De Mdewakanton (Ingelsk: Mdewakanton, útspr.: [m'de:wɑkæntən]; Dakota: Bdewákhathuŋwaŋ, útspr.: [bde'wa:kʰatʰũwã]) binne ien fan 'e sân tradisjonele stammen fan 'e -Yndianen fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Mei trije fan 'e oare seis stammen, te witten de Sisseton, de Wahpekûte en de Wahpeton, foarmje se Eastlike Dakota, ien fan 'e trije grutte etnysk-linguïstyske haadgroepen fan 'e Sû. It histoaryske thúslân fan 'e Mdewakanton, wa har namme oft letterlik "Doarp oan 'e Geastemar" betsjut, wie de krite om 'e Mille Lacs-mar hinne, yn 'e midden fan wat no de Amerikaanske steat Minnesota is. Hja binne it naust besibbe oan 'e Wahpekûte ("Bôgesjitters mank de Beammen"), mei wa't hja de Noardlike Ried fan 'e Eastlike Dakota foarmje.

Skiednis bewurkje seksje

It is oannimlik dat de Mdewakanton mei de rest fan 'e Eastlike Dakota yn in prehistoarysk ferline yn it súdeasten fan 'e Feriene Steaten wennen, wêrnei't se meitiid fia Ohio nei Wiskonsin en eastlik Minnesota teagen. Dat wie wêr't se libben doe't se healwei de santjinde iuw foar it earst kontakt hiene mei blanke ûntdekkingsreizgers. Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw waarden de Mdewakanton mei de rest fan 'e Eastlike Dakota troch de opkringende Odjibwe (Ojibwe) út Wiskonsin ferdreaun en djipper Minnesota yn jage. Dat late letter ta in tige lukratyf hantsjebakken mei de Amerikaanske oerheid, wêrby't de Mdewakanton yn 1837 hast in miljoen dollar barden foar harren lân yn westlik Wiskonsin. Mar mei't se dêr feitlik al lang wei ferdreaun wiene, waarden se dus betelle foar lân dat harres net mear wie.

Histoarysk sjoen makken de Mdewakanton diel út fan 'e Očhéthi Šakówiŋ (útspr.: [o'tʃʰe:tʰi ʃa'ko:wĩ]), wat "Sân Riedsfjurren" betsjut en wat yn 'e regel oerset wurdt as de Grutte Sû Naasje. Dêrby stie elts fjoer symboal foar in oyáte ("folk" of "naasje"), d.w.s. ien fan 'e tradisjonele stammen, wêrfan't de Eastlike Dakota der fjouwer hiene, de Westlike Dakota twa en de Lakota mar ien. Oant de Dakota-Oarloch fan 1862, feitliks mear in opstân as in oarloch, dy't bloedich delslein waard troch de Amerikanen, wiene de Mdewakanton de liedende stamme fan 'e Sân Riedsfjurren. Neitiid rekken se fersille en ferearmoede, en waarden de Titon (of Lakota) de wichtichste stamme.

Hjoed de dei bewurkje seksje

Hjoed de dei libje de Mdewakanton benammen yn 'e Yndianereservaten fan 'e Amerikaanske steaten Súd-Dakota en Nebraska, dêr't se middenmank oare Eastlike Dakota en ek Westlike Dakota tahâlde. Ek yn 'e Kanadeeske provinsjes Manitoba en Saskatchewan libje ferskate groepen Mdewakanton. Yn Minnesota binne mar lytse groepkes fan harren mear oer, dy't dêr yn fjouwer petiterich lytse reservaatsjes libje. Dêropta bestiet de Mille Lacs Troep fan Odjibwe (Mille Lacs Band of Ojibwe) foar in oansjenlik diel út lju fan Mdewakanton-komôf, al identifisearje dy har tsjintwurdich as Odjibwe. De iennichste stamme sûnder federale erkenning is tagelyk ek de iennichste Sû-stamme dy't útslutend út Mdewakanton bestiet, nammentlik de lytse Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (Mendota Mdewakanton Sioux Community), mei syn haadkertier yn Mendota en in ledetal fan 250.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota