Midwolde (Grinslânsk: Midwolle) is in doarp yn de Grinslânske gemeente Westerkertier. Yn 2019 hiene Midwolde en it bûtengebiet fan it doarp 390 ynwenners.[1]

De tsjerke fan Midwolde yn 2007
In part fan it prielgrêf fan C.H. von Inn- und Kniphausen yn de tsjerke fan Midwolde (2006)

Beskriuwing bewurkje seksje

Midwolde leit in pear kilometer noardeastlik fan it doarp De Like op in deksânrêch, dy't fan west nei east troch it Westerkertier rint en wêrop ûnder oaren ek Mearum, Tolbert en Lettelbert lizze.

Midwolde moat net betize wurde mei Midwolda, dat yn it easten fan de provinsje Grinslân yn de gemeente Scheemda leit en dat in stik grutter is.

Tsjerke bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Midwolde.

Midwolde is foaral bekend om syn tsjerke, wêrfan it skip út de tolfde iuw datearret. De tsjerke wie yn it ferline altyd ferbûn mei it wat súdliker lizzende lângoed Nienoard, wêrfan aardich wat bewenners yn it gebou begroeven binne. It barokke prielgrêf fan ien fan harren, Carel Hieronymus von Inn- und Kniphausen (1631-1664), wurdt beskôge as ien fan de haadwurken fan de Flaamsk-Hollânske byldhouwer Rombout Verhulst (1624-1698). In brânskildere rút yn de tsjerke werinnert oan in ûngelok yn 1907 wêrby't de famylje Van Panhuys, de doetiidske eigners fan Nienoord, yn it Hoendjip ferdronken is.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. CBS.nl, Kerncijfers wijken en buurten 2019