Mandingo (pornografysk akteur)

Mandingo, echte namme: Frederick Lamont (yn Mississippy, 25 febrewaris 1975), is in Amerikaansk pornografysk akteur en regisseur fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy hat yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammes Big Dick Fred, Curtis,Fred Dingo en Fred Foolish. Mandingo sette yn 1999 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Yn 2013 wied er wrâlds populêrste manlike pornoakteur.

Mandingo (pornografysk akteur)
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Big Dick Fred, Curtis,
Fred Dingo, Fred Foolish
echte namme Frederick Lamont
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 febrewaris 1975
berteplak ûnbekend (Mississippy)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur en -regisseur
jierren aktyf 1999 – no
offisjele webside
Mandingo op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Mandingo waard yn 1975 as Frederick Lamont berne yn 'e Amerikaanske steat Mississippy. Hy waard lykwols grutbrocht yn 'e krite fan Carson en Torrance, yn it suden fan 'e steat Kalifornje. Mandingo makke yn 1999 mei 24 jier syn debút as akteur yn in pornografyske film. Yn in fraachpetear hat er oanjûn dat er dat die om't er jild nedich wie om útsteande skulden te beteljen en om't er as allinnichsteande heit de soarch foar syn dochterke hie.

As pornoakteur kaam Mandingo benammen bekend te stean om syn grutte penis, dy't troch syn kollega's oer it algemien beskôge wurdt as de grutste út 'e skiednis fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. De krante de New York Post berjochte op 12 april 2013 dat de ynfloedrike webside Pornhub Mandingo as de populêrste manlike pornoakteur beskôge.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Mandingo ein 2019 yn krapoan 670 ûnderskate pornofilms spile. Dêrby hied er wurke foar sokke foaroansteande labels as Devil's Film, Jules Jordan Video, Evil Angel, Hustler Video, Adam & Eve, Vivid Entertainment, New Sensations, Elegant Angel, Digital Playground, Red Light District Anabolic Video en Digital Sin. Fierders wied er ek in soad yn 't spier west foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Girlfriends Films, Mile High Media, Legend Video, Metro, Leisure Time Entertainment, Platinum X Pictures, Black Ice, Afro-Centric Productions, Shane's World en Jake Steed Productions. En ek wurke er wol foar pornowebsiden op it ynternet, lykas BangBros en Blacks on Blondes.

Under syn karriêre hat Mandingo gearwurke mei aktrises as Asa Akira, Anikka Albrite, August Ames, Britney Amber, Alexis Amore, Eva Angelina, A.J. Applegate, Asia, Veronica Avluv, Belladonna, Vanessa Blue, Julia Bond, Summer Brielle, Amy Brooke, Mischa Brooks, Casey Calvert, Catalina, Lou Charmelle, Brooklyn Chase, Vicki Chase, Adriana Chechik, Lexi Cruz, Cytherea, Daisy Marie, Dana DeArmond, Sophie Dee, Nikita Denise, Ava Devine, Skin Diamond, Kelly Divine, Lacey Duvalle, Allura Eden, Alana Evans, Sophie Evans, Ariella Ferrera, Jada Fire, Ashley Fires, Alexis Ford, Shay Fox, Havana Ginger, Keisha Grey, Marica Hase, Allie Haze, Holly Hendrix, Jade Hsu, Jasimine Jae, Sara Jay, Julia Ann, Eva Karera, Kagney Linn Karter, Katja Kassin, Anissa Kate, Katsuni, Kimberly Kendall, Bridgette Kerkove, London Keyes, Melissa Lauren, Brooklyn Lee, Kaylani Lei, Leyla Lei, Shawna Lenée, Lea Lexus, Lisa Ann, Brandi Love, Kendra Lust, Chastity Lynn, Krissy Lynn, Mia Malkova, Jade en Nyomi Marcela, Janet Mason, Sabrine Maui, Gianna Michaels, Trina Michaels, Mariah Milano, Kelsi Monroe, Mason Moore, Mandy Muse, Tiffany Mynx, Valentina Nappi, Tricia Oaks, Olivia O'Lovely, Gabriella Paltrova, Penny Pax, Anna Bell Peaks, Alanah Rae, Romi Rain, Riley Reid, Amy Ried, Olivia del Rio, Kristina Rose, Faye Runaway, Katie St. Ives, Mônica Santhiago, Sheena Shaw, Dakota Skye, Aurora Snow, Cindy Starfall, Natalia Starr, Jada Stevens, Misty Stone, Delilah Strong, Kapri Styles, India Summer, Mika Tan, August Taylor, Lucy Thai, Angelina Valentine, Juelz Ventura, Jessie Volt, Candace Von, Kelly Wells, Angela White, Jennifer White en Ricki White.

Mandingo hat troch de jierren hinne tsien kear nominearre west foar in AVN Award (de Oscars fan 'e pornowrâld), wêrûnder yn 2013 en 2014 dy yn 'e kategory fan artyst fan it jier. Yn 2014 wûn er tegearre mei Riley Reid de AVN Award foar bêste sekssêne mei in pearke, foar de film Mandingo Massacre 6. Yn 2011 waard Mandingo ynhuldige as lid fan 'e Urban X Hall of Fame.

Njonken syn aktearwurk wie Mandingo tusken 2002 en 2016 ek aktyf as regisseur fan pornofilms. Yn totaal regissearre er 58 films, frijwol allegear foar de filmstudio West Coast Productions. Yn 2013 sette er útein mei it meitsjen fan 'e tige populêre filmrige Mandingo Massacre.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Mandingo is swart, mei brune eagen en fan natuere swart hier, hoewol't er syn holle oer it algemien keal skeard. Neffens syn offisjele opjefte is er 1.70 m lang. Hy hat gjin tatoeaazjes en ek gjin piercings.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2003 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (fideo) (mei Brie Brooks en Wesley Pipes) Fresh Meat 13
2004 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei August Knight) Once You Go Black
2006 AVN Award nominearre bêste gemy yn in sekssêne (fideo) (mei Tiffany Mynx) Tiffany & Cumpany
2007 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne (fideo) (mei Gianna Michaels) Boob Bangers
nominearre bêste anale sekssêne (fideo) (mei Heather Gables) Weapons of Ass Destruction 4
nominearre bêste ynterrasiale pornofilm Mandingo's Asian Pretty Girls 2
2011 Urban X Award ynhuldige Urban X Hall of Fame n.f.t.
2013 AVN Award nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (mei Chanel Preston) Mandingo Massacre 8
nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
wûn bêste sekssêne mei in pearke (mei Riley Reid) Mandingo Massacre 6

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: