De Massesyljers (Aldgryksk: Μασαισύλιοι Masaisylioi, Berbersk: ⵉⵎⴰⵙⵉⵍⵉⵢⵏ Imasiliyen, Latyn: Masaesyli) wiene in Berberske stamme fan westlik Numydje, yn hjoeddeistich Algerije, en tsjinstanners fan de Massyljers yn eastlik Numydje.

It gebiet fan de Massesyljers yn it grien

Yn de Twadde Punyske Oarloch keazen de Massesyljers ynearsten de kant fan de Romeinske Republyk en waarden laat troch harren kening Syffaks, dy't tsjin de Massyljers ûnder harren kening Masinissa, dy't in bûnsmaat fan de Kartaachske Republyk wie, focht. Nei't Masinissa en de Massyljers de kant fan Rome keazen, keazen de Massesyljers de kant fan Kartago en syn generaal Hasdrubal Gisko tsjin Rome. Syffaks waard ferslein en hy brocht de rêst fan syn libben troch yn in Romeinske finzenis. Kening Masenissa waard dêrnei kening fan it ferienige Numydje.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen bewurkje seksje