Marinus Adrianus Koekkoek (1873-1944)

Marinus Adrianus Koekkoek (Amsterdam, 29 jannewaris 1873 – Amsterdam, 30 maaie 1944) of M.A. Koekkoek II wie in Nederlânske tekener en skilder fan benammen bisten en fûgels. Hy kaam út de skildersfamylje Koekkoek. Syn âlde pake wie Johannes Hermanus Koekkoek (1778-1851), syn pake wie Hermanus Koekkoek (1815-1882), syn heit Willem Koekkoek (1839-1895) en syn broer wie Hermanus Willem Koekkoek (1867-1929).

Marinus Adrianus Koekkoek (1873-1944)
keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1873
berteplak Amsterdam
stoarn 1944
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as tekener, keunstskilder
bekendste
  wurk(en)
skoalplaten In ons land
yllustraasjes De Vogels van Nederland
jierren aktyf 1888-1944 [1]

Skoalplaten bewurkje seksje

Koekkoek makke de akwarellen foar rigen fan 12 skoalplaten dy't brûkt waarden by it fak 'kennis fan de natuer':

Searje In ons land Searje Buiten ons land
  • Het Naardermeer
  • In de weide
  • In sloot en plas
  • Zoetwatervissen
  • In de Noordzee
  • Wintervogels
  • Aan het strand
  • In het duin
  • Bij de ruïne
  • Aan de rivier
  • Op de heide
  • In het bosch
  • Bewoners van de Karpaten
  • Te midden van sneeuw en ijs
  • In een Duitsch bergwoud
  • In het gebied van de Boven-Nijl
  • Aan de rand van de Kalahari
  • Onder de dadelpalmen
  • Noord-Amerikanen woudbewoners
  • In het Braziliaansche oerwoud
  • In de Syberische vlakte
  • Op Borneo
  • In de Rimboe
  • Uit de Australische dierenwereld

Fûgelyllustraasjes Ornithologia Neerlandica bewurkje seksje

 
Pappegaaien

Koekkoek wie fan 1 jannewaris 1918 ôf oan as wittenskippelik tekener yn tsjinst fan it Ryksmuseum fan Natuerlike Histoarje yn Leien, dêr't er tweintich jier arbeide. Tusken 1922 en 1935 makke er 407 yllustraasjes foar it boek Ornithologia Neerlandica, better bekend as De Vogels van Nederland fan Eduard Daniël van Oort. Dy yllustraasjes waarden kopiearre yn The Handbook of British Birds fan Harry Forbes Witherby.

As frij keunstner skildere Koekkoek ympresjonistyske lânskippen mei fûgels en plomfee.

Ferskaat bewurkje seksje

Om him te earjen waard e slangesoarte Typhlops koekkoeki nei him ferneamd.[2]

Keppelingen om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Profyl RKD
  2. Beolens, Bo; Watkins, Michael; Grayson, Michael (2011). The Eponym Dictionary of Reptiles. Baltimore: Johns Hopkins University Press. xiii + 296 pp. ISBN 978-1-4214-0135-5. ("Koekkoek", s. 144).