn ûnderhearrige Elli Quinn. Yn 'e novelle Winterfair Gifts komt Miles wol wer foar, mar spilet syn kriichsman Roic de haadrol. En Dreamweaver's Dilemma en Falling Free steane eins hielendal los fan 'e rest fan The Vorkosigan Saga.

De folchoarder wêryn't Bujold de boeken fan dizze searje skreaun hat, komt trouwens net oerien mei de ynterne gronology; dêrfandinne dat se hjirûnder net yn 'e folchoarder fan publikaasje steane.

Dreamweaver's Dilemma bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Dreamweaver's Dilemma (novelle).

Dreamweaver's Dilemma is in thriller dy't spilet op 'e Ierde, likernôch sân- of achthûndert jier foar de berte fan Miles Vorkosigan. De keunstneresse Anias rekket troch har wurk, it tsjin betelling weevjen fan dreamen, behelle yn in misdie.

Falling Free bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Falling Free.

Falling Free spilet likernôch twahûndert jier foar de berte fan Miles Vorkosigan, wannear't quaddies skepen wurde troch genetyske manipulaasje.

Shards of Honor bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Shards of Honor.

Shards of Honor spilet in jier foar de berte fan Miles Vorkosigan en beskriuwt hoe't syn heit en mem inoar moetsje, wylst se oan wjerskanten yn in oarlochssitewaasje steane.

Barrayar bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Barrayar.

Barrayar is it direkte ferfolch op Shards of Honor, en spilet yn it jier fan Miles Vorkosigan syn berte, in ûnlijige tiid op 'e planeet Barrayar, mei in steatsgreep en in boargeroarloch, dy't Miles yn syn foetale stadium mar kwealk oerlibbet.

The Warrior's Apprentice bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The Warrior's Apprentice.

Yn The Warrior's Apprentice is Miles santjin jier. Troch syn lichaamlike beheinings slagget er der net yn troch de legerkeuring te kommen. Op in dêropfolgjende reis wurdt er troch omstannichheden twongen om 'e Frije Dendarii Hierlingen te foarmjen, dy't er fjouwer moanne lang liedt ûnder de namme fan admiraal Naismith, ear't er weromkeare moat nei Barrayar om in gearspanning tsjin syn heit te ferideljen. Neitiid wurdt er fan hegerhân dochs noch it leger ynloadse.

The Mountains of Mourning bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The Mountains of Mourning.

Yn The Mountains of Mourning studearret Miles ôf oan 'e militêre akademy en wurdt dêrnei daliks troch syn heit nei in berchdoarp stjoerd om in moardsaak te ûndersykjen en deroer rjocht te sprekken.

The Vor Game bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The Vor Game.

The Vor Game spilet as Miles tweintich is en fanwegen syn opstannigens foar syn basiskommandant oer arrestearre wurdt foar muiterij. Syn heit, de minister-presidint, lit him dan in skoft "ferdwine" nei de Frije Dendarii Hierlingen, dy't ûnder syn ôfwêzigens aktyf bleaun binne. Hy brûkt de hierlingen letter om Gregor, de útnaaide jonge keizer fan Barrayar, dy't himsels djip yn 'e swierrichheden wurke hat, te rêden.

Cetaganda bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Cetaganda.

Yn Cetaganda is Miles twaentweintich jier en wurdt er as diplomaat útstjoerd om mei syn neef Ivan as fertsjintwurdigers fan it Barrayareeske regear in steatsbegraffenis op 'e planeet Cêtaganda by te wenjen. Hy bemuoit him lykwols mei in moardsaak en rekket behelle yn 'e yntriizjes oan it Cêtagandyske Hof.

Ethan of Athos bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Ethan of Athos.

Yn Ethan of Athos stjoert Miles syn ûnderhearrige by de Dendarii, Elli Quinn, mei ferlof nei Stasjon Kline. Dêr moetet hja dr. Ethan Urquhart, in gesant fan 'e útslutend troch manlju bewenne planeet Athos, dy't útstjoerd is om aaistôkweefselkultueren te keapjen om it fuortbestean fan 'e befolking fan Atos te garandearjen. Tegearre reitsje se belutsen by in Cêtagandysk komplot om ien fan harren projekten op it mêd fan fiergeande genetyske manipulaasje yn 'e dôfpôt te stopjen.

Labyrinth bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Labyrinth (science fiction-novelle).

Yn 'e novelle Labyrinth smokkelet Miles mei de Dendarii yn opdracht fan it Barrayareeske regear in wittenskipper fan 'e anargistyske planeet Jackson's Whole ôf. Mar de operaasje giet net sa't er plend wie en Miles komt mei mear thús as inkeld de wittenskipper.

The Borders of Infinity bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The Borders of Infinity (novelle).

Yn The Borders of Infinity lit Miles himsels finzen nimme troch Cêtagandiërs en ynternearje yn in kriichsfinzenekamp op Dagoola IV. Syn misje foar ImpSec, de Barrayareeske geheime tsjinst, is om út dat kamp in wichtige Marilacaanske fersetslieder te befrijen. It spul rint lykwols wer út 'e klauwen en einlings brekke Miles en de Dendarii alle mear as tsientûzen finzenen út it kamp.

Brothers in Arms bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Brothers in Arms (science fiction-roman).

