Michael Whelan (yllustrator)

Michael Whelan (Culver City (Kalifornje), 29 juny 1950) is in Amerikaansk boekbânûntwerper, yllustrator en keunstskilder fan etnysk Iersk komôf. Hy hat oer in perioade fan mear as tritich jier withoefolle omslaggen fan boeken en muzykalbums fan yllustraasjes foarsjoen. Dêrby leit Whelan him benammen ta op omslaggen fan boeken dy't ta de literêre sjenres fan 'e fantasy en de science fiction hearre. Hy hat mei syn wurk mar leafst 15 Hugo Awards, 30 Locus Awards, 3 World Fantasy Awards en 12 Chesley Awards wûn. Yn 2009 waard er as earste libbene keunstner ea opnommen yn 'e Science Fiction Hall of Fame.

Michael Whelan (yllustrator)
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michael Whelan
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 29 juny 1950
berteplak Culver City (Kalifornje)
etnisiteit Iersk
wurkpaad
wurksum as boekbânûntwerper, yllustrator
jierren aktyf 1973 – no
prizen 15x Hugo Award
30x Locus Award
  3x World Fantasy Award
12x Chesley Award
offisjele webside
michaelwhelan.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Whelan waard yn 1950 berne yn Culver City, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles. Hy wie de soan fan William en Nancy Whelan, en fanwegen syn heite wurk yn 'e romtefeartyndustry ferhuze it gesin hast elts jier wol in kear. Sadwaande brocht Whelan syn jonkheid troch op ferskate lokaasjes oan 'e Kalifornyske kust, mar ek yn Kolorado en Nij-Meksiko, oer it algemien op bases fan 'e Amerikaanske Loftmacht. Doe't er foar it earst nei de middelbere skoalle gie, wenne it gesin yn Denver, mar tsjin 'e tiid dat er yn 1968 eksamen dwaan moast, wennen se alwer yn San Jose.

Neitiid studearre Whelan oan 'e Steatsuniversiteit fan San Jose mei as haadfaak biology. As bybaantsje wurke er dêr by de anatomy- en fysiologyfakulteit, dêr't er û.m. minsklike kadavers tariede moast op kolleezjes. Letter soed er sizze dat dy putsjes him in earstehâns kennis bybrocht hiene oangeande de minsklike anatomy. Whelan makke yn dy tiid anatomyske tekenings wêrfan't guon ferskynden yn The Journal of Bone and Joint Surgery, mar begûn him fanwegen de beheinde kreätive mooglikheiden al rillegau mei dat wurk te ferfelen. Likegoed murk er dêrtroch wol wêr't syn hert lei, en healwei syn earste jier feroare er fan haadfak om keunst te studearjen.

Karriêre bewurkje seksje

Nei't er yn 1973 mei in bachelorstitel yn 'e skiene keunsten ôfstudearre wie oan 'e Steatsuniversiteit fan San Jose, learde Whelan noch njoggen moanne troch oan it Art Center College of Design yn Pasadena. Yn 1974 eksposearre Whelan syn wurk op 'e Science Fiction-Wrâldkonvinsje (WSFC) yn Washington, D.C., dêr't it sjoen waard troch ferskate útjouwers, wêrûnder de Dútser Thomas Schlück, dy't in kontrakt mei Whelan oangie om syn keunstwurken te brûken foar guon Jeropeeske science fiction-publikaasjes. Mar it wie Donald A. Wollheim, fan 'e Amerikaanske útjouwerij DAW Books, dy't Whelan yn maaie 1975 syn earste profesjonele opdracht joech, te witten om 'e omslach en de titelplaat te ûntwerpen foar de fantasyroman The Enchantress of World's End, fan auteur Lin Carter.

Koarte tiid letter briek Whelan syn stúdzje oan it Art Center College of Design ôf om him foltiids ta te lizzen op in karriêre as boekbânûntwerper en yllustrator. Yn 1975 ferhuze er nei Konnetikut, om tichter by New York (stêd) te wêzen, dat it sintrum fan 'e Amerikaanske útjouwersbrâns is. Yn Konnetikut mette er Audrey Price, mei wa't er letter troude. Koart nei syn ferhuzing eksposearre Whelan in diel fan syn wurk op 'e Lunacon-konvinsje yn New York, dêr't it sjoen waard troch Harlan Ellison. Dyselde bewurkmastere neitiid Whelan syn earste opdracht foar in tydskrift, nammentlik om yllustraasjes te meitsen by Ellison syn eigen koart ferhaal Croatoan, dat publisearre waard yn it blêd Gallery. Fia de Lunacon-konvinsje kaam Whelan ek yn 'e kunde mei Neal Adams, dy't him datselde jiers noch holp om syn earste opdracht foar de útjouwerij Ace Books binnen te heljen. Yn totaal ûntwurp Whelan yn 1975 tsien boekomslaggen: acht foar DAW en twa foar Ace-werprintings fan it wurk fan Marion Zimmer Bradley.

 
De byltenis fan Michael Whelan yn 'e Science Fiction Hall of Fame.

