In matroas is de leechste militêre rang by de marine (yn Nederlân sprekt men by sokke lege rangen yn it militêre jargon fan stannen). De ekwivalinte stân by de mariniers is marinier, de ekwivalinte stân by de lânmacht en loftmacht is soldaat, en de ekwivalinte stân by de maresjesee is maresjesee. Mei-inoar wurde dy saneamde ûngraduëarre stannen ek manskippen neamd. Sy fersoargje alle legere útfierende taken en binne ynsetber foar ûnderskate tsjinsten binnen de ienheid fan it kriichsmachtsûnderdiel dêr't se ta hearre.

Gradaasjes bewurkje seksje

By de Nederlânske Keninklike Marine is de stân fan matroas ûnderferdield yn trije klassen:

  • matroas 3e klasse
ekwivalint mei: soldaat 3e klasse by de lânmacht en loftmacht, marinier 3e klasse by de mariniers en maresjesee 4e klasse by de maresjesee
  • matroas 2e klasse
ekwivalint mei: soldaat 2e klasse by de lânmacht en loftmacht, marinier 2e klasse by de mariniers en maresjesee 3e klasse by de maresjesee
  • matroas 1e klasse
ekwivalint mei: soldaat 1e klasse by de lânmacht en loftmacht, marinier 1e klasse by de mariniers en maresjesee 3e klasse by de maresjesee

De oansprektitel fan matroazen is yn alle gefallen "matroas".

Skematysk oersjoch bewurkje seksje

Oersjoch fan 'e ûnderskate manskipstannen:

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OR-2
  soldaat 1e klasse
soldaat
(by de artillery: kanonnier;
by de kavalery: huzaar)
  matroas 1e klasse
matroas
(by it Korps Mariniers: marinier 1e klasse, marinier)
  soldaat 1e klasse
soldaat
  maresjesee 3e klasse
maresjesee
  soldaat 2e klasse
soldaat
(by de artillery: kanonnier;
by de kavalery: huzaar)
  matroas 2e klasse
matroas
(by it Korps Mariniers: marinier 2e klasse, marinier)
  soldaat 2e klasse
soldaat
NATO rang OR-1
  soldaat 3e klasse
soldaat
(by de artillery: kanonnier;
by de kavalery: huzaar)
  matroas 3e klasse
matroas
(by it Korps Mariniers: marinier 3e klasse, marinier)
  soldaat 3e klasse
soldaat
  maresjesee 4e klasse
maresjesee

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.