Michiel Hylkes Tromp

Michiel Hylkes Tromp (Ypekolsgea, 24 oktober 1824 - Ljouwert, 29 jannewaris 1915) wie boargemaster fan Wymbritseradiel.

Tromp (1866)
Portret troch Johannes Hinderikus Egenberger

Tromp wie in soan fan boer Hylke Michiels Tromp en Trijntje Aukes Douma. Hy waard keapman en winkelman yn Wâldsein. Yn de jierren 1850 waard er lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Fan 1864 ôf wie er kommissaris fan Wâldsein Fersekeringen. Hy wie ek in skoft gemeenteriedslid en waard yn 1881 beneamd as boargemaster fan Wymbritseradiel. Fierders wie er noch dykgraaf en doe hat er in soad dien om de diken te ferbetterjen. Yn 1906 waard him as boargemaster earfol ûntslach ferliend. Hy waard opfolge troch syn soan Hylke Michiel Tromp.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Tromp, Miechiel Hylkes.