Fanwegen de kwaliteit fan it wurk dat er levere, wist Whelan mei gauwens in reputaasje op te bouwen as in talintearre, fantasijryk en betrouber boekbânûntwerper. Njonken DAW en Ace wurke er ek in protte foar Del Rey Books. Sels beskôget Whelan de publikaasje fan Anne McCaffrey har bestseller The White Dragon mei in omslach fan sines, yn 1978, as syn grutte trochbraak. Uteinlik soed er ûnder syn karriêre de omslaggen fan mear as 350 boeken en tydskriften meitsje; ûnder dy boeken wie wurk fan Edgar Rice Burroughs, C.J. Cherryh, Robert A. Heinlein, H.P. Lovecraft, Michael Moorcock en Tad Williams. As er in opdracht krige, wie it Whelan syn wizânsje om it hiele boek teminsten ienris en faak twaris te lêzen, en dan it ûnderwerp liedend te meitsjen yn 'e oanpak fan syn ûntwerp. Dat dy wurkwize fertuten die, bewiisden de loovjende wurden fan 'e auteurs fan 'e oangeande boeken.

Njonken de omslaggen fan boeken en tydskriften ûntwurp Whelan ek omslaggen foar muzykalbums, lykas Bat Out of Hell II: Back in Hell, fan 'e sjonger Meat Loaf. Letter makke er ek omslaggen foar albums fan Sepultura, Soulfly, Obituary, Cirith Ungol en Michael Jackson. Begjin jierren njoggentich begûn Whelan, dy't dêr tsjin dy tiid ek finansjeel it frij ta hie, him mear ta te lizzen op persoanlike keunstwurken en skilderijen dy't bedoeld binne om tentoansteld te wurden yn keunstgalleryen. Fan 'e midden fan 'e njoggentiger jierren ôf begûn er sokke keunstwurken ek fia syn eigen webside te ferkeapjen.

Yn 1997 hold waard der yn Orleans, yn Massachusetts, foar it earst in eksposysje organisearre dy't útslutend oan it wurk fan Whelan wijd wie. It súkses dêrfan late ta in twadde, soartgelikense tentoanstelling yn 1999 en ta it ophâlden fan Whelan fan it meitsjen fan omslachûntwerpen. Nettsjinsteande dat hat er nei 2000 by útsûndering noch ferskate omslaggen foar fantasyromans makke, foar ferskate boeken fan Stephen King en foar it lêste diel fan 'e Wheel of Time-rige fan Robert Jordan.

Whelan syn karriêre is bekroand mei in grut tal prizen, wêrûnder mar leafst 15 Hugo Awards, de heechste Amerikaanske priis op it mêd fan science fiction en fantasy. Hy wûn de Hugo Award 13 kear yn 'e kategory bêste profesjonele omslachkeunstner (1980-1986, 1988, 1989, 1991, 1992, 2000 en 2002), 1 kear yn 'e kategory bêste orizjinele omslachkeunst (1992, foar The Summer Queen), 1 kear foar bêste non-fiksjeboek (1988, foar Michael Whelan's Works of Wonder) en dêropta waard him yn 1992 in 'SuperHugo' takend foar 'bêste omslachkeunstner fan de lêste 50 jier' (net erkend as in offisjele Hugo). Fierders wûn Whelan net minder as 30 kear de Locus Award yn 'e kategory bêste profesjonele omslachkeunstner en krige er 12 kear in Chesley Award fan 'e Association of Science Fiction and Fantasy Artists (ASFA). Teffens wûn er yn 'e kategory bêste omslachkeunstner 3 kear de World Fantasy Award (1981, 1982 en 1983); trije kear is it maksimumoantal kearen dat World Fantasy Awards oan ien en deselde persoan takend wurde kinne. Yn 2009 waard er as earste libbene keunstner ea opnommen yn 'e Science Fiction Hall of Fame.

Publikaasjes bewurkje seksje

  • 1978 – Sorcerers – A Collection of Fantasy Art (red. Bruce Jones en Armand Eisen)
  • 1978 – Tomorrow And Beyond – Masterpieces of Science Fiction Art (red. Ian Summers)
  • 1979 – Wonderworks: Science Fiction and Fantasy Art
  • 1988 – Michael Whelan's Works of Wonder
  • 1988 – The Biographical Dictionary of SF & Fantasy Artists (red. Robert Weinberg)
  • 1993 – The Art of Michael Whelan: Scenes/Visions
  • 1994 – SPECTRUM – The Best in Contemporary Fantastic Art (red. Cathy Fenner en Arnie Fenner)
  • 1997 – Infinite Worlds: The Fantastic Visions of Science Fiction Art (skreaun troch Vincent Di Fate)
  • 1997 – Something in My Eye (skreaun troch Mark V. Ziesling)
  • 1999 – The Frank Collection (red. Jane Frank en Howard Frank)
  • 2003 – The Chesley Awards – A Retrospective (skreaun troch John Grant, Elizabeth Humphrey en Pamela D. Scoville)
  • 2008 – SPECTRUM 15 – The Best in Contemporary Fantastic Art (red. Cathy Fenner en Arnie Fenner)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.