Meartal (ôfkoarte as mt.), mearfâld of pluralis (út it Latyn) is in begryp út 'e grammatika wêrby't in utering fan taal yn ferskate eksimplaren foarkomt. Meartal is nei inkeltal de meast algemien foarkommende foarm fan it taalkundige getal. Om't dingen yn 'e measte talen útdrukt wurde troch it gebrûk fan haadwurden, is it meartal in ferskynsel dat yn it foarste plak yn 'e foarm en/of betsjutting fan sokke haadwurden ta útdrukking komt. Yn it Frysk binne haadwurden as 'minsken', 'doarpen' en 'radio's' bgl. yn it meartal steld.

Dêrnjonken wurde meartalsfoarmen ek oantroffen yn wurden dy't har nei sa'n haadwurd rjochtsje (eigenskipswurden: 'de moaie doarpen') en yn wurden dy't yn it plak fan it haadwurd komme (foarnamwurden: 'jimme sitte dêr'). Sadwaande wurde hiele sinsdielen yn it meartal ferbûgd as it byhearrende haadwurd in meartalsfoarm hat. Dat ferskynsel, dat yn grut tal talen foarkomt, hjit oerienkomst yn getal, en it uteret him benammen yn 'e ferbûging fan tiidwurden ('de stjerren binne moai').

Lykwols kenne net alle talen it taalkundige getal, en kin dus net oeral fan meartal sprutsen wurde. De measte talen dy't it taalkundich getal wól hawwe, omfetsje, lykas it Frysk, allinnich meartal en inkeltal. Dêrby is it inkeltal de ûnmarkearre oftewol de 'gewoane' foarm, en is it meartal in ferbûging fan it inkeltal. Guon talen hawwe njonken dizze beide foarmen noch it dûbeltal en/of ferskate mear omstriden getalsfoarmen.

Yn it Frysk wurdt by haadwurden de meartalsfoarm yn 'e regel werjûn troch de tafoeging fan in suffiks of efterheaksel. De meast foarkommende dêrfan binne -en en -s of -'s:

  • ien hûn – twa hûnen
  • ien kafee – twa kafees
  • ien radio – twa radio's

Yn lienwurden út bûtenlânske talen komme noch ferskate oare foarmen foar, lykas as:

  • ien politikus – twa politisy
  • ien basis – twa bases

Dit binne yn prinsipe allegear regelmjittige meartalsfoarmen, mei't der in systeem yn sit. Sa krije alle haadwurden dy't einigje op '-kus' de meartalfoarm op '-sy', en alle haadwurden dy't einige op '-sis' de foarm op '-ses'. Dêrnjonken binne der lykwols ek guon ûnregelmjittige meartalsfoarmen, lykas:

  • ien bern – twa bern
  • ien skiep – twa skiep
  • ien ko – twa kij

Yn it Frysk en oanbesibbe talen hawwe persoanlike foarnamwurden en tiidwurden yn 'e meartalsfoarm trije persoanen:

Ek de hoflikheidsfoarm ('jo') is yn it Frysk yn 'e meartalsfoarm steld ('jo leare' – 'jo learden'), krekt sa't dat yn it Dútsk it gefal is (Sie lernen – Sie lernten). Yn it Nederlânsk, lykwols, is de hoflikheidsfoarm yn it inkeltal (u leert – u leerde). In spesjale meartalfoarm is it keninklik meartal (pluraris majestatis), it gebrûk dat in regearjend monarch nei him of harsels ferwiist mei de earste persoan meartal ('wy') ynstee fan mei de earste persoan inkeltal ('ik'). Oare bysûndere meartalfoarmen binne it beskiedenheidsmeartal (pluralis modestiae), en de plurale tantum, in wurd dat allinnich mar in meartalfoarm hat en gjin inkeltalsfoarm, lykas yn it Frysk 'bleuten', 'ynhouten', 'kilekanen', 'sânjes' en 'tilingen'.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.