Mesopotaamje (Romeinske provinsje)

Mesopotamia wie in Romeinske provinsje dêr't it grûngebiet fan ûngefear oerienkaam mei it gebiet dat wy tsjintwurdich kenne as Mesopotaamje.

Skiednis bewurkje seksje

Om-ende-by 115 hearde Mesopotaamje by it ryk fan de Parten. Doe't de Partyske kening Osroes I lykwols de Exedares, de Romeinske fazalkening fan keninkryk Armeenje ôfsette en syn eigen neef Partamasiris op de Armeenske troan pleatste, luts de Romeinske keizer Trajanus mei syn leger Armeenje binnen. Hy oermastere Armeenje en meitsje der in Romeinske provinsje fan (114). Osroene weard no fazalsteat fan de Romeinen. .

Ferfolgens foel hy de Parten oan. Ein 115 hie der it noarden fan Mesopotaamje yn hannen; begjin 116 rjochte hy it gebiet yn as nije provinsje Mesopotaamje. Hy oermastere noch datselde jier Súd-Mesopotaamje op de Parten, en foege it ta oan de provinsje; beëasten fan de Tigris stifte hy Assyrje. Yn Partje sette hy Osroes ôf en beneamde de soan fan him Partamaspates as Romeinsk fazalkening.

Nei de dea fan Trajanus yn 117, ferdreau de Partyske befolking lykwols Partamaspates en waard Osroes wer kening fan de Parten. Trajanus' opfolger Hadrianus besleat yn 118 de Romeinske legers beëasten fan Eufraat werom te lutsen. Armeenje waard wer in fazalkeninkryk fan de Romeinen en Mesopotaamje hearde wer by it Partyske Ryk.