Max Hans van Weezel (Amsterdam, 9 july 1951 - dêre, 11 april 2019) wie in Nederlânsk sjoernalist en politikolooch. Hy wie polityk kommintator by it opinyblêd Vrij Nederland.

Max van Weezel
Max van Weezel (rj.) mei kollega Thijs Niemantsverdriet
Max van Weezel (rj.) mei kollega Thijs Niemantsverdriet
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 9 july 1951
berteplak Amsterdam
stoarn 11 april 2019
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
berop/amt Sjoernalist, kommintator
jierren aktyf 1976-2019
reden
  bekendheid
Met het Oog op Morgen, Argos,
Vrij Nederland

Libben en wurk bewurkje seksje

 
Max van Weezel en Anet Bleich, 1979

Van Weezel is ien fan de twa soannen fan Carry Blitz en Richard van Weezel. Yn 1969 die er eineksamen op it Stedsgymnasium Leien en studearre dêrnei politike en sosjale wittenskippen oan de Universiteit fan Amsterdam. Van Weezel wie aktyf yn de ASVA, de Algemene Studentenvereniging Amsterdam; ûnder oare as sekretaris ûnderwiis.

Sjoernalist bewurkje seksje

Tusken 1972 en 1976 wie Van Weezel lid fan de CPN. Yn 'e mande mei syn frou, de sjoernaliste Anet Bleich, skreau er it boek Ga dan zelf naar Siberië! (1978).

Yn 1976 waard er sjoernalist by Vrij Nederland. Hy skreau ynearsten de rabbelerijrubryk Het Wereldje. Yn 1981 waard er dêr polityk redakteur. Dat bleau er oant 1998; doe waard er sjef opinyside fan dat wykblêd. Yn 2000 waard er adjunkt-haadredakteur fan Vrij Nederland en yn 2004 fêste polityk kommintator. Dêrnjonken wie er fan 2007 oant 2011 foarsitter fan it Ynternasjonaal Perssintrum Nieuwspoort. Hy wûn de Anne Vondelingpriis twa kear, yn 1983 mei Joop van Tijn en yn 1994 mei sjoernalist Leonard Ornstein. Yn maart 2019 waard de Frans Banninck Cocq Peinje fan de gemeente Amsterdam oan him takend.

Sûnt 1995 wie Van Weezel presintator fan it Radio 1-programma Met het Oog op Morgen; dat die er op 16 maart 2019 foar it lêst. Ek presintearre er Argos. Earder presintearre er by de VARA de radioprogramma's Spijkers met koppen mei Jack Spijkerman en In de Rooie haan, by de VPRO Het Gebouw en by de NOS it sjoernaal op Radio 1. Teffens die er geregeld tf-ynterviews op de stjoerder Het Gesprek. Fan febrewaris 2017 oant 22 maart 2019 makke er yn 'e mande mei Joost Vullings alle wiken de podcast De stemming van Vullings en van Weezel.

Max van Weezel stoar yn de âldens fan 67 jier oan de gefolgen fan alfleisklierkanker.

Famylje bewurkje seksje

Van Weezel hat in Joadske eftergrûn. Hy wie troud mei sjoernaliste Anet Bleich. Sy hawwe dochter, Natascha van Weezel, dy't filmmakker en skriuwster is.

Publikaasjes (in kar) bewurkje seksje

Keppelingen om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: