Manon Flier (Nieuwleusen, 8 febrewaris 1984) is in Nederlânske follybalster.

Manon Flier
sporter
Manon Flier
Manon Flier
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 8 febrewaris 1984
berteplak Nieuwleusen
lingte 1,92
sportive ynformaasje
sport Follybal
earste titel Lânskampioen 2002
wichtige prestaasjes
World Grand Prix 2007

EK 2009

Manon Flier
Manon Flier

Flier spile yn it seizoen 2008-2009 yn Itaalje by Jesi. Yn it seizoen 2009-2010 spile hja by Novara, dêr't se ek yn 2004-2005 spile. Oant heal 2011 spile hja by Scavolini Pesaro. Yn Itaalje wurdt Flier sjoen as ien fan de topspylsters yn de follybalwrâld. Heal 2011 makke Flier de oerstap fan Itaalje nei Japan, hja sil spylje foar de klup Toray Arrow[1]

Yn it jier 2001 makke Flier har debút foar de Nederlânske follybalploech. Fan 2005 oant 2008 spile Flier mei in protte oare spylsters fan it Nederlânske follybalploech by Martinus. Yn dy perioade besocht se har te kwalifisearjen foar de Olympyske Simmerspullen fan 2008, de road to Beijing. Dat mislearre lykwols. Underwilens hat de ploech de road to London ynset. Mei de ploech waard der yn 2007 op it grutte World Grand Prix goud helle en wie der in sulveren medalje op it Europeesk kampioenskip follybal yn 2009. Op 15 novimber 2010 hat Manon Flier 318 ynterlannen efter har namme stean.[2]

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Nieuwe club Flier, Bontje, Kooistra". NOS.nl, 18 juny 2011
  2. Manon Flier by de NeVeBo