Maxim (tydskrift)

Maxim is in ynternasjonaal tydskrift foar manlju, dat benammen bekendstiet om syn sensuële (mar net neaken) fotoreportaazjes fan bekende froulju, lykas aktrises, sjongsters en modellen. Ek trêdet it blêd op 'e foargrûn troch sûnt 2000 elts jier in list fan 'e hûndert meast seksy froulju fan 'e wrâld gear te stallen. Maxim is in moanneblêd dat tolve kear jiers ferskynd, al wiene der fan 2010 oant 2012 mar tsien edysjes jiers. Yn 2013 hie de Ingelsktalige edysje in oplaach fan 2 miljoen eksimplaren (in tebekgong fanôf 2,5 miljoen op it hichtepunt).

Maxim
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk (oarspronklike edysje)
sjenre manljusblêd
frekwinsje 1x yn 'e moanne
bestean 1995 – no
plak haadred. New York (New York)
útjouwer Alpha Media Group
oplaach 2 miljoen (2013)
ISSN 1092-9789
offisjele webside
www.maxim.com

Skiednis bewurkje seksje

Maxim waard oarspronklik yn 1995 yn in Britske edysje oprjochte en útjûn troch Dennis Publishing út Londen. Fanôf 1998 ferskynde der ek in Amerikaanske Ingelsktalige edysje by de Alpha Media Group út New York. Dêrnjonken waard it blêd yn ferskate oare lannen yn oare talen útbrocht, wêrûnder fanôf 1999 yn it Nederlânsk yn sawol Nederlân as Flaanderen.

De Nederlânsktalige Maxim waard yn 't earstoan troch Maxi Magazines publisearre, en wie doe tige súksesfol. Letter waard de útjefte oernommen troch Sanoma, dat syn doelstellings oangeande dizze oankeap net reälisearje koe. Sadwaande waard de Nederlânsktalige Maxim yn 2006 opdoekt. De Britske edysje waard foar it lêst útbrocht yn 2009. De Amerikaanske edysje docht it lykwols noch frij goed, en sette yn 2005 útein mei in eigen radiostjoerder, Maxim Radio. Fierders wiene der ek plannen om in eigen kasino yn Las Vegas te bouwen, mar dat rûn op 'e non nei ferset troch de besteande kasino's.

Lannen dêr't Maxim útjûn wurdt of waard bewurkje seksje

Bekende froulju dy't posearre hawwe foar Maxim bewurkje seksje

1e plak yn 'e Maxim Top 100 Meast Seksy Froulju fan 'e Wrâld bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.