Longues-sur-Mer is in doarp en gemeente yn it Frânske departemint Calvados yn Normandje. It makket diel út fan it arrondissemint Bayeux.

Longues-sur-Mer
Abdijtsjerke fan Longues-sur-Mer
Flagge Wapen
Polityk
Lân Frankryk
Regio Normandje
Departemint Calvados
Sifers
Ynwennertal 599 (2018)
Oerflak 12,29 km²
Befolkingstichtens 49 / km²
Hichte 0-77 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Side fan Honfleur

Geografy bewurkje seksje

De gemeente leit yn de Bessin oan it Kanaal, wêrfan't de kliffen fiif oant sechtich meter heech binne. It gruttere Bayeux leit likernôch 6,5 kilometer fierder.

Befolkingsûntwikkeling bewurkje seksje

Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2006 2016
Ynwennertal 466 469 447 463 561 586 674 610
Boarnen: Cassini en INSEE

D-Day bewurkje seksje

 
Atlantikwall by Longues-sur-mer

Noardlik fan it doarp, likernôch 450 meter fan de kust, waard yn 'e hjerst fan 1943 in batterij fan fjouwer kanonnen troch de Kriegsmarine boud. Fjouwer bunkers elts útrist mei in 150mm Tbts.K C/36 (Tbts.K = Torpedobootskanone), dy't in berik fan 20 kilometer hiene bedrigen de skippen en de lâningsstrannen Gold Beach en Omaha Beach. It wie dêrom foar de alliearden prioriteit om dy batterij út te skeakeljen. Njonken swiere bombardeminten in wike earder fanút de loft dy't net in soad risseltaat hiene, folgen yn 'e nacht fan 5 nei 6 juny nije bombarbeminten fan de RAF. Mar noch jimmeroan wurken de kanonnen dy't Amerikaanske kriichsboaiems ûnder fjoer namen. Lang om let slaggen de Ingelske krusers HMS Ajax en HMS Argonaut en fan de Frânske kruser Georges Leygues der yn om de fjouwer kanonnen út te skeakeljen. Fan de 180 man hiene 120 Dútske soldaten it oerlibbe, dy't harren oerjoegen oan de Britske soldaten fan it 2e Devonshire regimint. Fan de fjouwer kazematten binne der trije bewarre bleaun.

Longues-sur-Mer lei by de lâning fan de alliearden op de grins fan de Amerikaanske en Anglo-Kanadeeske sektor en hat fan de gefjochten tige slim te lijen hân.

It besjen wurdich bewurkje seksje

  • Dútske batterijen fan de Atlantikwall.
  • Abdij fan Us-Leaffrouwe, stifte yn 1168 troch Hugues Wac, hear fan Rubercy.
  • Parochytsjerke Sint-Laurentius (Église paroissiale Saint-Laurent). Oarspronklik boud yn de 12e iuw, mar yn it ramt fan de gearfoeging fan de parochy's Longues, Marigny en Fontenailles is de tsjerke yn de 17e iuw foar it grutste part op 'e nij boud.
  • Sint-Laurentiustsjerke fan Marigny. Boud yn de 12e-13e iuw, mar ferneatige by de bombardeminten yn 1944. Allinne de poarte fan it tsjerkhôf is bewarre bleaun.
  • Sint-Pitertsjerke (Église Saint-Pierre) fan Fontenailles. Boud yn 1202, ferneatige by de bombardeminten yn 1944. De tsjerke besiet eartiids de âldste liedklok fan Frankryk. De klok is tsjintwurdich yn it Musée d'Art et d'Histoire Baron-Gérard yn Bayeux te sjen.
  • Château fan Marigny, 17e iuw.

Ofbylden bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: