De lytse marters (Latynske namme: Mustela) foarmje in skaai fan de klasse fan de sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en de ûnderfamylje fan 'e lytse marters (Mustelinae).

Lytse marters
De swartpoatmurd (Mustela nigripes).
De swartpoatmurd (Mustela nigripes).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: hûndieren (Caniformia)
tuskenskift: poalrôfdieren (Arctoidea)
boppefamylje: marterdieren (Musteloidea)
famylje: martereftigen (Mustelidae)
ûnderfamylje: lytse marters (Mustelinae)
skaai: lytse marters (Mustela)
Linnaeus, 1758

Ta dit skaai hearre sechstjin soarten fine, lichtliddige en koartskonkige martereftigen, lykas de harmeling, de murd en de wezeling, dy't alletrije ek yn Fryslân foarkomme. De lytse marters spjalten harren likernôch 20 miljoen jier lyn, yn it Mioseen, ôf fan 'e oare martereftigen, en binne eins allegearre betûfte en opportunistyske jagers. De iennichste soarte dy't himsels troch spesjalisaasje beheind hat ta ien proai, is de Noardamerikaanske swartpoatmurd, dy't allinne mar prêrjehûnen bejaget. De lytse marters komme foar yn hiele Jeraazje en Noard-Amearika en yn dielen fan Súd-Amearika en de Súdeastaziatyske eilannen.

Soarten bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.