Marleen Felius (Hillegersberg, 23 jannewaris 1948) is in Nederlânsk byldzjend keunstner dy't hoarnbisten as haadûnderwerp hat.

Marleen Felius
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Maria Lena Felius
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 23 jannewaris 1948
berteplak Hillegersberg
wurkpaad
wurksum as Byldzjend keunstner
streaming figuratyf
medium akwarel, ferven
jierren aktyf 1968 – no
offisjele webside
http://www.marleenfelius.nl/

Biografy bewurkje seksje

Wurkpaad bewurkje seksje

Fan 1965 oant 1970 folge sy har oplieding oan de Willem de Kooning Akademy yn Rotterdam. As eksamenwurkstik makke se skilderijen fan kij.
Se eksposearret nasjonaal en ynternasjonaal yn museums en galerys.
Op de Nasjonale Rundfee Manifestaasje portrettearret sy de kampioenskij dy't de priis foar de fokker is. Sa hat se ek de ferneamde fokbolle "Sunny Boy" fan it CRV skildere.

Felius hat stúdzje makke fan kowerassen oeral yn de wrâld. Se skreau ûnder oare de ensyklopedy Cattle Breeds, an Encyclopedia en yllustrearre dy mei foto's en akwarellen. Yn 1995 is dy – mei in protte orzjinele akwarellen – de Keunsthal Rotterdam oanbean.
As promovendus oan de Universiteit Utert ferdigene sy yn 2016 har proefskrift oer de needsaak fan diversiteit by kowerassen.

Neist har skilderwurk en boeken oer kobisten, sammelet se ek dingen fan en oar dizze bisten, bygelyks kowebellen en hoarnen. Oar fee lykas bargen hawwe har omtinken ek.
Tegearre mei biolooch/skriuwer Anno Fokkinga wûn hja yn 2000 mei it boek “Het Varken” de Eurekapriis foar wittenskipskommunikaasje.

Privee bewurkje seksje

Marleen Felius is troud mei skilder John van 't Slot.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: