Menno Huizinga (fotograaf)

Menno Huizinga (Nes (It Amelân), 28 oktober 1907Amsterdam, 14 septimber 1947) wie in Nederlânsk fotograaf; hy hearde yn jierren tritich ta de bekendste Nederlânske fakfotografen.

Menno Huizinga (fotograaf)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 28 oktober 1907
berteplak Nes
stoarn 14 septimber 1947
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
berop/amt Fotograaf
Foto fan Menno Huizinga. De Ortskommandantur oan it Lange Voorhout yn De Haach. Foto makke fanôf syn fyts, mei in Leica-kamera ferside stoppe yn in tsiiskistke.

Huizinga ûntjoech him yn de rin fan de besettingjierren fan in sekuer wurkjende bedriuwsfotograaf ta in yllegale reportaazjefotograaf, dy't hieltiten aktuele barrens fotografearre. Hy die oan ferskate soarten fotografy: stedsgesichten, strjitfotografy, architektuerfotografie, tabletop-fotografy, en reklamefotografy. Allinne de rige oer de honger foar it Plaatselijk Interkerkelijk Bureau 's-Gravenhage en Omstreken makke er yn opdracht. Huizinga makke teffens foto's op mikrofilm foar in fersetsgroep. De oarlochsnegativen fan Huizinga binne noch by syn libben oerdroegen oan it Nederlânsk Ynstitút foar Oarlochsdokumintaasje (NIOD) yn Amsterdam. Al syn oare wurk hat it Nederlânsk Fotomuseum op 'e noed.

Hy wurke yn 1926 yn Amsterdam, yn De Haach yn 1928, makke in stúdzjreis nei de Feriene Steaten fan Amearika yn 1929, wurke dêr by in lyts fotografysk atelier, The Hughes Company, besocht ek Baltimore (Maryland) en arbeide dêr by in grut bedriuw, Lucas Kanarian yn New York City.

Huizinga sette út ein mei in eigen studio foar bedriuwsfotografy; hy sleat dat atelier yn 1938 en fotografearre fan 1941 oant 1943 yn Amsterdam, Rotterdam, Gouda, Delft, Haarlim en Nijmegen foar de Nederlandsche Vereeniging voor Luchtbescherming en wie yn 1942 filmoperateur foar it Nederlandsche Roode Kruis. Hy makke opnamen fan de gefolgen fan de Dútske besetting yn De Haach, ûnder oare foar de fersetsgroep Packard, de Gemeente De Haach en it Plaatselijk Interkerkelijk Bureau 's Gravenhage en Omstreken. Yn 1945 ferhuze er nei Amsterdam en kaam yn tsjinst by it Lichtbeeldeninstituut.

Ut 1935 is in fotomontaazje foar in omslach foar it boek De Pantserkrant fan him bekend, útjûn by Nijgh en van Ditmar.

Literatuer bewurkje seksje

  • Fotografie in Nederland 1920-1940 (1979) Biografy s. 151 (NFM)
  • Kousbroek, Rudy: 66 Zelfportretten van Nederlandse Fotografen (1988) (NFM)
  • Geschiedenis van de Ned. Architectuurfotografie (1989) (NFM)
  • Leijerzapf, Ingeborg Th.: Het beslissende beeld (1991) (NFM)
  • Bool, F. & Hekking, V.: De illegale camera (1995) (NFM)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Leijerzapf e.o.1984 -, dl. 3 (Geschiedenis Nederlandse Fotografie, septimber 1984 ) (ûnder: Huizinga, Menno)