In marimba is in oan de ksylofoan besibbe muzykynstrumint út de famylje fan de idiofoanen. Marimba's wurde yn de folksmuzyk mar ek yn de klassike muzyk brûkt.

Konsertmarimba

De marimba kin beskôge wurde as de alt- of basferzje fan in ksylofoan. In marimba hat in folle waarmere en follere klank as in ksylofoan. In 5-oktaafsk konsertmarimba hat in berik fan C2-C7, lytsere (makliker te ferfieren) marimba's hawwe in folle lytser berik A3-C7.

De toetsen wurde ornaris stimme mei in boppetoanferhâlding 1:4:10 oftewol grûntoan, dûbeloktaaf en tripeloktaaf+terts. Eventueel kinne sels de 3e en 4e boppetoan stimme wurde. It stimmen fan marimbatoetsen bart krektengelyks as by in ksylofoan troch oan de ûnderside materiaal wei te fyljen/skuorjen. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. * Helmut Brenner: Marimbas in Lateinamerika. Historische Fakten und Status quo der Marimbatraditionen in Mexiko, Guatemala, Belize, Honduras, El Salvador, Nicaragua, Costa Rica, Kolumbien, Ecuador und Brasilien (=Studien und Materialien zur Musikwissenschaft 43), Hildesheim–Zürich–New York: Georg Olms Verlag, 2007.