Lutherkirche (Wiesbaden)

De Lutherkirche (Luthertsjerke) is in protestanske tsjerke yn de Hessyske haadstêd Wiesbaden, Dútslân. De tsjerke waard fan 1908 oant 1910 yn de Jugendstil boud neffens de foarskriften fan it saneamde Wiesbadener Programm en foarmet tsjintwurdich ien fan de wichtigste monuminten fan de stêd.

Luthertsjerke
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Hessen
plak Wiesbaden
adres Sartoriusstraße 16, 65187 Wiesbaden
koördinaten 50° 4' N 8° 14' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Protestantske tsjerke Hessen-Nassau
Arsjitektuer
arsjitekt Friedrich Pützer
boujier 1908-1910
boustyl Jugendstil
Webside
Side Lutherkirche
Kaart
Lutherkirche (Hessen)
Lutherkirche

Skiednis bewurkje seksje

Yn 1903 naam de protestanske gemeente fan Wiesbaden it beslút om, fanwegen de oanwaaks fan it ynwennertal fan de stêd, nei de Markttsjerke, de Berchtsjerke en de Ringtsjerke in fjirde tsjerke te bouwen. Om't de ûnderfinings by de bou fan de Ringtsjerke mei de foarskriften fan it saneamde Wiesbadener Programm tige foldiene, moasten de ûntwerpen fan de yn 1905 de útskreaune wedstriid foar arsjitekten op 'e nij oan dy foarskriften foldwaan. In wichtige eask fan it Programm wie dat de sintrale eleminten fan de protestanske earetsjinst ien gehiel foarmen en it alter, de preekstoel en it oargel fan alle kanten foar de minsken goed te sjen wiene.

Nei't earder foar de trije bêste ûntwerpen in nije bewurking frege wie, keas de gemeente op 8 juny 1906 foar it ûntwerp fan de arsjitekt Friedrich Pützer út Darmstadt.

It begjin fan de bou soe yn july 1907 plakfine, mar de skeppe gyng net earder as op 28 augustus 1908 de grûn yn. Op 1 novimber 1908 waard de earste stien foar de tsjerke lein en de ynwijing barde mei Kryst 1910.

Eksterieur bewurkje seksje

 
Mozaïek tagongsportaal
 
Doopkapel

De tsjerke stiet oan it Gutenbergplatz flak by de Ringstraße en waard yn de foarmen fan de Jugendstil boud en fan in wite stúklaach foarsjoen. Opfallend binne de 50 meter hege toer en it grutte, 20 meter hege dak dat him oant in hichte fan 37 meter boppe de nok ferheft. De toe, it hege dak en de treptuorren jouwe de tsjerke benammen fanút de eastlike kant it oansjen fan in boarch, in ferwizing nei Luthers tsjerkeliet "In fêste boarch is ús God". It dak wurdt troch staalkonstruksje droegen, itjinge doedestiids in soad opsjen feroarsake. Namste mear falle de hege toer en it hege dak op fanwegen de lokaasje fan it tsjerkegebou op in hichte yn de binnenstêd.

Ofwikend yn styl is it westlike foarportaal, dat yn byzantynske styl is boud. De opgong wurdt oan wjerskanten flankearre troch in dûbele rige pylders. It ferwulft en it timpaan fan de haadyngong binne dekorearre mei moazaieken. It timpaan lit in mozaïek sjen fan in krús mei de wurden Ein feste Burg ist unser Gott (Fryske oersetting: In sterke festing is ús God) en Das Wort sie sollen lassen stahn (Gods hillich Wurd allinne hâld stân) te lêzen. Yn it krús is it monogram fan Kristus oanbrocht en lofts en rjochts boppe it krús de Alfa en Omega.

Tegearre mei de pastorijen oan de Mosbacher Straße 4 en de Sartoriusstraße 14 foarmet de tsjerke ien arsjitektonysk gehiel.

Ynterieur bewurkje seksje

 
Oansicht ynrjochting mei it liturgysk sintrum

It grutte foarportaal docht ek tsjinst as doopkapel. Yn in fergulde nis stiet achter in doophek it doopfont. De flier is lein mei ferskate kleuren moarmer út de Lahn.

Neffens de foarskriften fan it Wiesbadener Programm foarmje it alter (jûnsmiel), de preekstoel (it Wurd) en it oargel (muzyk) yn de tsjerke in ienheid. De licht hellende flier en de linen fan de smelle galerijen drage der fierder oan by dat alle omtinken nei it liturgysk sintrum giet.

It ferwulft, dat droegen wurdt troch fjouwer pylders, de galerijen en de muorren binne hielendal fersierd mei jugenstil-motiven. De flakken tusken de ribben fan it ferwulft stelle stilearre druveranken foar. De bôge boppe de preekstoel is fersierd mei krúsen en it monogram fan Kristus tusken de Alfa en Omega. Finsters en beskildering binne ûntwerpen fan Otto Linnemann út Frankfurt.

Oargels bewurkje seksje

De tsjerke hat trije oargels. Boppe de preekstoel hinget yn 1911 boude oargel fan de firma E.F. Walcker & Cie, dat 50 registers teld. Yn de jierren 1970 wie it oargel striemin en moast it restaurearre wurde. De kosten fan de restauraasje wiene lykwols sa heech, dat der besletten waard in nij oargel op de kreake foar de preekstoel oer te bouwen. Dat ynstrumint mei 44 registers waard troch oargelbedriuw Klais út Bonn boud en yn 1979 yn gebrûk nommen. Krekt as it Walcker-oargel hat it Klais-oargel trije manualen. Yn de jierren 1980 kaam der dochs noch jild frij foar de restauraasje fan it Walcker-ynstrumint en sûnt hat de tsjerke twa te bespyljen oargels. Dêrnjonken is der ek noch in lyts kistoargel, dat yn 1984 troch Thomas Jann út Regensburg boud waard en 4 1⁄2 registers hat.

De tsjerke hat in goede akûstyk en is dêrom tige geskikt foar konserten. Ek is de tsjerke is sintrum fan it Bachkoar fan Wiesbaden, in berne- en jongerein-kantorei en in blaasorkest.

Ofbylden bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: Lutherkirche