Marinus van Meel (Rotterdam, 28 novimber 1880Den Haach, 12 juny 1958) wie in Nederlânske fleander en fleanmasinebouwer.

Marinus van Meel oan de stjoerkneppel (1911)

Van Meel kaam út in Rotterdamske sakefamylje en wurke nei't er skoalle ôfmakke hie as tsiiseksporteur. Hy krige niget oan de fleanderij doet er in fleandemonstraasje fan de Belgyske fleander Jan Olieslagers yn 1910 bywenne. Op de fleanskoalle fan Henri Farman yn Frankryk helle hy op 11 maaie 1911 syn fleanbrevet, nr. 511. By Farman kocht er ek syn earste fleanmasine, wêrmei't er dielnaam oan de etappe Luik-Soesterberg fan de Jeropeeske Rûnflecht. Yn septimber fan dat jier die er ek mei oan militêre oefenings; de earste kear dat fleanmasines belutsen wiene by oefenings fan it Nederlânske leger.

Yn 1912 boude Van Meel, wilens oant wurk by de firma Verwey & Lugard te Soesterberg, syn earste eigen fleantúch, in ferbettere ferzje fan de Farman III. In twadde tastel folge yn 1913, de saneamde Brik. Dit tastel waard troch de krekt oprjochte Loftfeartôfdieling (LFO) fan it leger hierd en letter kocht. It wie doe de earste Nederlânske militêre fleanmasine. De Wetterbrik wie in selde tastel, mar dan mei driuwers útrist. Dêrmei makke Van Meel flechten fan de Waal ôf by Tiel. Yn 1914 ferûngelokke dit tastel by in demonstraasje foar de marine. Wol waard itselde jier in twadde 'Brik' oan de LFO levere. Van Meel hat doe in skoft eigner west fan de NV Van Meel's Vliegtuigenfabriek, earst yn Soesterberg en letter yn Gilze-Rijen; dit wie it fabryk dy't 'de Brik II' oan it leger levere, in fergrutte ferzje fan de earste Brik. Doe't de Earste Wrâldkriich útbriek waard Van Meel as fleander koarte tiid mobilisearre. Nei tsjinst luts er him werom út de fleanderij. Fan 1936 ôf wie er direkteur fan 'Van Meel Koalen- en Skipfeartbedriuw' yn Rotterdam.

Yn 1952 makke er mei Gerben Sonderman syn lêste flecht boppe Nederlân yn in striellesfleantúch fan het type Fokker S.14.[1] Van Meel stoar thús oan de Koningin Emmakade yn De Haach yn de âldens fan 77 jier.[1]

Underskieding bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 De Tijd Marinus van Meel overleden, 13 juni 1958, rieplachte op 13 oktober 2016