Meindert De Jong (Wierum, 4 maart 1906Allegan, Michigan[1], 16 july 1991) wie in skriuwer fan berneboeken.

Meindert de Jong
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Meindert De Jong
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 4 maart 1906
berteplak Wierum
stoarn 16 july 1991
stjerplak Allegan flagge fan de Feriene Steaten
etnisiteit Frysk
wurk
taal Ingelsk
sjenre Berneboeken
jierren aktyf 1938 - 1986

De Jong emigrearde yn 1914 mei syn famylje nei de Feriene Steaten. Hy gie nei de kristlike skoalle en it Calvin College yn Grand Rapids, Michigan en studearre oan de universiteit fan Chicago, mar sûnder titel.

Hy hie ferskate beroppen yn de krisisjierren en op oantrunen fan in pleatslike bibletekaris begûn hy mei it skriuwen fan berneboeken. Syn earste boek wie The Big Goose and the Little White Duck en ferskynde yn 1938.

Hy skreau ferskate boeken eardat er yn de Twadde Wrâldoarloch it Amerikaanske leger yn gie en yn Sina legere waard. Nei de oarloch begûn er wer te skriuwen en wenne ferskate jierren yn Meksiko. Letter gie er in skoft nei Michigan. Nei him ta wenjen setten te hawwen yn Noard Karolina gie er werom nei Michigan foar de lêste jierren fan syn libben. Yllustrator Maurice Sendak wurke mei oan seis fan syn boeken.

Prizen bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: