Mauretania Caesariensis

Mauretania Caesariensis wie sûnt 44 n.Kr. in Romeinske provinsje. It wie it eastlike part fan it âlde keninkryk Mauretaanje dat foar in grut part oerienkomst mei it noarden fan it hjoeddeiske Algerije. Haadstêd fan de provinsje wie Cherchell

Lizzing yn it Romeinske Ryk
Mauretania Caesariensis

Yn de boargeroarloch tusken Julius Caesar en Pompejus joegen de Mauretaanske keningen Bochus II en Bogud harren stipe oan Julius Caesar.
Yn de jierren tritich foar de jiertelling waard it gebiet ûnderhearrich makke troch Rome. De lêste kening fan Mauretaanje Ptolemaeus fan Mauretaanje, waard yn 40 n.Kr. op befel fan de Romeinske kening Kaligula eksekutearre. De befolking kaam doe massaal yn opstân tsjin de Romeinen. De opfolger fan Kaligula, Klaudius, slagge it earst yn 44 de opstân del te slaan en foege it gebiet by it Romeinske ryk. It ferovere gebiet waard yn twa provinsjes opdield, mei de Mulucharivier (Muluya) (ûngefear 60 km bewesten de hjoeddeiske stêd Oran) as grins. Bewesten de rivier lei Mauretania Tingitana, beëasten Mauretania Caesariensis, dat sels yn it easten oan de provincia Numidia grinze.