Lolle Klaas Okma (Heech, 5 augustus 1876 - Amsterdam, 29 april 1936) wie in Nederlânsk boargemaster foar de AR.

L.K. Okma

Okma wie in soan fan feehâlder en politikus Ruurd Klazes Okma (1839-1915) en Tryntsje Douwes Douma (1842-1862). Hy troude mei Alida Bakhuizen (1879-1955).

Okma studearre rjochten en wie nei syn stúdzje earst abbekaat yn Snits, assosearre mei syn broer. Hy wie lid fan de Anty-Revolúsjonêre Partij. Yn 1913 waard hy beneamd as boargemaster fan Frjentsjer. Dêrnei hie hy dit amt yn Wûnseradiel en Kampen. Okma hie meardere byfunksjes.

Okma ferstoar yn de Valeriusklinyk yn Amsterdam, dêr't hy in pear dagen dêrfoar opnomd wie. Hy waard begroeven yn IJsselmuiden. Op syn grêf stiet in monumint mei dêrop syn portret op in plakette. It monumint waard troch de Kamper iisclub T.O.G., dêr't Okma earefoarsitter fan wie, oan de famylje oanbean.