Matthias Ettrich (14 juny 1972 yn Bietigheim yn Dútslân) is in ynformatikus en de inisjatyfnimmer fan it KDE-projekt. Hy joech yn 1996 op it Usenet de oanset foar in „konsistinte, kreaze en frije buroblêdûmjouwing“[1] foar Unix, dat op de Qt-GUI-Toolkit basearre is. De Ingelske ôfkoarting GUI (Graphical User Interface) stiet foar grafyske-brûker-ynterfaasje en de toolkit is in samling (diel)programma's.

Matthias Ettrich op 'e Linux-dei 2005

Earder programmearre Matthias Ettrich yn 1995 it grafyske TeX-front LyX, dat er as studint as ûnderdiel fan 'e stúdzje ûntwikkele. Om't LyX benammen foar Linux betocht wie, besocht er it Linux-buroblêd foar brûkers ienfâldiger te meitsjen. It ynsjoch, dat soks allinne mar mooglik wie troch soks yn partsjes op te dielen, late úteinlik ta it opsetten fan it KDE-projekt.

Ettrich studearre oan it Wilhelm-Schickardynstitút foar ynformatika fan de Eberhard Karlsuniversiteit yn de Súddútske stêd Tubingen. Nei de stúdzje wurke er by de firma Trolltech yn Oslo oan it fierder ûntwikkeljen fan Qt, de basis ûnder KDE. Sûnt 2006 fungearret er als lieder fan de yn dat jier iepene festiging fan Trolltech yn Berlyn, dy't sûnt 2012 as takke fan it Finske Digia - hjoeddeiske eigener fan Qt Development Frameworks - fierder giet.

Yn 2009 waard Matthias Ettrich foar it inisjatyf fan it iepenboarne-projekt KDE de Oarder-foar-fertsjinsten fan de Bûnsrepublyk Dútslân ferliend.[2]

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Koordination und Kommunikation in Open-Source-Projekten. Yn: Robert A. Gehring, Bernd Lutterbeck (Hrsg.): Open Source Jahrbuch 2004. Zwischen Softwareentwicklung und Gesellschaftsmodell. Lehmanns Media, Berlyn 2004, ISBN 3-936427-78-X. (online; PDF; 182 kB)
  1. Matthias Ettrich: New Project: Kool Desktop Environment (KDE)., de.comp.os.linux.misc
  2. Matthias Ettrich erhält Verdienstorden der Bundesrepublik Deutschland, berlin.de