De Malpassetdaam is in eardere keardaam yn de rivier Reyran by Fréjus yn it departemint Var yn Frankryk. De keardaam is benammen bekend troch de ramp dy't dermei barde doe't hy op 2 desimber 1959 om 21.13 uur skuorde en hielendal ynstoarte. De ramp koste oan 423 minsken it libben (ek oare oantallen wurde neamd). De breuk feroarsake in floedweach fan 40 meter hichte dy't trochraasde mei 70 km/oere. Oarzaak fan de breuk is in net opmurken tektoanyske steuring by de daam, yn kombinaasje mei tanommen belêsting fan dy daam troch oerfloedige rein yn de Côte d'Azur.

Oerbliuwsels fan de daam yn 2007

De daam is boud yn de perioade fan 1952 oant 1954 en wie oanlein as bassin foar yrrigaasje-wetter. De daam wie 60 meter heech boppe it rivierbêd. De opslachmar efter de daam hie in kapasiteit fan 48,1 miljoen m³ en in oerflakte fan 0,48 hektare.

Oerbliuwsels fan de Malpassetdaam, 2008