Minne Bakker (Snits, 19 juny 1816 - Snits, 25 febrewaris 1877) wie in Nederlânsk boargemaster.

Bakker wie in soan fan Jan Minnes Bakker, ûntfanger, en Aaltje Joustra. De famylje ferhuze nei syn berte nei Haarlim. Bakker studearre rjochten. Yn 1838 gie er werom nei Snits dêr't er abbekaat waard. Hy waard dêr letter ek plakferfangend rjochter. Hy sluet him oan by de pleatslike Meniste gemeente.[1] Yn 1839 troude er yn Eelde mei Eskelina Hesselink (1820-1856), dy't krekt as him yn Snits berne wie, mar har jeugd trochbrocht op lângoed De Braak ûnder Paterswolde.

Yn 1853 waard Bakker boargemaster fan Wymbritseradiel. Hy soe dat bliuwe oant syn ferstjerren yn 1877 ta.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Trompetter, C. (2007) Eén grote familie: doopsgezinde elites in de Friese Zuidwesthoek 1600-1850 Hilfertsom: Utjouwerij Verloren.