Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat

It Nederlânske ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, ôfkoarte ta I&W (Infrastructuur en Waterstaat), is in ministearje dat ûnder it kabinet-Rutte I ûntstie ûnder de namme "Ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu" (Infrastructuur en Milieu) troch in fúzje fan 'e eardere ministearjes fan Ferkear en Wettersteat en Folkshúsfêsting, Romtlike Oardening en Miljeubehear. Nei it foarmjen fan it kabinet-Rutte III krige it de hjoeddeiske namme.

Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat
I&W
Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
algemien
lân flagge fan Nederlân Nederlân
adres Plesmanwei 1-6, De Haach
skiednis
oprjochting 14 oktober 2010
funksjehâlders
minister Mark Harbers
steatssekretaris Vivianne Heijnen
sekretaris-generaal Jan Hendrik Dronkers
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-infrastructuur-en-waterstaat

Politike lieding bewurkje seksje

Yn it kabinet-Rutte III wiene Cora van Nieuwenhuizen (VVD) en Barbara Visser (VVD) de ministers fan Ynfrastruktuer en Miljeu. Hja hâldt har dwaande mei Wegenynfrastruktuer, Wetter, Skipfeart, Loftfeart, Iepebier ferfier en spoar.
De steatssikretarissen foar Miljeu en Wenjen wiene Stientje van Veldhoven (D66) en Steven van Weyenberg (D66) en wurket oan Miljeu (útsein Klimaat), Sirkulêre ekonomy, Duorsum ferfier, ferkearsmisjes en brânje, Boaiem, Fytsbelied, KNMI, Autoriteit Nukleêre Feiligens en Stralingsbeskerming en Planburo foar de Libbensomjouwing.

Yn it kabinet-Rutte IV is Mark Harbers (VVD) de minister en Vivianne Heijnen (CDA) de steatssikretaris.

Keppeling om utens bewurkje seksje