Martin Van Buren (Kinderhook (New York), 5 desimber 1782 – dêre, 24 july 1862) wie de 8ste Presidint fan de Feriene Steaten fan 1837 oant 1841. Earder wie er de 8ste ficepresidint fan de FS fan 1833 oant 1837 ûnder presidint Andrew Jackson. Van Buren wie earder ek, ûnder Andrew Jackson, de 10de Minister fan Bûtenlânske Saken en yn 1829 Gûverneur fan New York. Van Buren wie de earste presidint dy't nei de Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring berne wie. Hy wie ek de earste presidint fan net-Britske komôf en is de iennige presidint waans memmetaal net Ingelsk wie; syn earste taal wie it Nederlânsk. Hy stoar op 24 july 1862 mei 79-jier op syn bûtenpleats Lindenwald, oan astma en hertproblemen.

Dit artikel is in stobbe oer politikus‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Martin van Buren
Syn hantekening

Keppelings om utens bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Martin Van Buren fan Wikimedia Commons.