Lytsegast[1] (Nederlânsk en offisjeel: Lutjegast) is in doarp yn de Grinslânske gemeente Westerkertier. Op 1 jannewaris 2009 wennen der 1014 minsken.[2]

Lizzing fan Lytsegast yn de gemeente Grootegast
Lizzing fan de gemeente Gruttegast

Beskriuwing bewurkje seksje

Lytsegast leit op in smelle sânrech, wêr't it doarp ek syn namme wei hat: lutje betsjut "lyts" en gast "geast", sângrûn. Nei alle gedachten kamen der om 2000 f.Kr. hinne al jagers yn dizze kriten, want der binne in pear fûstbilen en in spearpunt út dy tiid fûn. Op it heechste punt fan de sânrêch, sa'n 2,5 meter boppe NAP, stiet tsjintwurdich de herfoarme tsjerke fan it doarp. De sânrêch foarmet in skieding tusken in relatyf nij lânskip fan seeklaai noardlik fan it doarp en in âlder sân- en feangrûnlânskip súdlik dêrfan. Geologysk sjoen leit Lytsegast op it uterste puntsje fan it Drintsk plato.

Lytsegast, dat om 1300 hinne noch yn in soarte fan heal-Latynsk Minorgast neamd waard, wie lang mei de see ferbûn troch in útrinner fan de Lauwers. Dêrfan is yn 1672 noch handich gebrûk makke doe't it leger fan de Biskop fan Münster Bernhard von Galen (1606-1678) Grinslân oanfoel: troch de diken by it doarp "kreatyf" te brûken koe mei help fan it tij sawat trijekwart fan it gebiet om Lytsegast hinne ûnder wetter setten wurde.

Oant 1829 stie yn it doarp de Rikkerdaboarch.

Abel Tasman bewurkje seksje

 
Abel Tasman op in skilderij út 1637 dat taskreaun wurdt oan Jacob Cuyp (1594-1652)

Lytsegast is it berteplak fan de seefarder Abel Tasman (1603-1659), dy't foaral ferneamd wurden is om't er tusken 1642 en 1644 yn tsjinst fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy Tasmaanje en Nij-Seelân ûntdutsen hat. It hûs dêr't er berne is stiet der net mear, mar der binne al in monumint en in tinkstien ta syn oantins. Ek is de strjitte dêr't Tasman oan wenne nei him neamd. Fierders is yn it doarp in oan him wijd museum festige, it Abel Tasman Kabinet.

It dialekt bewurkje seksje

Yn Lytsegast wurdt Westerkertiersk sprutsen, dat in fariant fan it Grinslânsk is, mar dat ek Drintske ynfloeden hat en dêr't wat tongfal en grammatika oanbelanget in soad fan it Frysk yn werom te finen is. Oan it begjin fan de tweintichste iuw sprutsen fierwei de measte bewenners fan it doarp noch Frysk. Ek no noch is te fernimmen dat Lytsegast in grinsdoarp is: hiel wat bewenners binne fan Frysk komôf en hawwe saaklike en sosjale kontakten mei Fryslân.

Tsjerken bewurkje seksje

Keppelingen om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jelle Hendriks Brouwer, artikel yn It Heitelân, 1937, oanhelle yn H.T.J. Miedema, Naamkunde, 1981
  2. (ned) Gemeente Grootegast - Dorpen in cijfers