De Lycklamabosk is in natoergebiet yn Gaasterlân dat beheard wurdt troch Natuermonuminten. De Lycklamabos leit beëasten de Sminkefeart en grinzet oan it terrein fan de Golfclub Gaasterlân. Ten noardeasten fan de bosk lizze de Starnumanbosken en de Bremer Wyldernis.

De bûkesingel, in bûkeleane yn de Lycklamabosk
Paden troch de Lycklamabosk oer "rabatten" (damen tusken greppels)

It gloaiende lânskip fan Gaasterlân is foarme yn de foarlêste iistiid. It iis liet in dikke balstienlaach efter dy't min wetter trochlit. Gebieten as de Lycklamabosk binne dan ek tige wiet. Der waarden greppels groeven foar de ôfwettering. De frijkomde grûn waard brûkt om it beboske diel op te heegjen. Dit joech de Lycklamabosk in eigen rabattenstruktuer. De bosk is fan oarsprong in kaphoutplantaazje dêr't iken en bjirken rûge binne. Nei 1800 binne ek nuddelbeammen oanplante en ûntstie der in feriearde bebosking troch de oanlis fan lange bûkeleanen, lykas de bûkesingel. Dizze leanen wienen ûnderdiel fan in bûtenferbliuw.. Mei de omlizzende bosken en de gloaiende greiden en ikkers lûkt it lânskip in soad wannelers en fytsers. Ek de das hat hoalen yn dit gebiet.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Natoergebieten fan de Feriening Natuermonuminten yn Fryslân

Aldemardumer KlifFilenspolderFlytsterboskFochtelerfeanIt GrynHaulerpolderHegewiersterfjildLeonserpolderLycklamaboskNasjonaal Park De LauwersmarNasjonaal Park SkiermûntseachRengersmiedeRiisterpolderSkrinsSkrokSlotpleatsSuderfinnenspolderWesterhitsumerbosk