Marijetsjerke (Mantgum)

De Marijetsjerkeyn Mantgum is it tsjerkegebou fan de protestanske gemeente Mantgum-Skillaerd.

Marijetsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Mantgum
adres Seerp van Galemawei
koördinaten 53° 07'N 5° 43'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier tsjerke: 16e iuw
toer: 19e iuw
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8498 [1]
Webside
PKN-gemeente Mantgum-Skillaerd
Kaart
Marijetsjerke (Fryslân)
Marijetsjerke

Skiednis bewurkje seksje

De ienskepige tsjerke mei in fiifsidich koer datearret neffens de muorredikte út de midsiuwen en wie yn de katolike tiid wijd oan de hillige jongfaam Marije. De tsjerke waard yn de jierren 1865-1867 neffens plannen fan J.I. Douma ferhege en bepleistere en krige doe spitsbôgeramen.

De âlde sealtektoer waard yn 1868 ôfbrutsen en ferfongen troch in nije toer mei in ynsnuorre spits. Yn de toer hingje in yn 1499 troch Geart fan Wou getten klok en in yn 1896 troch de firma Van Bergen getten klok.

 
Van Dam-oargel út 1879

Ynterieur bewurkje seksje

It ynterieur wurdt oerkape mei in tonferwulft en hat noch in geef iken tsjerkemeubilêr út 1799-1781 fan de Ljouwerter houtbewurker Hermannus Berkebijl. Ek de opstelling fan it meubilêr is bewarre bleaun; oan de súdlike kant steane de ryk bewurke (iepen) banken foar de froulju, wylst op de noardlike kant de banken foar de manlju opsteld steane en oan de eastlike kant de banken foar de tsjerkfâlden. It houtsnijwurk op en yn it meubilêr is yn Loadewyk XVI-styl. Unyk foar Fryslân is de rûne preekstoel mei it rûne klankboerd yn de dooptún. Yn de tsjerke lizze sarken fan de bewenners fan Hokswier, de Fan Galama's en de Botnia's.

De brânskildere ramen mei ôfbylden fan tsjerken en tuorren fan de gemeente binne oarspronklik ôfkomstich út it eardere gemeentehûs fan Baarderadiel. Se waarden makke troch J.H. Wijkmans en binne by de bou fan it gemeentehûs yn 1939 troch de befolking oanbean. Nei de gemeentlike weryndieling fan 1984 ferhûzen de ramen nei de tsjerke.

Oargel bewurkje seksje

It oargel waard yn 1879 troch Van Dam en Soannen boud en ferfong doedestiids in oargel út 1831 fan J.A. Hillebrand.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Zwolle: Waanders. ISBN 90 400 9476 4
  • Karstkarel, Peter (2007) Alle middeleeuwse kerken: Van Harlingen tot Wilhelmshaven Leeuwarden/Groningen, Uitgeverij Noordboek, ISBN 978 9033005589