Mathijs Accama (Boerum, 1702 - Ljouwert 1783) wie in Frysk portretskilder, dekoraasjeskilder en histoarjeskilder. Hy is de soan fan Simon Accama en broer fan keunstskilder Bernardus Accama dy't tagelyk syn learmaster wie. Op syn stúdzjereis nei Itaalje hat er in protte kopyen nei Italiaanske masters makke.

Portretskilderingen fan Mathijs Accama hingje yn it Frysk Museum, wêrûnder dy fan Maria Louise.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red., Ensyklopedy fan Fryslân, (Amsterdam: Elsevier, 1958) Accama, Mathijs.
  • Mattijs Accama