Yn Brothers in Arms binne de Dendarii nei harren huzarestikje op Dagoola IV troch de Cêtagandiërs withoelang neisitten. Uteinlik berikke se de Ierde om dêr de skippen fan 'e float reparearje te litten. Op 'e Ierde moat Miles tagelyk luitenant Vorkosigan en admiraal Naismith wêze, wylst syn fijannen snoade plannen smeie om him te ferfangen troch in kloan.

Mirror Dance bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Mirror Dance.

Yn Mirror Dance nimt Miles syn kloan-broer Mark syn rol as admiraal Naismith oer en besiket dêrnei de Dendarii te brûken foar syn eigen doelen. As Miles dat ûntdekt en him en de hierlingen rêde wol út 'e swierrichheden dêr't se op Jackson's Whole yn ferkeare, komt er om, al witte syn mannen him noch yn in kryokiste te pleatsen; dy kiste giet lykwols ek ferlern. Mark komt dan foar it earst yn 'e kunde mei syn biologyske famylje en beslút úteinlik werom te gean nei Jackson's Whole om Miles te sykjen en te rêden.

Memory bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Memory (science fiction-roman).

Yn Memory is Miles tritich jier en kriget er op in krityk momint yn in militêre operaasje in epileptyske oanfal, wêrnei't er him derby dellizze moat dat syn resinte dea en kryobehanneling en it dêropfolgjende wer ta libben bringen him ûngeskikt makke hawwe foar fierdere tsjinst as militêr of spion. Mar as it haad fan 'e geheime tsjinst ImpSec in teknoeiende geastlike oantaasting oprint, fermoedet Miles kweawillige opset. Keizer Gregor beneamt him ta ryksauditeur, sadat er oeral syn noas yn stekke mei, en al hiel gaueftich wit Miles derefter te kommen wêr't de ein fêstsit.

Komarr bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Komarr.

Yn Komarr wurdt Miles yn syn hoedanichheid fan ryksauditeur nei de planeet Komarr ta stjoerd, dy't ek diel útmakket fan it Barrayareeske Ryk, om in romteûngemak te ûndersykjen. Hy ûntdekt dêr in gearspanning fan Komarraanske separatisten en komt ûnderwilens yn 'e kunde mei de prûze Ekaterin Vorvayne Vorsoisson.

A Civil Campaign bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side A Civil Campaign.

Yn A Civil Campaign hat Miles it razend drok mei de oankommende brulloft fan keizer Gregor en mei alderlei politike yntriizjes yn 'e Barrayareeske haadstêd Vorbarr Sultana. Lykwols wit er tusken de bedriuwen troch noch tiid frij te meitsjen om om Ekaterin te stykjen.

Winterfair Gifts bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Winterfair Gifts.

De midwinterbrulloft fan Miles en Ekaterin is oansteande, yn Winterfair Gifts. Miles syn kriichsman Roic en serzjant Taura witte in gearspanning te ferideljen om it feest ûntspoare te litten, en reitsje ûnderwilens sels yn in romantyske relaasje fersyld.

Diplomatic Immunity bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Diplomatic Immunity (science fiction-roman).

Yn Diplomatic Immunity moat Miles syn houliksreis mei Ekaterin ûnderbrekke foar in misje nei it stjerrestelsel fan 'e quaddies, dêr't er in diplomatyk ynsidint ûndersykje en ûnttiizje moat. Alde freonen en fijannen blike deryn behelle te wêzen en it is al 'en duvel yntriizjes.

Captain Vorpatril's Alliance bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Captain Vorpatril's Alliance.

Yn Captain Vorpatril's Alliance komt Miles syn neef, de loaibûse Ivan Vorpatril, einlik yn aksje as der in berop op him dien wurdt om in tsjep frommeske te rêden. Troch omstannichheden twongen trout er mei dyselde Tej, dy't in dochter fan ien fan 'e misdiebaronnen fan Jackson's Whole blykt te wêzen. It liket allegear net iens sa gek te betearen, oant op in dei har hiele deawaande famylje, krekt as sysels op 'e flecht foar harren fijannen, by him op 'e stoepe stiet, wisberet om hoe dan ek harren posysje en besit werom te winnen.

The Flowers of Vashnoi bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The Flowers of Vashnoi.

Yn The Flowers of Vashnoi is de haadrol weilein foar Miles syn oarehelte Ekaterin, dy't tegearre mei dr. Enrique Borgos stappen ûndernimt om 'e radio-aktive sône fan 'e eardere stêd Vashnoi, dêr't mear as hûndert jier lyn in atoombom op smiten is, wer bewenber te meitsjen. Grut is harren ferheardens as se ûntdekke dat der al (of noch) guon lju wenje.

CryoBurn bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side CryoBurn.

Yn CryoBurn geane Miles en syn kriichsman Roic nei de planeet Kibou-daini ta, om dêre ûndersyk te dwaan nei fraude op it mêd fan kryonika (it nei de dea befriezen en opslaan fan minklike lichems yn 'e hope dat se ienris wer ta libben brocht wurde kinne).

Gentleman Jole and the Red Queen bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Gentleman Jole and the Red Queen.

Yn Gentleman Jole and the Red Queen fynt Miles syn mem Cordelia trije jier nei it hommels ferstjerren fan har man nije leafde, en teffens set se útein mei de ynfolling fan in lang útstelde winsk.

The World of the Five Gods bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The World of the Five Gods.

The World of the Five Gods, earder ek wol de Chalion-syklus neamd, is in searje fan Bujold dy't bestiet út fierhinne op harsels steande fantasy-ferhalen (al sit der wat plotbejerrende ynformaasje oer The Curse of Chalion yn Paladin of Souls, dus it is it handichst om earst The Curse te lêzen en dan pas Paladin).[47] De novellen fan 'e subsearje Penric and Desdemona foarmje wol in gearhingjend gehiel, mar binne mei sin sa skreaun dat se ek lof faninoar lêzen wurde kinne.

De boeken spylje yn in fantasy-wrâld dy't basearre is op 'e Jeropeeske Midsiuwen, en in lêzer dy't op dat mêd wat bekend is sil yn 'e searje frijwat winken nei de echte skiednis fan beskate Jeropeeske lannen gewaarwurde kinne. It meast opfallend binne yn dat ferbân de ferwizings nei de Werovering of Reconquista, de bemastering fan it Ibearysk Skiereilân troch de kristlike keninkriken nei de mear as fiifhûndertjierrige oerhearsking troch de Arabieren.

Elts fan 'e romans yn 'e searje hat oant no ta syn eigen haadpersoan. De ferbinende faktor wurdt foarme troch de fiif goaden fan 'e wrâld fan The World of the Five Gods (de Heit fan 'e Winter, de Mem fan 'e Simmer, de Soan fan 'e Hjerst, de Dochter fan 'e Maityd en de Bastert), dy't harren frij streekrjocht lykje te bemuoien mei de libbens en dieden fan 'e minsken.

The Curse of Chalion bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The Curse of Chalion.

Yn The Curse of Chalion lijt it keningshûs fan Chalion, en yn it ferlingde dêrfan it hiele lân, ûnder de flok dy't derop pleatst is troch in fersleine fijân. De breklike en alhiel ta reapsein brochte ealman Cazaril, krekt weromkeard nei syn befrijing út 'e slavernij op 'e Roknaarske galeien, wurdt it ûnwierskynlike stik ark yn 'e hannen fan 'e Dochter fan 'e Maityd om keningshûs en lân te rêden.

Paladin of Souls bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Paladin of Souls.

Yn Paladin of Souls wurdt de pylgerstocht fan Ista, de keninginne-mem fan Chalion, ûnderbrutsen as hja foar in Roknaarske ynfal beskûl sykje moat yn in ôfhandich kastiel. Dêr komt se alderlei nuvere saken op it spoar, mar it nuverste fan alles is dat sy har sels ûntjout ta in hillige fan 'e Bastert (de god fan rampen, demoanen en dingen bûten it seizoen), en op syn oanwizings de wrâld behoedet foar in grut gefaar.

The Hallowed Hunt bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The Hallowed Hunt.

Yn The Hallowed Hunt (oerset yn it Frysk as Yn it Skaad fan de Wolf),[48] wurdt de kriichsman Ingrey nei in ôfhandich jachtslot stjoerd om it stoflik omskot fan in prins, en de frou dy't him deadien hat, dêrwei nei de haadstêd te bringen. Mar de ienfâldige opdracht feroaret yn in kearpunt yn syn libben as er fereale rekket op 'e moardneresse en boppedat te meitsjen kriget mei in mysterieuze fijân dy't oer liken giet om syn geheimen te bewarjen, wylst de Soan fan 'e Hjerst en de oare goaden wisberet lykje en brûk Ingrey om in âlde misdie goed te meitsjen.

Penric and Desdemona bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Penric and Desdemona.

In rige novellen dy't in soarte fan subsearje fan The World of the Five Gods foarmet. (Hjirûnder werjûn op folchoarder fan ynterne gronology fan 'e searje ynstee fan op folchoarder fan útjefte.)

Underweis nei syn trouwerij komt de jonge ealman Penric in âldere dame tsjin dy't in hertoanfal krigen hat en stjerrende op 'e grûn leit. It docht bliken dat it om in tsjoenster en preesteresse fan 'e Timpel giet, dy't him mei har lêste siken de demon tapartet dy't hja yn har draacht en dy't har har boppenatuerlike krêften jout. Fan dat stuit ôf feroaret Penric syn libben folslein, en wurdt in elk in fijân dy't syn nije krêften eanget of der oergeunstich op is.
Fjouwer en in heal jier letter is Penric in preester-tsjoender fan 'e Oarder fan de Bastert en hat er him oerjûn oan 'e stúdzje fan wittenskip en magy. Syn wurk wurdt lykwols ûnderbrutsen as syn patronesse him derop útstjoerd mei in fertsjintwurdiger fan 'e Oarder fan de Heit om 'e sjamaan Inglis sibbe Wolfsklif op te pakken, dy't beskuldige wurdt fan 'e moard op syn bêste freon. Ienris djip yn 'e bergen blykt de saak lykwols folle yngewikkelder te wêzen as earder tocht waard.
Wylst er yn Easthiem ferbliuwt, de haadstêd fan It Wold, wurde Penric en syn maat, de sjamaan Inglis, troch harren freon Oswyl frege om te helpen by it oplossen fan in riedseleftige moardsaak. Yn in wâld net fier bûten de stêd is in timpeltsjoenster fermoarde troch har fan efteren mei pylk-en-bôge dea te sjitten. De iennichste tsjûge fan it foarfal liket in foks te wêzen.
Penric wurdt útstjoerd nei it oerseeske lân Cedonia, dêr't er temûk in ûntefreden generaal besykje moat oer te heljen om yn 'e tsjinst te trêdzjen fan 'e hartoch fan Adria. Hy wurdt lykwols ferret en yn 'e tsjerker smiten, en hat ferlet fan al syn krêften en fernimstigens om dêr wer út te kommen.
Penric, generaal Arisaydia en dy syn suster Nikys moatte Cedonia ûntflechtsje om it libben derôf te rêden. Mar it falt noch net ta om oer de swierbewekke grins mei Orbas te kommen, en dêrta moat Penric in mûklist betinke wêrby't er fertrout op 'e oantins oan Mira, ien fan Desdemona har eardere gastfroulju.
Nei't se feilich en wol yn Orbas arrivearre binne, berikt Nikys it nijs dat har mem troch de autoriteiten yn Cedonia yn gizeling nommen is, om sa har broer de generaal te twingen en kom werom. Mei Penric ûndernimt Nikys in nuodlike tocht werom troch Cedonia om har mem te befrijen.
Op in reis falt Penric yn 'e hannen fan seerôvers. Hy ûntdekt op harren skip in pear jonge famkes, foar wa't er de soarch op him nimt. Seelju wolle út byleauwe út noch yn gjin tsjoenders op harren skip hawwe, en mank de seerôvers binne ek noch kwadreenske Roknaren, dy't de folgelingen fan 'e Fyfde God deadzje as se harren oantreffe. Penric moat sadwaande sjen om mei de beide bern, mar sûnder dat er as tsjoender identifisearre wurdt, fan it eilân fan 'e seerôvers ôf te kommen.
De help fan Penric wurdt ynroppen troch syn sweager, generaal Arisaydia, as der ûnder de manskippen fan it leger fan Orbas in mysterieuze en deadlik sykte útbrekt. Penric leit him ta op 'e bestriding dêrfan, mar kin mar net begripe hoe't de sykte him ferspriedt. Hy ûndekt dat sels de tsjoenderij dêr't Desdemona him mei bejeftiget net tarikkend is om eigenhannich in epidemy tsjin te kearen.
  • The Assassins of Thasalon

De The Sharing Knife bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The Sharing Knife.

The Sharing Knife, ek wol bekend as de Wide Green World-searje, is in ôfrûne romansearje fan it fantasy-sjenre. It is eins fierhinne in trochrinnend ferhaal, wat de fjouwer boeken wat minder goed los faninoar te lêzen makket as Bujold har oare wurk. De eftergrûn is in fantasy-ferzje fan Noard-Amearika, in soarte fan Wylde Westen sûnder fjoerwapens, mar mei tsjoenderij en guon boppenatoerlike wêzens.

Beguilement bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The Sharing Knife: Beguilement.

Yn it earste diel fan 'e searje, Beguilement, moetet de wachtrinder Dag, ien fan 'e semy-nomadyske Marrestrijders (Lakewalkers), de boeredochter Fawn, dy't útnaaid is fan hûs en djip yn 'e swierrichheden bedarre is. Nei't se inoar it libben rêden hawwe, reitsje se fereale, hoewol't se hast fjirtich jier skele. As er har wer thúsbrocht hat, trout er mei har, ek al is it not done dat Marrestrijders mei boeren houlikje.

Legacy bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The Sharing Knife: Legacy.

Yn Legacy ferfarre Dag en Fawn nei it Marrestrijderskamp dêr't Dag hikke en tein is. Wylst Fawn dêr foar harsels in plak besiket te winnen tusken lju dy't delsjogge op har boerekomôf en op harsels, om't sy oer gjin swymke magy beskikt, liedt Dag de wachtrinders fan 'e Marrestrijders yn harren striid tsjin in machtige kweawillichheid dy't yn in oangrinzgjend achterlân opkommen is. Se komme it ding oer it mad, deadzje it en rêde withoefolle fan 'e slachtoffers derfan. Mar einlings is Fawn nedich om 'e rêders te rêden.

Passage bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The Sharing Knife: Passage.

Yn Passage hawwe Dag en Fawn it Marrestrijderskamp efter harren litten en sakje se by wize fan houliksreis op in platboaiem boat de rivieren ôf dat út nei de see, dêrby beselskippe troch û.m. Fawn har broer Whit, in froulike skipper en in pear yn opspraak rekke jonge wachtrinders. Troch in ferskaat oan eksploaten en wederwarichheden hinne rekket it selskip inoar almar neier, oant se as freonen de súdlike see berikke.

Horizon bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The Sharing Knife: Horizon.

Yn Horizon reizgje Dag en Fawn oer lân wer noardoan, werom nei harren beider bertegrûn. Underweis belibje hja op 'e nij witwat, mei as hichtepunt de striid tsjin in kweawillichheid dy't him fan fleanende trewanten betsjinje lit. De reis einiget yn it stedsje Clearcreek, dêr't Dag en Fawn harren nei wenjen sette en mei-iens ek harren lotsbestimming fine yn it neier ta-inoar bringen fan boeren en Marrestrijders.

Knife Children bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Knife Children.

Knife Children wie in novelle dy't yn 2019 ferskynde as ferfolch op 'e oarspronklike fjouwer romans fan The Sharing Knife. Yn it boek keart de Marrinner Barr Foxbrush nei twa jier werom út it noarden en ûntdekt er dat syn healbloeddochter, mei wa't er noch nea kontakt hân hat, syn boppenatuerlike krêften urven hat.

Oare Romans en Novellen bewurkje seksje

The Spirit Ring bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The Spirit Ring.

De The Spirit Ring is in fantasyroman dy't spilet yn in Midsiuwske ferzje fan Noard-Itaalje, dêr't tsjoenderij in fêststeand feit is. De fyftjinjierrige ealsmidsdochter Fiametta rekket, tegearre mei de Switserske mynwurker Thur Ochs, behelle yn 'e striid tsjin 'e tsjoede hierlingelieder hear Ferrante, dy't yn 'e stêdsteat Montefoglia de macht grepen hat.

The Adventure of the Lady on the Embankment bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The Adventure of the Lady on the Embankment.

De novelle The Adventure of the Lady on the Embankment is in Sherlock Holmes-imitaasje, skreaun yn 'e santiger jierren: it ierste, sij it pas yn 1996 foar it earst útjûne, wurk fan Bujold. As der op 'e kade fan 'e Teems in frou oantroffen wurdt, dweiltrochwiet, ferwûne en ferklomme, dy't wegeret om antwurd te jaan op 'e fragen fan 'e plysje, wurdt Sherlock Holmes derby roppen om út te sykjen wa't se is en hoe't se dêr bedarre is.

Koarte Ferhalen bewurkje seksje

Barter bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Barter.

It komyske Barter is it trêde koarte ferhaal dat Bujold skreau, mar it earste fan al har skriuwwurk dat se ferkocht, yn 1984. It ferskynde yn 1985 yn twa ôfleverings yn 'e maart- en aprilnûmers fan The Twilight Zone Magazine en waard letter werútjûn as ûnderdiel fan 'e bondel Dreamweaver's Dilemma, yn 1996, en fan 'e e-boekbondel Proto Zoa, yn 2012.[49] Koart nei de earste publikaasje fan Barter ferkocht Bujold de tillefyzjerjochten derop oan Tales from the Darkside, in searje mei op harrensels steande ôfleverings, dy't mar in koart libben beskern wie. It waard ek echt ferfilme en as episoade op tillefyzje útstjoerd, mar nei't de skriptskriuwers deroer gear west hiene, liek it mar kwealk mear op Bujold har ferhaal.[50] Barter is ek oerset yn it Russysk, ûnder de titel Bartjer, troch T. Čerjezova, yn 2003.[51] Barter ("Ruilhannel") giet oer in opjage mem en húsfrou dy't in tige ûnferwachtse oplossing fynt om fan har houtenhammersliper fan in man en har trije kringen fan bern ôf te kommen en sa wat heechnedige rêst en kalmte te bemachtigjen.

Garage Sale bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Garage Sale (koart ferhaal).

It koarte ferhaal Garage Sale waard foar it earst publisearre yn it maitydsnûmer fan 1987 fan it blêd American Fantasy en yn 1996, resp. 2012 werútjûn as ûnderdiel fan 'e bondel Dreamweaver's Dilemma en de e-boekbondel Proto Zoa.[52] Yn 2002 is Garage Sale oerset yn it Russysk, ûnder de titel Garažnaja Rasprodaža, troch A. Balabčenkov.[53] Yn Garage Sale ("Twaddehâns Ferkeap") is de haadpersoan in Krieger, in man dy't dreaun wurdt ta it nimmen drastyske maatregels tsjin syn kring fan in buorfrou.

The Hole Truth bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side The Hole Truth.
 
Lois McMaster Bujold yn 1996.

The Hole Truth is in koart ferhaal dat foar it earst ferskynde yn it desimbernûmer fan 1986 fan The Twilight Zone Magazine en letter op 'e nij útjûn waard as ûnderdiel fan 'e bondel Dreamweaver's Dilemma (1996) en fan 'e e-boekbondel Proto Zoa (2012).[54] The Hole Truth is yn 2003 oerset yn it Russyske ûnder de titel Istina v Dyrje (alternative titel: Provaliťsja Nam na Etom Mjestje), troch T. Čerjezova.[55] The Hole Truth (frij fertaald: "De Gatsgroulike Wierheid") is in komysk ferhaal mei fannijs Krieger yn 'e haadrol, dy't diskear in grut gat yn 'e strjitte ûntdekt dat him moai fan pas komt om't er noch wat rommel kwyt moat. It gat blykt lykwols ferburgen djipten te hawwen.

Prizen en Nominaasjes bewurkje seksje

Lois McMaster Bujold is op 't heden ien fan 'e súksesfolste skriuwers fan har sjenre en har mannichfâld bekroande romans en novelles hearre ta de populêrste wurken dy't de hjoeddeiske science fiction en fantasy te bieden hawwe. Har earste priis wie in Nebula Award, dy't Bujold yn 1989 wûn foar har roman Falling Free. Har earste Hugo Award, de meast prestizjeuze priis fan har sjenre, folge yn 1990 foar de novelle The Mountains of Mourning.

Sûnt hat Bujold fjouwer kear in Hugo Award foar de bêste roman wûn, foar The Vor Game (yn 1991), Barrayar (yn 1992), Mirror Dance (yn 1995), en Paladin of Souls (yn 2004). Dêrnjonken hat wurk fan har ek noch sânris nominearre west foar in Hugo Award.

Nei de Nebula Award foar Falling Free hat Bujold, yn 1990 noch ien yn 'e wacht sleept foar The Mountains of Mourning en yn 2005 noch ien foar Paladin of Souls. Fierders hat har wurk foar dy priis fiifris nominearre west. De HOMer Award wûn Bujold foar Barrayar, wylst se troch de jierren hinne noch fjouwer oare nominaasjes op har namme skreau.

Locus Awards, útrikt op grûn fan in opinypeiling ûnder de lêzers fan it tydskrift Locus, hat Bujold wûn foar Barrayar, Mirror Dance en Paladin of Souls; fierders wiene der troch de jierren hinne foar dizze priis foar har trije twadde plakken en twa trêde plakken. De SF Chronicle Award, takend troch in oar tydskrift, hat Bujold wûn foar The Mountains of Mourning en hat har wurk fierders noch twa oare kearen foar nominearre west. De Analytical Laboratory Award fan Analog Magazine hat Bujold wûn foar Labyrinth en The Weatherman, mei noch in trêde plak foar The Mountains of Mourning.

Bujold har roman Komarr wûn yn 1999 de Minnesota Book Award yn 'e kategory fantasy en science fiction, wylst Bujold letter noch twaris in nominaasje foar dy priis yn 'e wacht sleepte. Yn 2002 wûn se teffens (ek foar Komarr) de Premio Italia, yn 'e Italjaanske oersetting fan Anna Feruglio Dal Dan.

A Civil Campaign wûn sawol de Sapphire Award, útrikt troch de Science Fiction Romance Newsletter) foar de bêste miks fan science fiction en romantyk fan 1999, as de PEARL (Paranormal Excellence Award in Romantic Literature) Award foar bêste roman yn 'e science fiction-kategory foar 1999. Ek de Russyske Strannik-priis fan 2000 yn 'e kategory "de fiere gast" waard wûn troch A Civil Campaign, sij it as fertsjintwurdiger fan 'e hiele Vorkosigan Saga.

Mei The Curse of Chalion wûn Bujold yn 2002 de Mythopoeic Award foar Folwoekseneliteratuer, dêr't se letter noch twaris foar nominearre waard. Fierders hat Bujold mei har wurk noch ien nominaasje elk foar de Prometheus Award, de World Fantasy Award en de PEARL Award opgarre.

Ta ein beslút hat se foar har hiele oeuvre yn 2007 de Ohioana Library Career Award takend krigen, yn 2009 de Romantic Times Reviewers' Choice Award yn 'e kategory science fiction en fantasy, en yn 2011 de Skylark Award fan 'e New England Science Fiction Association.[56] Yn 2013 wûn se, ek foar har hiele oeuvre, de Forry Award fan 'e Los Angeles Science Fantasy Society.[57]

List bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
1986 Compton Crook Award nominearre n.f.t. Shards of Honor
Locus Award 2de plak bêste earste roman Shards of Honor
1987 John W. Campbell Award for Best New Writer 2de plak n.f.t. The Warrior's Apprentice
1988 Hugo Award nominearre bêste roman Falling Free
Nebula Award wûn bêste roman Falling Free
1989 Analytical Laboratory Award 3de plak bêste novelle The Mountains of Mourning
wûn bêste novelle Labyrinth
Hugo Award wûn bêste novelle The Mountains of Mourning
Locus Award 3de plak bêste novelle Labyrinth
Nebula Award wûn bêste novelle The Mountains of Mourning
Prometheus Award nominearre n.f.t. Falling Free
SF Chronicle Award wûn bêste novelle The Mountains of Mourning
1990 Analytical Laboratory Award wûn bêste novelle The Weatherman
HOMer Award nominearre bêste science fiction-roman The Vor Game
Hugo Award nominearre bêste novelle (weromlutsen fanwegen de útwreiding fan The Weatherman ta The Vor Game) The Weatherman
wûn bêste roman The Vor Game
Nebula Award nominearre bêste novelle The Weatherman
1991 HOMer Award wûn bêste science fiction-roman Barrayar
Hugo Award wûn bêste roman Barrayar
Locus Award wûn bêste roman Barrayar
Nebula Award nominearre bêste roman Barrayar
Rickie Award (Kanadeesk) wûn bêste science fiction-roman Barrayar
SF Chronicle Award nominearre bêste roman The Vor Game
1992 Locus Award 2de plak bêste fantasy-roman The Spirit Ring
SF Chronicle Award wûn bêste roman Barrayar
1994 Hugo Award wûn bêste roman Mirror Dance
Locus Award wûn bêste science fiction-roman Mirror Dance
1995 HOMer Award nominearre bêste science fiction-roman Cetaganda
1996 Earphones Award wûn bêste science fiction-audioboek Reader's Chair ûnferkoarte audioproduksje fan Falling Free
HOMer Award nominearre bêste science fiction-roman Memory
Listen Up Award wûn ien fan 'e bêste science fiction-audioboeken Reader's Chair ûnferkoarte audioproduksje fan Falling Free
1997 Earphones Award wûn bêste science fiction-audioboek Reader's Chair ûnferkoarte audioproduksje fan Shards of Honor
Hugo Award nominearre bêste roman Memory
Locus Award 3de plak bêste roman Memory
Nebula Award nominearre bêste roman Memory
1998 publykspriis fan tydskrift AudioFile wûn romantyske favoryt Reader's Chair ûnferkoarte audioproduksje fan Falling Free
1999 HOMer Award nominearre bêste science fiction-roman A Civil Campaign
Minnesota Book Award wûn bêste fantasy en science fiction Komarr
PEARL Award wûn bêste science fiction-roman A Civil Campaign
Sapphire Award wûn bêste miks fan science fiction en romantyk A Civil Campaign
2000 Hugo Award nominearre bêste roman A Civil Campaign
Minnesota Book Award nominearre bêste populêre fiksje A Civil Campaign
Nebula Award nominearre bêste roman A Civil Campaign
Strannik-priis (Russysk) wûn bêste bûtenlânske roman (kat. "de fiere gast") A Civil Campaign
2001 publykspriis fan The SF Site wûn lêzerskar-priis The Curse of Chalion
Seiun-priis (Japansk) nominearre bêste oersetting fan in bûtenlânske roman (troch Ayako Ogiso) Barayā Nairan (Japanske oersetting fan Barrayar)
2002 Fictionwise.com útroppen e-boek fan it jier The Vor Game
Hugo Award nominearre bêste roman The Curse of Chalion
Mythopoeic Award wûn bêste wurk op it mêd fan folwoekseneliteratuer The Curse of Chalion
PEARL Award nominearre bêste science fiction-roman Diplomatic Immunity
Premio Italia (Italjaansk) wûn bêste ynternasjonale roman Komarr (yn 'e Italjaanske oersetting troch Anna Feruglio Dal Dan)
Romantic Times Reviewers' Choice Award nominearre bêste science fiction-roman Diplomatic Immunity
Seiun-priis (Japansk) nominearre bêste oersetting fan in bûtenlânske roman (troch Ayako Ogiso) Tenkū no Isan (Japanske oersetting fan Cetaganda)
World Fantasy Award nominearre bêste roman The Curse of Chalion
2003 Hugo Award wûn bêste roman Paladin of Souls
Nebula Award nominearre bêste roman Diplomatic Immunity
Romantic Times Reviewers' Choice Award wûn bêste fantasy-roman Paladin of Souls
2004 Hugo Award nominearre bêste novelle Winterfair Gifts
Locus Award wûn bêste fantasy-roman Paladin of Souls
Minnesota Book Award nominearre bêste populêre fiksje Paladin of Souls
Mythopoeic Award nominearre bêste wurk op it mêd fan folwoekseneliteratuer Paladin of Souls
Nebula Award wûn bêste roman Paladin of Souls
Romance Readers Anonymous útroppen bêste romantyske roman bûten it romantyk-sjenre Paladin of Souls
Sapphire Award 2de plak bêste koarte fiksje Winterfair Gifts
Seiun-priis (Japansk) nominearre bêste oersetting fan in bûtenlânske roman (troch Ayako Ogiso) Idenshi no Shimei (Japanske oersetting fan Ethan of Athos)
2005 Fictionwise.com útroppen e-boek fan it jier Winterfair Gifts
Romantic Times Reviewers' Choice Award wûn bêste fantasy-roman The Hallowed Hunt
2006 Mythopoeic Award nominearre bêste wurk op it mêd fan folwoekseneliteratuer The Hallowed Hunt
Locus Award 3de plak bêste fantasy-roman The Hallowed Hunt
Romantic Times Reviewers' Choice Award nominearre bêste fantasy-roman The Sharing Knife: Beguilement
2007 Ohioana Library Career Award wûn n.f.t. hiele oeuvre
2009 Romantic Times Reviewers' Choice Award wûn Romantic Times Achievement Award (oeuvrepriis) hiele oeuvre
2011 Hugo Award nominearre bêste roman CryoBurn
Locus Award 2de plak bêste science fiction-roman CryoBurn
Skylark Award wûn n.f.t. hiele oeuvre
2012 Hugo Award nominearre bêste roman Captain Vorpatril's Alliance
2013 Forry Award wûn n.f.t. hiele oeuvre
2014 Prometheus Award wûn Prometheus Award Hall of Fame Falling Free
2017 Hugo Award wûn bêste romansearje The Vorkosigan Saga
2018 Hugo Award wûn bêste romansearje The World of the Five Gods

