Martinytsjerke (Snits)

De Grutte of Martinitsjerke is de meast sintrale tsjerke yn Snits. Se krige har namme troch Sint-Maarten, de skutspatroan fan Snits.

Grutte of Martinytsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Snits
adres Grutte Tsjerkstrjitte
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 15e iuw
boustyl Letgoatysk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 34008
offisjele webside
Side PKN Snits

Skiednis bewurkje seksje

Gebou bewurkje seksje

 
Martinitsjerke foár 1681

De Martinytsjerke is boud yn de 11e iuw en is boud fan dowestien. Nei alle gedachten hat yn de 11e iuw de âldste, houten tsjerke op dat stee boud west. Ein 13e iuw, doe Snits in stêd en in selsstannich dekanaat wurden wie, en it grutste part fan de gebouwen troch in stêdbrân ferwoastge waard, waard op dat stee in stienen tsjerke boud mei twa tuorren. Der waard ek in houten klokketoer út 1489, mei liedklokken út 1466 en 1543 byboud.

De hjoeddeiske tsjerke is út 1498, dan waard it koar en it skip fernijd yn de goatyske styl. De sakristy oan de súdkant is út de 16e iuw en wurdt no as konsistoarjekeamer brûkt. Yn 1681 stoart it Romaanske westfront yn elkoar en dêrtroch ek de middelste fan de trije tuorren; de oare beide tuorren wurde ôfbrutsen. De tsjerke is slim beskeadige en wurdt werboud, mar de tuorren net. Yn de 18e iuw waard doe lykwols de dakruter ferfongen troch in koepel, dat yn 1925 moasten de pylders fan de tsjerke restaurearre wurde om't it tek it gewicht net drage koe. Ek wurdt elektrisiteit oanlein. Ek yn de 70-er en 80-er jierren wurdt de tsjerke yngreven restaurearre. De tsjerke leit op in terp yn it sintrum fan Snits; it is in trijebeukige basilyk, dêr't de âldere fûneminten yn it plaveisel fan it Alde Tsjerkhôfyn oanjûn binne. De tsjerke is simmerdeis op wykdagen middeis te besichtigjen en soms ek jûns.

Ynterieur bewurkje seksje

 
Oersjoch ynterieur

Troch de Reformaasje giet de tsjerke yn 1580 oer yn protestantske hannen. It ynterieur wurdt fersobere, alters en bylden ferdwine, it oargel mei net mear brûkt wurde. Yn de 17e iuw wurdt de tsjerke wer wat oanklaaid mei skilderstikken en tekstboerden. Yn 1795 is de Bataafske Revolúsje, it giet om "Frijheid, gelykheid en bruorskip". De brânskildere ramen wurde ferfongen troch helder glês, de 'eptige' rouboerden en famyljewapens op de banken wurde weihelle.

Portalen bewurkje seksje

Oan alle fjouwer kanten is in portaal:

  • Oan de eastkant is de âldste tagong mei in poarte út 1652.
  • Oan de westkant is in tagong dy't oanlein is nei't it westwurk fan de tsjerke nei 1681 ôfbrutsen wie.
  • Oan de súdkant is in lytse houten yngong foar de earmen en wezen.
  • Oan de noardkant is in grutte yntree makke, yn klassisistyske styl. Dit is de haadyngong, en sit oan de kant fan it stêdhûs.

Muzyk bewurkje seksje

Oargel bewurkje seksje

 
Arp Schnitger oargel

It haadoargel is boud yn 1710-1711 troch de ferneamde oargelbouwer Arp Schnitger. Yn 1925 waard it noch oarspronklike Schnitgerpedaal ferfongen troch in nij pedaal mei pneumatyske kegelladen.

Yn 1988 waard it oargel restaurearre troch Bakker & Timmenga út Ljouwert en it yn 1925 pleatste pedaal waard ferfongen troch in pedaal mei meganyske traktuer. Ek waard it ynstrumint útwreide mei in Rêchwurk yn de besteande kas. It oargel hat no 39 stimmen, ferdield oer Haadwurk, Rêchwurk, Swolwurk en Pedaal.

Koaroargel bewurkje seksje

Yn 1985 waard it tsjerkeoargel yn gebrûk nomd. It is boud troch J.L. v.d. Heuvel te Dordrecht nei in ûntwerp fan Cavaillé-Coll (1811-1889).

Kariljon bewurkje seksje

It Snitser beiaard is it grutste klokkespul fan Fryslân en ien fan de grutste fan Nederlân. Der binne 50 klokken, krektas yn de Domtoer yn Utert. De grutste beiaard fan Nederlân bestiet út 67 klokken en sit yn de toer fan de Grutte of Us-Leaffroutsjerke yn Dordrecht. Hoewol't de Martinitoer oant 1681 trije tuorren hie, hongen de klokken yn ien klokhûs. Yn it earstoan stie dy noardwestlik fan de tsjerke, dy't yn 1489 boud waard.
De stedsbeiaardier fan Snits is sûnt 1963 Dirk S. Donker (1941). Oant 2001 wie hy ek stedsbeiaardier fan Grins.

Jongeskoar bewurkje seksje

Dirk Donker is oprjochter en fêste begelieder fan it jongeskoar.

Stichting Kulturele Eveneminten Martinytsjerke Snits bewurkje seksje

Elke moanne organisearret Stichting Kulturele Eveneminten in foarstelling yn de tsjerke.

Ofbylden bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Martinytsjerke (Snits) fan Wikimedia Commons.