Maud fan Bruce (suster fan Robert I)

Maud fan Bruce (Ingelsk: Maud Bruce; folút: Matilde fan Bruce, Ingelsk: Mathilda Bruce, Normandysk-Frânsk: Mathilde de Brus; Kastiel fan Turnberry (Skotlân), ±1287Fearn (Skotlân), nei septimber 1323) wie in Skotsk ealfrouwe dy't oan heitekant ek fan Normandysk en Iersk etnysk komôf wie.

Matilde ('Maud') fan Bruce
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum ±1287
berteplak Kastiel fan Turnberry (Skotlân)
stjerdatum nei sept. 1323
stjerplak Fearn (Skotlân)
dynasty Hûs Bruce
etnisiteit Normandysk
Skotsk
Iersk

Libben bewurkje seksje

Hja wie in dochter fan Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, en dy syn frou Marjorie, grevinne fan Carrick. Maud wie de jongste suster fan kening Robert I fan Skotlân, dy't yn 1306, ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin Ingelân, op 'e troan kaam.

Oer Maud fan Bruce is fierders net safolle oerlevere. Se kaam omtrint 1287 yn Carrick te wrâld, wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry, dat de residinsje fan 'e greven fan Carrick wie. Har folute namme wie 'Matilde', hoewol't se yn guon boarnen fan 'Marjorie' neamd wurdt. Se troude yn 1308 op 'e Orkney-eilannen mei de Hugo, greve fan Ross. Mei him krige se teminsten trije bern:

Maud ferstoar yn it Skotske Fearn, koart nei septimber 1323, yn 'e âlderdom fan omtrint 36 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: