Luitenant-op-see is in militêre rang yn 'e marine fan in protte lannen. Sa komt dizze rang foar by de Nederlânske Keninklike Marine en by de Marinekomponint fan 'e kriichsmacht fan Belgje. Yn 'e Nederlânske Striidkrêften hat de rang fan luitenant-op-see fjouwer gradaasjes, wêrfan't de heechste in haadofsier is de oare trije subalterne ofsieren. Dy gradaasjes binne:

  • luitenant-op-see 1e klasse, in rang by de marine dy't ekwivalint is oan 'e rang fan majoar by de lânmacht, loftmacht, maresjesee en mariniers
  • luitenant-op-see 2e klasse âldste kategory, in rang by de marine dy't ekwivalint is oan 'e rang fan kaptein by de lânmacht, loftmacht, maresjesee en mariniers
  • luitenant-op-see 2e klasse, in rang by de marine dy't ekwivalint is oan 'e rang fan earste luitenant by de lânmacht, loftmacht, maresjesee en mariniers
  • luitenant-op-see 3e klasse, in rang by de marine dy't ekwivalint is oan 'e rang fan twadde luitenant by de lânmacht, loftmacht, maresjesee en mariniers

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: