Ministearje fan Definsje (Nederlân)

It Nederlânske ministearje fan Definsje, ôfkoarte ta Def, is ferantwurdlik foar it beskermjen fan Nederlân en de oerseeske gebietsdielen en foar de dêr ta beskikbere personele, finansjele en materiële middels. It ministearje wurdt laat troch de minister fan Definsje. Definsje hie yn 2014 likernôch 47.000 meiwurkers en is dêrmei ien fan 'e gruttere wurkjouwers yn Nederlân.

Ministearje fan Definsje
Def
Ministearje fan Definsje (Nederlân)
De yngong fan it ministearje oan Plein 4 yn De Haach.
De yngong fan it ministearje oan Plein 4 yn De Haach.
algemien
lân flagge fan Nederlân Nederlân
adres Plein 4, De Haach
skiednis
oprjochting 1928
funksjehâlders
minister Kajsa Ollongren
steatssekretaris Christophe van der Maat
sekretaris-generaal Maarten Schurink
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-defensie

Politike lieding bewurkje seksje

Alle politike ferantwurdlikens lizze by de minister. Sûnt 5 novimber 2012, doe't it kabinet-Rutte II beëdige waard, waard dat Jeanine Hennis-Plasschaert (VVD). Hja wie de earste froulike minister fan Definsje fan Nederlân. Sûnt it kabinet-Rutte III foarme waard, waard Ank Bijleveld (CDA) minister en Barbara Visser (VVD) steatssikretaris.

Sûnt it kabinet-Rutte IV is Kajsa Ollongren (D66) minister fan Definsje en Christophe van der Maat (VVD) steatssekretaris.

Keppeling om utens bewurkje seksje