Meester Cornelis is de eardere namme fan Jatinegara (ek wol: Batinegara, Djatinegara, of Mester), in stedsdiel fan Jakarta.

Plattegrûn fan fort Meester Cornelis, om 1744

It stedsdiel waard ferneamd nei in Kalvinistyske Bandaneeske skoalmaster, predikant en lânbesitter út it tredde fearnspart fan de 17e iuw, master Cornelis fan Senen. Yn 1656 waard Fan Senen eigner fan in stik grûn fan sa'n fiif kante kilometer oan de rivier de Ciliwung, sa’n tolve kilometer súdeastlik fan it Kastiel Batavia. De grûn wie ornearre foar boskbou. Yn 1661 stoar Meester Cornelis, mar syn namme bleau ferbûn oan dit stik lân, dat noch hast trije iuwen "Meester Cornelis" hjitte soe.

Ofbylden bewurkje seksje

Berne yn Meester Cornelis bewurkje seksje

  • E. du Perron, op 2 novimber 1899, yn it diel Kampong Melajû.