Medysk Sintrum Ljouwert

sikehûs yn Ljouwert mei tal fan regionale funksjes

It Medysk Sintrum Ljouwert (Nederlânsk en offisjeel: Medisch Centrum Leeuwarden), ornaris ôfkoarte ta MCL, is in sikehûs yn Ljouwert.

Medysk Sintrum Ljouwert
Medisch Centrum Leeuwarden
  sikehûs
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
adres Henri Dunantwei 2
koördinaten 53°11′25″N 5°48′7″E
bysûnderheden
ôfkoarting MCL
type topklinysk sikehûs
streaming sekulier
bêden 653
wurknimmers >3.000
skiednis
oprjochting 1982
fuortk. út Sint-Bonifatius Hospitaal
Diakonessehûs
Triotel
gebou
namme gebou Medysk Sintrum Ljouwert
boujier 1971 (âlde Triotel)
1987 (nijbou)
boustyl modern
offisjele webside
www.mcl.nl
kaart
Medysk Sintrum Ljouwert (Ljouwert)
Medysk Sintrum Ljouwert
De lokaasje fan MCL yn Ljouwert.

Beskriuwing bewurkje seksje

It MCL leit yn it suden fan Ljouwert en hat 653 bêden. It is it grutste net-akademyske sikehûs fan Nederlân. It MCL hat in regionale funksje foar hiel Fryslân, hast alle gebrûklike spesjalismen yn 'e hûs en dêrnjonken in tal bysûndere spesjalismen en sintrums, lykas it Hertsintrum Fryslân, it Spatiersintrum Friesland en it Sintrum foar Obesitas Nederlân. It MCL wie yn 2004 ien fan de earste sikehuzen fan it lân mei spesjaal ynrjochte operaasjekeamers foar minimaal-ynvasive sirurgy, de saneamde endosuites. It MCL fersoarget yn 'e mande mei it UMCG opliedingen ta medysk spesjalist. It MCL hat in eigen opliedingsynstitút, de MCL Akademy.

 
Haadyngong MCL

Skiednis bewurkje seksje

It MCL is yn 1982 ûntstien út trije Ljouwerter sikehuzen:

Yn respektivelik 1987 en 2004 binne it MCL-midden en it MCL-Noard sluten. De namme MCL-Súd waard yn 2004 feroare yn MCL. It hjoeddeistige MCL waard yn 1987 boud en letter ferskate kearen útwreide. It MCL is no it grutste gebou fan Ljouwert. MCL Harns, it eardere Streeksikehûs Oranjeoard is sûnt 1995 ek ûnderdiel fan it MCL. Dit sikehûs koe allinnich bestean bliuwe as it fúzjearje soe.

Keppelings om utens bewurkje seksje