Lutske (Lutz) Jacobi (Ketlik 13 desimber 1955) is in Fryske politikus en bestjoerder.

Lutz Jacobi
Algemien
Berne 13 desimber 1955
Berteplak Ketlik
Partij Partij fan de Arbeid
Politike funksjes
2006–2017 lid Twadde Keamer
2018-2022 riedslid Ljouwert
2022-2023 lid haadbestjoer PvdA

Fan 2006 oant 2017 wie Lutz Jacobi foar de PvdA lid fan de Twadde Keamer.

Oplieding en wurk bewurkje seksje

Lutz Jacobi foltôge har oplieding rjochten oan de Iepen Universiteit Nederlân. Dêrnei folge se tusken 1976 en 1981 de learareoplieding yn Ljouwert. Jacobi gie oan de slach by de GGD yn Drachten, dêr't se as funksjonaris sûnensfoarljochting en opfieding wurke en fan 1995 oant 1999 direkteur wie. Nei de fúzje fan de GGD's yn Fryslân yn 1999 waard Jacobi direkteur fan de reorganisearre GGD Fryslân.

Yn 1985 waard Jacobi lid fan de PvdA. Fan 1 maaie 2018 oant 31 desimber 2022 wie Jacobi direkteur fan de Waadferiening[1][2].

PvdA-keamerlid bewurkje seksje

Lutz Jacobi kandidaat PvdA 2012

By de Twadde Keamerferkiezings fan 2006 waard Jacobi yn it parlemint keazen. Hja hold har maidenspeech op 6 febrewaris 2007 oer it ferbod fan hannel yn produkten fan sealrobben en klapmûtsen. Yn juni 2010 stie se by de Twadde Keamerferkiezings dat jier op plak 26 fan de PvdA-list en krige doe goed 5.000 foarkarstimmen. Jacobi gie yn 2012 de striid oan mei Albayrak, Van Dam, Plasterk en Samson foar it fraksjefoarsitterskip fan de PvdA yn 'e Twadde Keamer om't se net woe dat de striid in rânestedske saak waard. Yn dy striid foel Jacobi fral op troch har oprjochte en sljochte antwurden op fragen sûnder dêrby de wenstige polityk-strategyske foarbehâlden en dat makke har in stik bekender by it publyk.[3] Dy striid wûn Diederik Samsom, mar by de keamerferkiezings letter dat jier helle se goed 16.000 foarkarstimmen. Yn 2013 stimde se as ienige PvdA-er tsjin de oanskaf fan de Joint Strike Fighter. Ek wie se it ienige keamerlid dat by de ynauguraasje fan kening Willem Alexander de belofte ôflei yn it Frysk. Yn 2017 ferliet se de lanlike polityk.

Riedswurk bewurkje seksje

By de ferkiezings foar de weryndielde gemeente Ljouwert yn 2013 wie se listtriuwer foar de PvdA. Hja krige foldwaande foarkarstimmen, mar gong net yn de gemeenteried. By de gemeenteriedsferkiezings yn novimber 2017 wie se listlûker. Hoewol’t de PvdA der yn it hiele lân striemin foar stie, ferlear de partij yn Ljouwert mar ien sit en ûnder lieding fan Jacobi bleau de partij mei alve sitten de grutste partij. Lutz Jacobi waard keazen ta fraksjefoarsitter fan de PvdA yn de gemeente Ljouwert en hja bleau dat oant 2022.

PvdA-partijfoarsitter bewurkje seksje

Yn 'e simmer fan 2022 waard Lutz Jacobi keazen yn it haadbestjoer fan de PvdA.[4] Hja wie doe al gjin waarm foarstanner fan in fúzje tusken de PvdA en GL en fûn dat de PvdA de tiid better besteegje koe oan it opstellen fan in list mei 5 of 6 punten, dy't it wolwêzen fan de gewoane minsken ferbetteren.

Op 3 augustus 2023 makke se yn 'e Ljouwerter Krante bekend makke dat se it haadbestjoer fan de PvdA ferlit. Dat beslút naam se út ûnfrede oer de mienskiplike list fan de PvdA en GL. Hja neamde dy list in 'technokratyske en smelle alliânsje' en liet earder al oer GL trochskimerje dat dy partij der fral is foar kânsrike jongerein út bettere ynkommensgroepen ynstee foar de minsken út de legere ynkommensgroepen.[5] Lutz Jacobi wie nei Henk Nijboer dêrmei de twadde bekende PvdA út it noarden dy't fanwegen de ynsette fúzjekoers fan de PvdA ôfheakket.

Prizen bewurkje seksje

Yn juny 2009 waard Jacobi troch Natuermonuminten útroppen ta de 'grienste politikus fan Nederlân' fan it jier. Neffens Natuermonuminten pykte se boppe kollega's út wat har krewearjen foar de natuer oanbelange. Yn de Twadde Keamer frege se ûnder mear omtinken foar de ekologyske haadstruktuer, natuerûnderrjocht, duorsume fiskerij, greidefûgelbehear en better oerlis tusken natuer- en ekonomyske organisaasjes. Yn 2012 krige Jacobi dy titel nochris.[6]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lutz Jacobi wordt nieuwe directeur Waddenvereniging, omrop Fryslân 29 maart 2018
  2. www.fondsenwerving.nl, 16 desimber 2022
  3. Nederlânsk Deiblêd, 2 maart 2012
  4. Ljouwerter Krante, 13 juny 2022
  5. Ljouwerter Krante, 3 augustus 2023
  6. Groenste Politicus 2012, kollumn Lutz Jacobi op Wergea.com, 28 juny 2012

Keppeling om utens