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bujold, Lois McMaster, How I Met the Inklings, taspraak jûn op 6 aug. 2006 op 'e 37ste Mythcon-konvinsje, oan 'e Universiteit fan Oklahoma, te Norman, Oklahoma (www.dendarii.com).
  2. Jaffee, Robert I., A Tribute to Robert Charles McMaster 1913-1986 (www.dendarii.com).
  3. Jaffee, Robert I., A Tribute to Robert Charles McMaster 1913-1986 (www.dendarii.com).
  4. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Young Miles, s. 836-837.
  5. Carl, Lillian Stewart, A Conversation with Lois McMaster Bujold, yn The Vorkosigan Companion.
  6. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
  7. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
  8. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
  9. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
  10. Bujold, Lois McMaster, How I Met the Inklings, taspraak jûn op 6 aug. 2006 op 'e 37ste Mythcon-konvinsje, oan 'e Universiteit fan Oklahoma, te Norman, Oklahoma (www.dendarii.com).
  11. Bujold, Lois McMaster, How I Met the Inklings, taspraak jûn op 6 aug. 2006 op 'e 37ste Mythcon-konvinsje, oan 'e Universiteit fan Oklahoma, te Norman, Oklahoma (www.dendarii.com).
  12. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
  13. Ohio Reading Road Trip, Lois McMaster Bujold (www.orrt.org/bujold/).
  14. Locus Biography (www.dendarii.com).
  15. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
  16. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
  17. Locus Biography (www.dendarii.com).
  18. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
  19. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
  20. Carl, Lillian Stewart, A Conversation with Lois McMaster Bujold, yn The Vorkosigan Companion.
  21. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
  22. Carl, Lillian Stewart, A Conversation with Lois McMaster Bujold, yn The Vorkosigan Companion.
  23. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
  24. Bujold, Lois McMaster, Jim Baen Remembered 1943-2006 (www.dendarii.com).
  25. Bujold, Lois McMaster, Preface yn 'e omnibus Miles, Mutants & Microbes, s. 4-5.
  26. Bujold, Lois McMaster, Preface yn 'e omnibus Miles, Mutants & Microbes, s. 5-6.
  27. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).
  28. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
  29. Locus Biography (www.dendarii.com).
  30. Williams, Sarah T., The Speculator (www.startribune.com).
  31. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
  32. Williams, Sarah T., The Speculator (www.startribune.com).
  33. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
  34. Lewis, Jeremy L.C., A Conversation with Lois McMaster Bujold (clarkesworldmagazine.com).
  35. Bernardi, Michael, Full English Bibliography (www.dendarii.com).
  36. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
  37. Lewis, Jeremy L.C., A Conversation with Lois McMaster Bujold (clarkesworldmagazine.com).
  38. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Young Miles, s. 830.
  39. Bujold, Lois McMaster, Four Short Essays (www.dendarii.com).
  40. Bujold, Lois McMaster, Ohioana Library Career Award Acceptance Speech, taspraak jûn by de akseptaasje fan 'e Ohioana Library Career Award, op 27 okt. 2007 (www.dendarii.com).
  41. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Cordelia's Honor, s. 591-592.
  42. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Cordelia's Honor, s. 594.
  43. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Young Miles, s. 830.
  44. Bernardi, Michael, Full English Bibliography (www.dendarii.com).
  45. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  46. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  47. Bujold, Lois McMaster, The Vorkosigan Saga Reading Order Debate: The Chef Recommends (www.dendarii.com).
  48. Bujold, Lois McMaster, Yn it Skaad fan de Wolf (http://webshop.elikser.nl/yn-it-skaad-fan-de-wolf.html).
  49. Bernardi, Michael, Full English Bibliography (www.dendarii.com).
  50. Vincent, Jérôme, ITW Lois McMaster Bujold en anglais (www.actusf.com).
  51. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  52. Bernardi, Michael, Full English Bibliography (www.dendarii.com).
  53. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  54. Bernardi, Michael, Full English Bibliography (www.dendarii.com).
  55. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  56. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).
  57. www.lasfsinc.info

Boarnen
Boeken

  • Bujold, Lois McMaster, Author's Afterwurd, yn: Cordelia's Honor, Riverdale, New York, 1996 (Baen Books), ISBN 978-0 67 15 78 282.
  • Bujold, Lois McMaster, Author's Afterwurd, yn: Young Miles, Riverdale, New York, 2003 (Baen Books), ISBN 978-0 74 34 36 168.
  • Bujold, Lois McMaster, Preface, yn: Miles Mutants & Microbes, Riverdale, New York, 2008 (Baen Books), ISBN 978-1 41 65 56 008.
  • Carl, Lillian Stewart, en Helfers, John, The Vorkosigan Companion: The Universe of Lois McMaster Bujold, Riverdale, New York, 2008 (Baen Books), ISBN 978-1 41 65 56 039.
  • Kelso, Sylvia, Loud Achievements: Lois McMaster Bujold's Science Fiction, yn: Kelso, Sylvia, Three Observations and a Dialogue: Round and About SF, Seattle, Washington, 2009 (Acqueduct Press), ISBN 978-1 93 35 00 287.
  • Lennard, John, Of Marriage and Mutations: Lois McMaster Bujold and the Several Lives of Miles Naismith Vorkosigan, yn: Lennard, John, Of Sex and Faerie: Further essays on Genre Fiction (s. 70–111), 2010 (Tirril: Humanities-Ebooks), ISBN 978-1 84 76 01 711.
  • Wehrmann, Jürgen, Jane Eyre in Outer Space: Victorian Motifs in Post-Feminist Science Fiction, yn: Rubik, Margarete, en Mettinger-Schartmann, Elke, A Breath of Fresh Eyre: Intertextual and Intermedial Reworkings of Jane Eyre (s. 149-165), Amsterdam, 2007 (Rodopi), ISBN 978-9 04 20 22 126.

Artikels yn tydskriften

  • Haehl, Anne L., Miles Vorkosigan and the Power of Words: A Study of Lois McMaster Bujold's Unlikely Hero, yn: Extrapolation, hjerst 1996, (Kent State University Press), ISSN 0014-5483.
  • Kelso, Sylvia, Lois McMaster Bujold: Feminism and 'The Gernsback Continuum' in Recent Women's SF, yn: Journal of the Fantastic in the Arts (JFA), winter 1998, ISSN 0897-0521.
  • Lindow, Sandra J., The Influence of Family and Moral Development in Lois McMaster Bujold's Vorkosigan Series, yn: Foundation: the International Review of Science Fiction, hjerst 2001, ISSN 0306-4964.
  • Strickland, Diane; Slusser, Linda S.; O'Neil, James Francis; Tyson, Edith S.; Wehmann, Claudia J., en King, Richard L., Booksearch: Favorite Writers of Science Fiction and Fantasy (PDF), yn: English Journal, okt. 1993 (National Council of Teachers of English).

Rieplachte ynternetsiden