Marije-Himelfearttsjerke (Moskou-Kitaj Gorod)

De Tsjerke fan 'e Untsliepenis fan 'e Mem Gods (Russysk: Церковь Успения Пресвятой Богородицы) is in otterdokske parochytsjerke yn Moskou. De tsjerke stiet yn it distrikt Kitaj-Gorod yn it sintrum fan Ruslân's haadstêd en waard boud yn 'e 17e iuw. It adres fan 'e tsjerke is Nikolaskaja Ulitsa 8, mar it gebou giet skûl efter bebouwing en is fan 'e strjitte ôf net te sjen.

Marije-Himelfearttsjerke

Богородицкая церковь

Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 45' N 37° 37' E
Arsjitektuer
boujier 1691
boustyl barok
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 771410299380006
Kaart
Marije-Himelfearttsjerke (Moskou)
Marije-Himelfearttsjerke

Skiednis bewurkje seksje

De tsjerke waard oarspronklik op it plak fan in âldere kapel troch de bojaar Michail Saltykov boud, dy't werom kaam fan syn ferballing en de tsjerke as in hûstsjerke by syn hûs liet bouwe. De tsjerke waard wijd oan de mirredragers en stie oarspronklik midden op in binnenhôf.

Sûnt 1803 waard de tsjerke in filiaaltsjerke fan 'e yn 1934 ôfbrutsen Tsjerke fan de Trije-ienheid yn de fjilden. Yn it midden fan 'e 19e iuw waard de tsjerke op 'e nij in selsstannige parochytsjerke.

Under it ateïstyske rezjym fan 'e bolsjewiken waard de tsjerke sletten. De eardere tsjerke waard brûkt as sliepplak foar de Revolúsjonêre Militêre Ried en dêrnei oerdroegen oan it Folkskommissariaat fan 'e Marine. Foar in lange tiid bleau it gebou leechstean. Yn 'e jierren 1960-1970 krige de eardere tsjerke in kantoarbestimming en wer letter, yn 1977, naam in organisaasje it gebou yn gebrûk, dy't mei wittenskip en konservaasje dwaande wie.

Yn it begjin fan 'e jierren 1990 waard de tsjerke werom jûn oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke en in restauraasje folge. Yn 'e jierren 2000 waard de tsjerke wer foar de earetsjinst iepene.[1]

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: