Maximilien Vegelin van Claerbergen

Jhr. mr. Maximilien Vegelin van Claerbergen (Roquebrune-Cap-Martin, 17 augustus 1927Zeist, 11 april 2011) wie in Nederlânsk diplomaat.

Maximilien Vegelin van Claerbergen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jhr. mr. Maximilien Vegelin van Claerbergen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 augustus 1927
berteplak Roquebrune-Cap-Martin
stoarn 11 april 2011
stjerplak Zeist
wurkpaad
berop/amt Diplomaat

Biografy bewurkje seksje

Vegelin wie in telch út de famylje Vegelin van Claerbergen en in soan fan jhr. Pieter Benjamin Johan Vegelin van Claerbergen (1888-1966) en Catherine Louise Antoinette Maximilienne van Hangest barones d’Yvoy (1895-1986), lid fan de famylje Van Hangest d'Yvoy. Nei harren skieding yn 1964 troude hy yn 1990 mei Eudia Beatrix Pierson (1941), lid fan de famylje Pierson, en krige mei har in dochter en in soan: jhr. dr. Ernst Vegelin van Claerbergen (1969).

Vegelin studearre rjochten en begûn syn diplomatike wurkpaad as gesantskipsattasjee yn Dublin (1955-1956). Hy beklaaide dêrnei noch ferskillende oare posten, ûnder oare as earste ambassadesiktaris yn Parys (1962-1965) alear't er yn 1966 ambassadeur waard yn Karachy. Fan 1971 oant 1973 wie hy ambassaderied yn Brussel en yn 1974 folmachtige minister dêr. Yn 1980 en 1981, dus yn de tiid fan de sersjantekûp yn 1980, wie hy ambassadeur yn Suriname. Dêrnei wurke Vegelin van Claerbergen fan 1982 oant 1984 op it Haachskse ministearje en dêrnei ambassadeur yn Parys (1985-1989). Hy einige syn karriêre as ambassadeur yn Lissabon (1990-1992).

Vegelin wie oprjochter fan Biblionef en waard beneamd ta kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederland's Adelsboek 96 (2011), s. 74-75.