Martlers fan Gorkum

De Martlers fan Gorkum wie in groep fan 19 katolike preesters en muontsen, dy't yn 1572 troch de wettergeuzen by de oerjefte fan Gorkum finzen nommen en tamtearre waarden en dêrnei yn Brielle ferhongen waarden, om't se wegeren harren leauwe te fersaakjen. Paus Pius IX ferklearre de martlers fan Gorkum op 29 juny 1867 hillich. De feestdei fan de martlers fan Gorkum is 9 july.

De Martlers fan Gorkum (Cesare Fracassini (1838-1868))

Eftergrûn bewurkje seksje

It jier 1568 joech it startskot foar de Tachtichjierrige Oarloch, wêryn't de protestantske Nederlanners yn opstân kamen kamen tsjin de katolike hearsker Filips II fan Spanje.

Op 1 april 1572 wisten de geuzen Brielle as earste stêd yn te nimmen. Dat barde ûnder lieding fan Willem fan der Marck, hear fan Lummen, dy't it grou hie oan alles wat roomsk wie. Nei de ferovering fan Brielle folgen grutte dielen fan Seelân en Hollân. Op 26 juny 1572 leine 13 boaten fan de geuzen ek foar de muorren fan Gorkum. De mei bútmakke prosesjefindels fersierde float stie ûnder lieding fan Martinus Brant. De Gorkumer befolking, foar it grutste part noch katolyk, keas der foar om geweld te mijen. Oaren waarden oerhelle mei moaie ûnthjitten oer legere prizen foar moal en bôle en minder belestings. En sa koene de geuzen Gorkum dy moarns sûnder slach de stêd ynnimme.

De martlers bewurkje seksje

Krekt foar de kapitulaasje fan de stêd hiene de pastoars en muontsen dochs noch harke nei it fersyk fan de baljuw om harren werom te lûken yn it kastiel. Nei't de geuzen de stêd binnen teagen en ek de stedskanonnen feroveren, wie der gjin hâlden mear oan. Martinus Brant ûnthiet foar elts in frije ôftocht as ek it kastiel opjûn waard, mar ynstee dêrfan waarden de geastliken fuort ôfsûndere en yn de tsjerker fan it kastiel finzen set. Wat folge wiene njoggen dagen fan spot, yntimidaasjes, narderij en mishannelings om de geastliken safier te krijen dat se de lichaamelke oanwêzigens fan Jezus yn de eugaristy ôfswarden en it primaat fan de paus leagenje soene.

Op it feest van de Besite fan Marije krige pastoar Lenaert Vechel de opdracht fan Martinus Brant om in preek te hâlden neffens de nije lear. Brant fertroude op de útwurkings fan de yntimidaasjes en mishannelings en dat hy sa demonstrearje koe dat ek de populêre pastoar de nije lear oannomd hie, mar ynstee dêrfan trune de pastoar yn in groatfolle tsjerke syn gehoar oan om fêst te hâlden oan it katolike leauwe en dat er, as dat nedich wêze moast, ree wie om syn libben foar it katolike leauwe te offerjen. De geuzen wiene poer en sa gau mooglik waard de pastoar werom nei de tsjerker brocht. Yntusken hie Lumey al witte litten dat de geastliken stjerre moasten.

Om ûnrêst yn de stêd tefoarren te kommen waarden de geastliken yn de nacht fan 5 op 6 july út de tsjerker helle en op de boat nei Brielle set. Underweis lei it skip op snein yn Doardt oan, dêr't de geastliken nije fernederings ûndergyngen en yn in âlde skûte oerladen waarden, dy't in oere yn 'e wyn stonk nei bedoarne lading. De oare deis, op moandei 7 july, kaam de skûte ier yn 'e moarn yn Brielle oan, dêr't Lumey al op de kaai stie te wachtsjen. Dêr waarden de geastliken mei syn twaen oan inoar fêstbûn en yn in prosesje, mei de boal dy't in prosesjefindel fêsthold foarop, troch geuzen mei knuppels nei it sintrum fan de stêd dreaun. Om it religieuze karakter fan de tocht te fuortsterkjen waarden se twongen religieuze lieten te sjongen. Gekoanstekkerich âlen de geuzen dêr mei harren rauwe lûd oer hinne. Underweis folgen mishannelingen en nei't de prosesje trijeris om de galge hinne gien wie gyng de optocht fierder om by noch trije oare katolike finzenen yn de tsjerker smiten te wurden.

 
19e iuwske print fan de 19 martlers fan Gorkum

De stedsried fan Brielle moast alles mei ûlseagen oansjen en skreau yn alle hasten noch in fersyk oan Willem fan Oranje om it libben fan de geastliken te rêden. De oare deis kaam fan de prins al it befel om de katoliken fuortendaliks frij te litten, mar it waard net útfierd. Likemin koe jild, dat ynsammele wie troch freonen en famyljeleden fan de geastliken om se frij te keapjen, Lumey oerhelje om de geastliken frij te litten. Noch flak foar de eksekúsje waard der in dispút tusken de twa pastoars fan de Grutte Tsjerke fan Gorkum en twa kalvinistyske predikanten holden. Ta grutte argewaasje fan de omstanners holden de pastoars lykwols hoek en lieten se harren net yn it nau driuwe of fan de wize bringe. Dy nacht, de nacht fan tiidsdei 8 july op woansdei 9 july waarden de geastliken nei in plondere en ôfbaarnde kleaster yn Rugge krekt bûten Gorkum brocht. Noch ienris krigen se de kâns frijlitten te wurden as hja harren katolike leauwe ôfswarre woene, mar ek no wegeren se alle njoggentjin. Ek de noch 18 jier âlde lekenbroeder Hindrik, dy't earder syn leauwe ôfsward hie mar spyt krige, hie him wer by de geastliken foege. Hindrik wist him lykwols it libben te rêden troch twa jier fan syn âldens ôf te ligen, sadat de geuzen him dochs te jong fûnen om him op te hingjen. Hy mocht tasjen hoe't de oare 19 geastliken ien foar ien yn in turfskuorre oan 'e balken ophongen waarden. Dêrnei waarden de liken skeind, dielen fan de lichems waarden ôfsnien en ferdield ûnder it folk. It nijs yn Gorkum kaam hurd oan en in pear boargers wisten mei jild Lumey safier te krijen dat de liken yn kûle yn de turfskuorre begroeven waarden.

Ferearing bewurkje seksje

 
De skryn mei de reliken fan de martlers fan Gorkum yn de Brusselske Nikolaastsjerke

Tsjûgen hawwe de skiednis fan de martlers yn it wurk Historiae Martyrum Gorcomiensium optekene sadat der hjoeddedei in soad bekend is oer de grouwélige skiednis en syn slachtoffers. In wichtige oanfolling is Historiae Martyrum Batavicorum fan Petrus Opmeer út 1595. Goed tweintich jier letter nei de moard op de geastliken slaggen twa fransiskanen der yn om de bonken fan de martlers op te graven, dy't se nei de súdlike katolike Nederlannen brochten.

De grûn dêr't de geastliken fermoarde binne waard yn de 19e iuw oankocht om der in kapel op te bouwen, dy't letter ferfongen is troch in grutte tsjerke. Foar yn de tsjerke stiet in skryn mei sa'n 70 reliken fan de martlers. Efter de tsjerke leit it saneamde martelfjild, dat mei in stiennen muorre mei in krúswei omklamme wurdt. Op dat plak hat eartiids de turfskuorre stien. De koepelfoarmige siboarium datearret út 1917 en stiet op it plak dêr't eartiids de turfskuorre stien hat. In betonnen râne yn it gers markearret it oarspronklike plak fan de turfskuorre. Op de plak dêr't eartiids de fiskfiver fan it kleaster lei is tsjintwurdich noch in fiver, dyt bekend is ûnder de namme "De Hillige Put". Yn it wetter fan de fiver waarden eartiids de bonken wosken en dêrom soe neffens guon it wetter heilsum wêze.[1][2]

Hillichferklearring bewurkje seksje

Paus Klemens X ferklearre op 14 novimber 1675 de martlers sillich. Twa iuwen letter folge op 29 juny 1867 de hillichferklearring troch paus Pius IX. Op it plak dêr't it ophingjen fan de geastliken plak fûn hat waard yn 1932 in kapel boud, dat tsjintwurdich in beafeartsplak is.

De martlers bewurkje seksje

Under de 19e martlers wiene alve fransiskanen, ien dominikaan, twa norbertinen en fiif sekuliere preesters.

  1. Leonardus fan Veghel (1527), sûnt 1566 pastoar fan Gorkum
  2. Petrus fan Assche (1530), fransiskaan
  3. Andreas Wouters (1542), pastoar fan Heinenoord yn Hoeksche Waard
  4. Nikasius fan Heeze (1522), fransiskaan, teolooch en pater
  5. Hieronymus fan Weart (1522), fransiskaansk preester, pastoar yn Gorkum
  6. Antonius fan Hoornaar (bertejier net bekend), fransiskaansk preester
  7. Godfried fan Duynen (1502), preester, earder pastoar yn Noard-Frankryk
  8. Willehad fan Denemark (1482), fransiskaansk preester
  9. Jakobus Lakobs (1541), norbertyn
  10. Fransiskus de Roye (1549), fransiskaansk preester
  11. Joannes fan Keulen, (bertejier net bekend), dominikaansk preester, pastoar yn Hoornaar
  12. Antonius fan Weert (1523), fransiskaansk preester
  13. Theodorus fan der Eem (tussen 1499–1502), fransiskaansk preester
  14. Kornelius fan Wyk by Duerstede (1548), fransiskaanske lekenbroeder
  15. Adrianus fan Hilvarenbeek (1528), norbertyn en pastoar yn Monster
  16. Godfried fan Mervel (1512), fransiskaansk preester en koster van it kleaster yn Gorkum
  17. Joannes fan Oisterwyk (1504), reguliere kanunnik
  18. Nikolaas Poppel (1532), kapelaan yn Gorkum
  19. Nikolaas Pieck (1534), fransiskaansk preester, teolooch en sûnt 1568 hoeder fan it minderbruorrekleastser yn Gorkum.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: