Margareta fan Bruce (dochter fan Robert I)

Margareta fan Bruce (Ingelsk: Margaret Bruce, Normandysk-Frânsk: Marguerite de Brus; Dunfermline (Skotlân), ±1315Balmuto (Skotlân), 30 maart 1346) wie in Skotske prinsesse en de jongere dochter út it twadde houlik fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.

Margareta fan Bruce
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum ±1315
berteplak Dunfermline (Skotlân)
stjerdatum 30 maart 1346
stjerplak Balmuto (Skotlân)
dynasty Hûs Bruce
etnisiteit Skotsk
Iersk
Ingelsk
Normandysk

Libben bewurkje seksje

Oer Margareta fan Bruce is net sa'n soad oerlevere. Hja waard yn omtrint 1315 yn it Paleis fan Dunfermline berne as de dochter fan kening Robert I fan Skotlân en dy syn twadde frou Elizabeth fan Burgh, nei't har mem út in achtjierrige finzenskip yn Ingelân frijlitten wie. Sawol oan heite- as memmekant stamme hja út foarname Normandyske aadlike geslachten, mei dêropta Skotsk, Ingelsk en Iersk bloed.

Margareta hie in folle suster, Maud, dy't trettjin jier âlder wie, en in jongere broer, David II, mei wa't se njoggen jier skeelde, en dy't nei it ferstjerren fan harren heit kening fan Skotlân waard. In twadde broer fan Maud, David syn twillingbroer, dy't Jan hiet, kaam al mei trije jier te ferstjerren. Margareta hie ek in âldere healsuster, Marjorie, út har heite earste houlik mei Isabella fan Mar.

Yn 1345, doe't se likernôch tritich jier west hawwe moat, troude Margareta mei Willem fan Moraavje, 5e greve fan Sutherland, mei wa't se ien bern krige. Hja stoar op 30 maart 1346 yn Balmuto, yn Fife, yn it kreambêd, nei't hja har soan Jan (1346-1361) te wrâld brocht hie. Margareta waard omtrint 31 jier.

Foarâlden fan Margareta fan Bruce bewurkje seksje

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. Robert fan Bruce, 4e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
8. Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Isabella Canmore, grevinne fan Huntingdon
 
 
 
 
 
 
 
4. Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. Gilbert fan Clare, 5e greve fan Gloucester en Hertford
 
 
 
 
 
 
 
9. Isabella fan Clare, grevinne fan Gloucester en Hertford
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. Isabella Marshal, grevinne fan Pembroke
 
 
 
 
 
 
 
2. Robert I, kening fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Cailean, greve fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
10. Neil, greve fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. ûnbekend
 
 
 
 
 
 
 
5. Marjorie, grevinne fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Walter Stewart, 3e grutsteedhâlder fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
11. Margareta Stewart, frouwe fan Dundonald
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. Bethóc, grevinne fan Angus
 
 
 
 
 
 
 
1. Margareta fan Bruce
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Richard fan Burgh, 1e baron fan Konnacht
 
 
 
 
 
 
 
12. Walter fan Burgh, 1e greve fan Ulster
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. Egidia fan Lacy, baronesse fan Konnacht
 
 
 
 
 
 
 
6. Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
26. Jan FitzGeoffrey
 
 
 
 
 
 
 
13. Isabella FitzJohn
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
27. Isabella Bigod
 
 
 
 
 
 
 
3. Elizabeth fan Burgh, grevinne fan Ulster
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. Hubert fan Burgh, 1e greve fan Kent
 
 
 
 
 
 
 
14. Jan fan Burgh
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Beätriks fan Warenne
 
 
 
 
 
 
 
7. Margareta fan Burgh
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. Willem III fan Lanvaley
 
 
 
 
 
 
 
15. Hawise fan Lanvaley
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Maud fan Peche
 
 
 
 
 
 

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: