De Midrash, yn it Hebriuwsk: מדרש, Midraš, is de namme fan in samling preken fan joadske wizen út it iere rabbynske tiidrek (likernôch de twadde iuw f.Kr. oant de twadde iuw n.Kr.), dêr't passaazjes út 'e Tenach, de joadske Bibel yn útlein wurde. Mei de Midrash wurde lykwols net inkeld bibelferhalen ferklearre en ynterpretearre yn it ramt fan religieuze, wetlike of morele geboaden, mar teffens wurdt dermei besocht om gatten en leechtes yn en tusken de bibelske fertellings op te foljen. Yn dat opsjoch is de Midrash dus mear in oanfolling op 'e Bibel as fan in ienfâldich besprek derfan.

Midrash
algemiene gegevens
oarspr. titel מדרש ("Midraš")
auteur ferskaat
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 2e iuw f.Kr.2e iuw n.Kr.

De Midrash is oarspronklik ûntstien mei as doel om swierrichheden op it mêd fan 'e ynterpretaasje fan drege bibelpassaazjes op te lossen troch gebrûk fan 'e rabbynske prinsipes fan bibelferklearring en filology, om se sa op ien line te bringen mei de religieuze en etyske wearden dy't útdroegen waarden troch de joadske skriftlearden. Dy metoade waard meitiid útwreide om 'e mûnlinge oerlevering fan it joadske leauwe fan bibelske grûnslach te foarsjen. Hoewol't de Midrash bûten it joadendom ornaris as ien inkelde samling beskôge wurdt, meitsje de joaden sels ûnderskie tusken ferskillende midrashim, dy't mei-inoar dé Midrash foarmje.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.